Thus
Organisaasje
Wedstrydagenda
Utslaggen
Fotos
Skiednis
Ynformaasje
Stipers
Keatskanon
Archyf 2010
Archyf 2011
Archyf 2012
Archyf 2013
Archyf 2014
Archyf 2015

Thus

KEATSBLOKJES (16)
  • Yn it ferslach fan de Altenburg Partij stiet dat de foto's en útslach yn it foto-album steane. Troch in technysk mankement slagget it net om alle foto's op de site te krijen, technyk..... Op de Facebook pagina fan de keatsferiening bin de foto's wol te sjen.
  • Ferlyne wike freed wie it federaasjekeatsen yn Goaiingea. Wieke Schaap wûn hjir har earste pryske by de federaasje, de twadde. Lokwinske Wieke!

              IMG_2439_1.JPG

  • It wie ek it wykein fan it jubileum fan de KNKB. Durk Bootsma hat hjir by de pupille-jonges de 1e priis wûn! Dêr hjeart in stoere foto by!

             IMG_2452_2.JPG


ALTENBURG PARTIJ

En doe wie it al wer tiid foar de jierlikse Altenburg Partij! It waar (al wer) prachtich, de dielname goed en it sin fan de keatsers en keatsters net minder goed!

De senioaren koene moai yn twa klassen keatse, mei sawol yn de A- as yn de B-klasse 4 partoer. Yn de B-klasse gong de striid om priis en preemje nei trije partijen tusken Klaas Bransma c.s. (mei Ruerd Andringa en Jan S. Altenburg) en Trudie Hoekstra c.s. (mei Siebrig Poelsma en Helga Gerbrandy). It wiene de lêsten dy't IEN EARST mear hiene as Brandsma c.s. en dus de krânse krigen fan Bote. En dan te betinken dat Trudie eins noch mei de bern meikeatse moat...

By de matadoren fan de A-klasse pakten Titus Andringa, Herman TvS en Nieske Hoekstra in moaie twadde priis. Mar de hage wie foar de "technyske trochrammers" Jeffrey v/d Werf en Rein Altenburg, ûnder lieding fan kening Lodewijk Flapper de Fjirtjinde.

De krânsen by de bern wiene foar Rosan Wispelwey en Berber Postma (B-klasse) en Anne Bootsma mei Joop Altenburg (A-klasse). De oare priiswinners steane by de foto's yn it foto-album.

Famylje Altenburg: tige tank foar jim stipe oan dizze partij en Bote en Mieke: moai dat jim der wiene om de prizen út te rikken!

TUSKENSTÂN

Jim bin fansels tige benijd hoe de tuskenstân is by it kompetysjekeatsen! No, by dizze:

Kompetysje_page_001.jpg

Op- of oanmerkings en oar kommentaar kinne jim skriftlik maile nei de sekretaris (wiebetvs@hotmail.com).

KEATSBLOKJES (15)
  • Yn it foto-album binne noch foto's te finen dy't fotograaf Henk Bootsma makke hat by it federaasjekeatsen fan ferlyne wike. Se steane ûnder it kopke Fed Jeugd HB 260517.
  • Ôfrûne freed wie it federaasje keatsen yn Easterein. Jiska Altenburg wûn by de welpen famkes hjir har earste priiske, de twadde. Mei har maat Brecht Renema fan Heech. Wieke Schaap en Amber Goedbloed diene ek mei, dat is hardstikke moai! De jeugd moat der op'e tiid oan rûke, miskien reitsje se dan behept mei it keatsfirus.... Nije wike snein geane Wieke, Amber en Steffi sels te KNKB ôfdielingskeatsen yn Jirnsum!

2017_06_02_PHOTO_00001747.jpg

  • En dan de "never ending story" fan ús neo-Freule keatsers. Sy wiene juster foar it earst de provinsje yn foar in ôfdielingspartij, en wol yn Achlum. Bote, Jeffrey en Arjen ferdiegenen de kleuren fan ús feriening. It lot wie harren net echt goed sint, se moasten it drekt opnimme tsjin Baard, mei ûnder oaren Stefan v/d Meer (fan Thomas) en ien fan Klaas Hoogma (froeger fan Turns). De ballen rûnen de boys dochs noch wat te hurd yn't perk, hoewol't de opslach net sa raar gong. Se ferlearen spitich genôch mei in skjinne tillegraaf.... Niet getreurd! Oare kear mar wer besykje!

JOOSTEMA PARTIJ

Huh? Joostema Partij? Dy wie toch altyd folle letter yn it seisoen? Dat kloppet! Mar fanwege de oerfolle aginda en om mear dielnimmers te lûken, wie it juster al sa fier! En de dielname foel net ôf, 13 partoer by de manlju en 6 by de froulju. De finale by de froulju gong tusken skoandochter Petra Schaap en Hester van der Meer tsjin Sietske Poelsma-Merkus en Anna Metzlar. Lêst neamden hienen de guit al gau te pakken en pakten mei 5-2 en 6-4 de winst!

De hearen keatsers hiene in moaie list, mei partoeren dy't aardich oan en elkoar weage wiene. De lêste slach foel dan ek pas tsjin seizen. De finale yn de winnersronde gong tusken Evert Sijbesma, Gauke Zijlstra en Frans Poelsma tsjin Sybren Poelsma, Kees Galema en Tjalling Kruger. Earst neamden wiene goed yn foarm juster en lieten dat ek yn de finale sjen. Se wûnen mei 5-3 en 6-4. Oer de hiele dei hawwe se mar 7 earsten tsjin krigen, hjirby moat wol oantekene wurde dat se yn'e twadde omloop stean bleaunen, mar hawar, dochs in knappe prestaasje!

95.JPG

Sa as gewoanwei rikten Joost en Klaske de prizen út en wie der fansels ek in krânse foar Bart-Jan! Der is noch efkes lekker neisitten en Joost hat de houtkachel even best opstookt!

Sjoch foar mear foto's en de priiswinners yn it foto-album.

BOOTSMA PARTIJ

Noch mar krekt bekommen fan alle Federaasjestress, stie sneontemiddei de Bootsma Partij al wer op it programma. Krekt as ferlyne jier ek no wer mei de grutte bal. De bern keatsten krekt as altyd in listje, de grutten hiene trije kear in oare maat. Alle priiswinners steane by de foto's yn it album. Famylje Bootsma: tige tank foar jim ynspanningen en sponsoring!

IMG_2249.JPG
In Bootsma (Anne) yn'e prizen op de Bootsma Partij, altyd leuk! Tegeare mei Jochem.

FEDERAASJE JEUGD

Ôfrûne freed wie der de grutte Federaasje Partij foar de jeugd yn Reahûs en Turns. De welpen en pupillen keatsten yn Reahûs en de skoaljeugd en jonges/famkes yn Turns. It is in tige slagge dei wurden, mei de ûnmid=sbere ynset fan de Jeugdkommisje, de helpâlders en de minsken yn de hokjes. It wie wer best foar elkoar! Ús "eigen" jeugdleden dy't mei dienen hiene in topscore wat betreft it winnen fan prizen: 12 stiks!
Lokwinske Steffi, Amarins, Jan, Inez, Brecht, Hieke, Sigrid, Trudie, Tjerk, Pieter, Bote en Arjen!

Sjoch foar de foto's yn it foto-album.

IMG_4418.jpg
Arjen de earste priis mei syn maten Jacob Visser (l) en Klaas Jan Oosterbaan (r)

KEATSWYKEIN
  • It kommende wykein sit wer fol mei keatserij! Earst hawwe we kommende freed de jierlikse federaasjepartij foar de jeugd. De welpen en pupillen keatse yn Reahûs en de skoaljeugd en jonges/famkes yn Turns. Der dogge in stikmannich bern fan ús eigen feriening mei, dus komt dat sjen! It begjint om 13.00 oere.
  • REMINDER! De folgjende hulpâlders steane foar freed op papier: Yn Turns Haye/Petra, Fokko/Esther en Jan/Thea. Yn Reahûs Kees/Nicolette, Siebren/Marjan en Klaas/Wietske.
  • Sneon is de Bootsma Partij foar senioaren en jeugd yn Turns. De jeugd begjint om 14.30 oere en de grutten om 16.30 oere. Doch mei of komt te sjen!
keatsen_2017.JPG


KNKB ÔFDIELING SÚKSES!

It earste súkses by in KNKB partij ôfdieling is der ek al! En wol by de famkes pupillen juster yn Mantgum. Amarins Gerbrandy, Marieke Altenburg en Elbrich de Jager wûnen hiel knap de twadde priis. Yn de finale moesten se spitich genôch belies jaan tsjin Boalsert (5-1 6-4), wat gjin skande is! Hielendal net! Se hawwe bêst keatst! De earste omloop sloegen se Tsjom der ôf, 5-4 6-6, toen moest Eksmoarre der oan leauwe 5-3 6-0 en yn de tredde omloop gong it hielendal "van dik hout zaagt men planken": 5-0 6-2 tsjin Winsum! De finale winne wie krekt noch in brêge te fier, mar wa wit...

2017_05_21_PHOTO_00000085.jpg


KEATSBLOKJES (14)
  • Sa as al neamd waard yn it ferslachje fan de BPA Partij, wiene der snein ferskeidene jeugdleden de provinsje yn om in KNKB partij te keatsen. Dit hat wer twa moaie pryskes opsmiten! Ate Schaap wûn de twadde by t.i.l. partij skoaljonges A-klasse en Amarins Gerbrandy pakte nei fjouwer slopende partijen in tredde priis by de t.i.l. yn Gytsjerk.

IMG_2076.JPGIMG_2092.JPG

 

  • De gruttere jonges binne al mear as in moanne ûnderweis mei de trening en it is folgens de jonges sels, de trainer en de TC tiid om ris in kear mei te dwaan oan in ôfdielingspartij. Dan kin der sjoen wurde wat al dy "trainungsarbeit" opsmiten hat oant no ta. We hâlde jim op'e hichte!

BPA PARTIJ

Juster wie de twadde ledepartij fan it seisoen al wer, plak fan ôfhanneling wie de perfekte gêrsmatte fan it fjild yn Turns. In moai wynsje, sa no en dan in snitterke en meastentiids de sinne der by, wat in prachtiche keatsdei! De opjefte by de senioaren wie wat minder as de earste kear, dat foel wat ôf, mar hawar mei 6 partoer op'e list koe der moai keatst wurde. Twa poultsies en dan de finale, "wie doet je wat". It wiene de hearen Jan Seakles Altenburg, Kees Melkrobotus Galema en Eduard Tjebbesienes Witteveen dy't it yn de finale opnimme moasten tsjin Frans "De Swiep" Poelsma, Sjors Obes en de "Keatskeninginne fan Eemnes", Christel Andringa. Lêstneamden wiene foaral mentaal izersterk en wûnen dan ek de spannende striid op 5-5 en 4-6.

By de bern hiene we yn de A-klasse 8 partoer en yn de B-klasse 7 partoer, dat wie hardstikkene netsjes, at jo neigean da't der ek noch in pear talinten te KNKB keatsen wiene. Yn de Keatsblokjes fan dizze wike is dêr mear oer te fynen. Yn de A-klasse wiene de krânsen foar Elbrich de Jager en Trudie Hoekstra, wylst by de lytskes Amber Goedbloed en Sjoerd Andringa de heechste eare krigen. De bliidskip wie, sa as gewoanlik by de priiwinners, fan de gesichten ôf te skeppen, foaral by Sjoerd, it wie überhaupt syn earste priis dy't er wûn en dan ek nch drekt de krânse! Geweldich! Doe't er fannemoarn (moandei) mei de beker op skoalle kaam, hie der noch steeds deselde big smile op it gesicht...

6a.JPG

Sjoch foar de rest fan de foto's en priiswinners yn it foto-album!



KEATSBLOKJES (13)
  • De KNKB-partijen binne ek wer los en ús feriening is drekt al wer op'e kaart setten! En wol by de pupille-jonges t.i.l. partij yn Bitgum. Ate Schaap wûn mei "Lytse Arie" (bron: R.B.) Piter den Breejen in moaie en tige fertsjinne (se moesten 5 kear keatse) twadde priis! Durk Bootsma pakte mei "Grutte Jan" (bron: S.A.) Bandstra fan Easternijtsjerk de tredde priis. Lokwinske boys!
IMG_2047.JPG IMG_2046.JPG

  • Sa at jim witte is it kompetysjekeatsen al wer twa wike ûnderweis. Dit is de tuskenstân tot op heden:


kompetysje-page0_2.jpg




KEATSBLOKJES (12)

  • At jim tochten dat it seisoen krekt begongen is hawwe jim it mis! De boys fan de jongeskategory hawwe juster al wer harren tredde trening fan it jier hân. Wie it de earste kear noch wat ûnwennich, juster gong it al in stik better en it gefoel begjint te kommen. Wa wit wêr at dit ta liede kin... Gean sa troch Jeffrey, Arjen, Ruerd, Gerben, Pieter, Ytsen en Bote!
  • Ek de jongere bern binne troch de wike drok dwaande om harren technyk, taktyk en mentaliteit by te skaven. Op de trening yn Reahûs en by it kompetysje keatsen yn Turns! Op de foto is te sjen hoefolle geweldich enthousiaste bern we hawwe, dêr mut we grutsk en súnich op wêze!

 IMG_3315.jpg


RABOBANK PARTIJ

Juster wie de "ouverture" fan it keatsseisoen, de Rabobank Partij op it nij ynsiedde fjild yn Reahûs. At de dielname in graadmeter is foar wat noch kommen giet, kin we dizze simmer noch wat beleve! Der koe by de senioaren keatst wurde yn twa klassen, mei 4 partoer yn de A- en 6 yn de B-klasse. Ter fergeliking: foarich jier wiene der 4 partoer yn totaal! De finale yn de B-klasse gong tusken it partoer fan Haye Postma, Siebrig Poelsma en Ynze Leyenaar tsjin Joost Schaap, Dennis de Jong en Gerben Gerbrandy. It wienen de lêstneamden dy't ûnder lieding fan in âlderwets bûtsende Joost de krânse pakten! By de matadoaren yn de A-klasse keatsten alle partoeren in kear tsjin elkoar. Ek hjir sloech de erfaring foar master op en út, yn de foarm fan bygelyks Joop Huites en de "Sloophamer fan Nijelamer" Loadewyk Flapper. Beide mannen lieten sjen dat se noch lang net útrangzjeerd (Huh? Is dit wol geef Frysk juf Atty?) binne! Joop pakte tegearre mei Sybren Poelsma in moaie twadde priis. De krânsen wiene foar "nybakken heit" Freerk TvS, "tûke pikker" Eduard Witteveen en "ruwe diamant" Pieter de Jong!

IMG_1988.JPG
                    Sfeerympresje (ja,ja...) fan it bernefjild.

By de bern wiene 6 twatallen yn de B-klasse en 8 yn de A. Spitich genôch moest Trudie nei ien omloop blessearre ôfheakje. We hoopje dat it meifalt en dast gau wer yn'e krite stiest! De finale yn de B-klasse gong tusken Pieter Wiersma en Reinder Bootsma tsjin Wiebren Tamminga en Wieke Schaap. De lêsten wiene oppermachtich en pakten fertsjinne de 1e priis. By de gruttere bern wiene it Inez de Jong en Sigrid v/d Werf dy't de easrte priis fan de ferliezers pakten. De finale yn de winnersronde gong tusken Hieke Bootsma en Marieke Altenburg tsjin Durk Bootsma en Brecht Tamminga. It waard in moaie striid tusken broerke en grutte suster mei harren bêst keatsende secondanten Marieke en Brecht. It wiene úteinliks Durk en Brecht dy't mei de hage om nei hûs koene!

It wie in tige slagge keatserij (sjoch foar de foto's yn it album), dit smakket nei mear! Kommende woansdei is der om 19.30 oere wer kompetysje keatsen, dus oant dan!

DE WINTERSLIEP SIT DER OP!!!

Wekker wurde! Wekker wurde! De wintersliep sit der op! Nij wike woansdei 29 maart is de jierlikse keatsfergadering. Om 20.00 oere yn kafé de Ree yn Reahûs. As it goed is hawwe jimme alle stikken yn'e meelboks krigen fan sekretaris Wiebe, sa net dan kinne jimme Wiebe hjir even om freegje (wiebetvs@hotmail.com).

Oant nije wike woansdei allegear!

KEATSBLOKJES (11)

  • De Jan Bakker Bokaal by de senioaren is foar it earst yn de "roemruchte" skiednis fan ús feriening wûn troch twa man: Folkert v/d Werf en Johannes Gerbrandy. Se hawwe ôfpraat dat Folkert de beker yn de even wiken hat en Johannes yn de ûneven...
  • By de jeugd is de bokaal wûn troch Jeffrey v/d Werf. En dan te witten dat hy ek noch in pear partijen by de senioaren meidien hat. Lokwinske Jeffrey.
  • Op ús Facebook pagina haw we lêsten in pear fotootsjes "posten" fan it krekt ynsiedde fjild yn Reahûs. It hoopfolle kommentaar fan P.L. hjirby wie: "Wie zaait, zal oogsten..."
  • At der noch minsken binne dy't spul kwyt rekke binnen op de beide fjilden, kin harren melde by Welmoed (Turns) en Carolien (Reahûs).

PIET V/D HOFF-ALLICHT PARTIJ

De útsmiter fan dit keatsjier wie de Piet v/d Hoff-Allicht partij by stiper Piet sels yn't lân. It waard in geweldich spektakel, wêr at eltsenien harren aai goed yn kwyt koe. De priiswinners stean yn it foto-album.

ÂLDER-BERN PARTIJ

It twadde evenemint yn dit "Super Saturday and Sunday Keatswykein" wie de Âlder-Bern Partij, ek wer op it fjild yn Turns (dat yn Reahûs is al oer de kop). It is foar de bern altyd wer in feest om inkear mei harren âlders keatse te kinnen en de "stellerij" binnen de gesinnen begjint dan meastal al oan it begjin fan it keatsseisoen. Dizze kear wiene der tolve "pearkes" yn'e A-klasse en tsien yn'e B-klasse.

It kin foar komme dat broerkes en/of suskes en dus ek heiten en memmen tsjin elkoar keatse moatte. Sa barde it dat bygelyks Steffi en Carola tsjin Jiska en Simke keatse moasten; ek seagen wy yn'e A-klasse dat Ate en Marieke tsjin Arjen en Haye yn'e krite kamen. Gong it by earst neamden frij freonskiplik om en ta, by de famylje Schaap wie de striid justjes fûleindiger, om it sa mar efkes út te drukken. Dat hindert neat, der moat al wat striid yn sitte! Eintsjebeslút is it allegear moai ferrûn en binne der folgens de lêste berichten gjin heiten of memmen op de bank of it útfanhûsersbêd bedarre...

Sjoch foar de foto's (hjir stean de priiswinners ek by) yn it foto-album).

JOOSTEMA PARTIJ

It wie ôfrûne sneon al wer de 35e Joostema Partij!! Wat is it moai om as feriening sa'n prachtige histoaryske keatspartij (mei tank oan Joost en Klaske) op'e agenda te hawwen! Der hawwe, sa as ek by oare federaasjepartijen tsjintwurdich, wol ris mear partoeren op'e list stien. Mar wa't der net is, kin je net oer prate en kin ek neat winne... It plesier wie der op it fjild yn Turns net minder om!

By de manlju wiene acht partoer presint en by de froulju fjouwer (fan twa). By de lêsten wiene it Sietske Poelsma en Marieke Schaap (pake-/beppesizzer fan Joost en Klaske) dy't de measte punten hiene en dus de krânse wûnen. Petra Jellema fan Easterein en Hetsche Boonstra fan Boazum pakten de twadde priis. Joost die sels ek mei fansels en bedarre nei in spannende partij yn'e earste omloop (tsjin de lettere winners) yn'e ferliezersronde. Mei ús foarsitter (Sjors) en neo-Turnser Atser pakte er mar moai de earste priis fan'e ferliezers! Bote Jellema, Klaas Siderius en Frans Poelsma wiene hjir twadde. De finale fan'e winnersronde gie tusken Nolke Bergstra, Jeroen Kloosterman, Marco Reynhoud en Arjen Radix, Eppie Heins en Willem Mollema. It waard úteinliks 5-4 6-2 foar Nolke, Jeroen en Marco, sa dat sy de prachtige eigenmakke krânsen fan Klaske om'e nekke krigen!

013.JPG
           
Sa as gewoanlik by de Joostema Partij wie it noch lang tige gesellich op it fjild en ûnder de veranda en de moaiste krânse fan Klaske wie fansels foar Bart-Jan!!


KEATSBLOKJES (10)
  • Op it fjild yn Reahûs binne se al útein setten mei de opknapbeurt fan de gêrsmatte. Dêr kin dus net mear keatst wurde, ek de Piet v/d Hoff/Allicht Partij kin hjir net holden wurde. Mar gjin noed! Yn oerlis mei de sponsor sels is der in machtich moiae nije lokaasje fûn: by Piet sels yn it lân! Is't net prachtich, keatsen sa't keatsen eartiids ek gie.Hjir ûnder de oankundiging:

          pietvdhoffpartij2016_page0.jpg

  • Wa't de ballen yn it donker better sjocht as by deiljocht kin nije wike terjochte yn Boazum. Dan hâlde sy in nachtkeatspartij:

         Poster_Nachtkeatsen_2_september_2016.jpg


KNKB SKOALFAMKES

Ferlyne wike snein keatsten de toppers fan de KNKB skoalfamkes yn Turns. Se wiene opdield yn in A- en B-klasse. Fan ús eigen feriening die Hieke Bootsma mei. Helaas twa kear ferlern, mar dat mocht de pret net drukke fansels! De famkes dy't wol yn'e prizen sieten binne werom te fynen yn it foto-album. Leuk om te fermelden is dat Anna Rob, dochter fan âld-lid Anneke de Jong (fan Piet en Fetsje) de krânse wûn yn'e A-klasse.

IMG_0319.JPG


KEETPARTIJ 2016

Op snein 21 augustus fynt de jierlikse Keetpartij wer plak yn Burchwert. Ek dit sil wer in grut spektakel wurde, dat is oan de organisaasje wol tafertroud.

2016_08_02_PHOTO_00000003.jpg

BRING DE KEATSERS BY IT KEATSEN

Op sneon 20 augustus is it wer sa fier! Bring de keatsers by it keatsen, yn Skearnegoutum dizze kear!

kom_op_sneon_20_augustus_nei_skearnegoutum-page0_1.jpg
uitnodigingkaatsdag.png


REAHÚSTER FEESTEN

De opjefte foar it feestkeatsen yn Reahûs wie wer best genôch! Der wiene net sa folle as ferlyne wike yn Turns, mar hawar, de fjilden wiene moai fol! Sawol de bern as de senioaren koene yn 3 klassen keatse. Hjir gean we.

Wisten jo dat:
  • der wederom twa "nazaten" fan Kees Galema yn'e prizen sieten by de jeugd?
  • wy ús ôffreegje at Kees goed is yn it timmerjen fan prizekasten?
  • Kees sels dizze kear ek in priis pakte?
  • de C-klasse by de bern moai op tiid dien wie?
  • foar healwei tolven de prizen al útrikt wiene?
  • Inez de Jong de pechfûgel fan de dei wie?
  • sy troch har ankel gong en de rest fan de feesten op krukken rinne moast?
  • we hoopje dat it meifalt en dat se gau wer keatse kin?
  • Piet Galama ek wer ris even mei die?
  • hy wol wat benaud wie foar de kjeld?
  • it fest yn'e earste omloop net út west is?
  • dit eins hiel ferstandich is, yn ferbân mei it oprinnen fan blessures?
  • Lodewijk Flapper syn nije want foar de twadde kear brûkte?
  • hy no sels ûnderhâns boppe koe?
  • Freerk TvS dit ek kin?
  • hy de bal heal ûnderhâns by Annemieke yn'e dakgoate feechde?
  • Rink Bakker kramp hie yn'e finale?
  • Berry de Jong wol wist hoe at der dit foarkomme kinnen hie?
  • we dit hjir mar net fertelle?
  • Haye Postma de winner wie fan it aai fan de dei?
  • hy de bal rjochtstreeks by Ruerd Bakker yn'e bûse sloech?
  • it in tige slagge keatsdei wie?

Sjoch foar de priiswinners en foto's yn it foto-album.

Sa, en no earst mar mei fakânsje allegear, oant sjen!!


KEATSBLOKJES (9)
  • Wat is der manmachtich reageert op de priisfraach fan ferlyne wike, alderaast!!! It wie net by te hâlden, de antwurden fleagen de wepmaster om'e earen, net te leauwen!!! Út al dizze mailtsies (1) haw we ien winner lotte en dat is ús eigen praktykman by de jeugd: Rein Bootsma!!! Hy wist dat de foto yn 1981 makke is en wist fjouwer nammen. Op'e foto binne (fan lofts nei rjochts) ûnder oaren de folgjende minsken te sjen: Sikke Romkes, Wytze Bouma (krânse), Jolanda de Jong, Marian v/d Hoff, Stephan v/d Hoff (krânse), Lucie de Boer, Jan Andringa, Hotske Altenburg, Gerard Brandsma (krânse), Jan Galama, Elly Galama. Rein, do krijst sa gau as mooglik dyn priis!!
  • Tusken al it feestfiergeweld troch, giet ús juegd stoïcijns troch mei it winnen fan prizen. Dizze kear wie it Ate Schaap dy't yn Spannum by de KNKB t.i.l. de krânse pakte. Lokwinske Ate!

         AteSpannum.jpg


ÚT IN ÂLDE DOAZE...

Fia ien fan de Whatsapp-groepen fan Reahûs en Turns kaam der in prachtiche foto nei boppe:

IMG-20160708-WA0016_resized_1.jpg

It is hiel aardich om te sjen wa't der allegear op steane. Witte jim de nammen? En it jiertal? Wist wat, we dogge gewoan in priisfraach! Wa't de measte nammen wit én it jiertal goed hat wint in moaie priis!! Antwurden stjoere nei simke.carola@home.nl (foar kommende freed 15 july).

KEATSEN TURNSERFEEST

It wie in machtich Turnserfeest fan't wykein! Oh ja, en der is ek keatst... En hoe! Der stiene freed 98 keatsers / keatsters / keatserkes / keatsterkes op'e list. Is't net prachtich! Wie dit by alle partijen mar it gefal. Oh nee, it mut gjin negatief ferhaal wurde bliksem, want it is fansels geweldich dat der sokke moaie listen wiene. Der binne by de wepmaster wol wat griize sellen ôfstjert tidens de feesten, dus it ferslach fan dizze dei is yn Wisten Jo Dat foarm.

Wisten jo dat:
  •  der twa "nazaten" fan Kees Galema yn'e prizen sieten by de bern?
  • Kees sels eins ek in priis fertsjinne hie?
  • dit de wisselbeker foar de fierste kweaslach wie?
  • der noch wol mear A-keatsers kwea koene?
  • sy bliid wiene dat it griene boatsje by de swimsteiger lei?
  • net eltsenien mei dizze boat oerwei koe?
  • Geert Jan Diever as nagelnije Turnser drekt de krânse pakte yn de C-klasse by de bern, tegearre mei Tsjeard Witteveen?
  • Willeke fan Atser ek by har earste feestkeatspartij yn Turns de krânse wûn hat?
  • ek Christian Visser dit foarbyld folge hat?
  • it gros fan'e bern tige fûleindig keatst?
  • de jeugdkommisje bliid wie dat der moai wat âlders wiene dy't harren ûndersteunde by it bernekeatsen?
  • Sybren Poelsma syn taak fan wedstriidlieder tige serieus nimt?
  • hy sels net iens meikeatst hat om alles yn goeie banen te lieden?
  • der in stik as wat "âldere" jeugdleden foar it earst by de grutten keatst hat?
  • dit in goeie saak is foar de trochstreaming fan de jeugd én tagelyk it oantal senioarekeatsers omheech hellet?
  • je mei rojocht sizze kinne: "de jeugd heeft de toekomst"!

Sjoch gau yn it foto-album "Turnserfeest" foar de foto's! Oant kommende freed yn Reahûs!


KEATSBLOKJES (8)
  • It giet mar troch mei de súksessen fan ús jeugd! By de KNKB t.i.l. partij yn Boalsert wûn Inez fan't wykein de earste priis! Se keatste poerbêst en wie ek ferbaal goed by de les, lit de korrespondint "ter plaatse" witte...

              IMG_0876.JPG

    Wy hâlde jim graach op'e hichte fan de belevenissen fan ús leden, lyts en grut, by  Federaasje-, KNKB-, of Wylde partijen. Dus wa't nijs hat, moaie foto's en prizen dy't wûn binne: jou dit troch oan de wepmaster, dan komt it op'e site!

    Mail: simke.carola@home.nl
    Whatsapp: 06-54622333


  • Ús skoaljonges Ruerd, Arjen en Piter diene ôfrûne sneon mei oan it NK yn Akkrum. Se hiene as tsjinstanner Hommerts-Jutryp lotte yn de earste omloop. Dit koene se spitich genôch net hâlde en ferlearen mei 5-2. Jout neat, trochsette en oare kear wer better jonges!
  • Kommende freed is it feestkeatsen yn Turns. By de jeugd sil der keatst wurde yn 3 klassen, der binne warsynlik wol 50 bern dy't meidogge! Dit is geweldich fansels, mar dit betsjut ek dat der wat mear begelieding nedich is as oars. It soe moai wêze at der in nussie âlders binne dy't de Jeugdkommisje assisteare wol om dit festijn yn goeie banen te lieden. En it is fansels ek moai foar de bern at der in bult publyk om'e touwen sit. It is feest, dus kom allegear!! Foar it opjaan fan de bern of jim sels as frijwilliger kinne jim terjochte by Karst (0515-568886).
         LET OP! OANFANG BERNEKEATSEN IS 9.00 OERE!!
  • We hoopje fansels ek dat der by de grutten yn 3 klassen keatst wurde kin. Dit soe betsjutte dat der bergen minsken meidogge! Eltsenien kin meidwaan, lit jim net tsjinhâlde troch negatieve gedachten, helje de want út it fet en jou jim op! Wille meitsje, dêr draait it om! Opjaan kin by Sybren (06-23284160). Oant freed!


PEARKEKEATSEN

De útsmiter fan dit bomfolle keatswykein wie juster de jierlikse pearke-keatserij. Yn it ferlyne wie dit altyd in partij mei in oerweldigjende dielname, der is wol keatst yn trije klassen.De lêste slachnis hast wol ris yn it donker west... Ja, ja, no witte it wol wer mei dy ferhalen fan froeger. Dat wie doe en de werklikheid wie juster dat der mar 9 pearkes op'e list stiene. Dochs wie de wille der net minder om en úteinlik gong de foarsitter der mei de krânse fan troch! Tegarre mei syn maat Annemieke Poelsma. Twadde waarden Pieter de Jong en Wietske Metzlar. Yn de ferliezersronde wie de earste priis foar de sekretaris mei syn faam en Eduard en Sietske Witteveen wie it ienige troude stel dat yn de prizen siet. Eltsenien tige tank foar jim dielname en in spesjale foto fan tank is fansels foar de sponseres fan dizze partij: Joke Witteveen. 

IMG_20160626_WA0012.jpg

Oant in oare kear en sjoch foar mesr foto's wederom yn it foto-album!


BONDSPARTIJEN (NK) PUPILLEN

Tjerk, Ate en Durk hiene freed de krânse pakt by de Federaasjepartij en hienen dus in bulte fertrouwen tankt yn oanrin nei it NK yn Wommels op sneon. Yn de earste omloop die dat aardich blyken, want se wûnen knap fan Raerd, mei 5-4. Spitich genôch wie yn de twadde omloop tsjin Spannum de tank fysiek en mentaal wat leech en moesten se belies jaan op 5-2. Neat oan te dwaan mannen, jim kâns komt grif noch!

Yn it ferslach fan de federaasje partij fan freed waard al memoreert oer it feit dat ús pupille famkes net meidienen, omdat se harren tariede moasten op sneon. Dit hawwe se dien yn de foarm fan in lyts treningskamp mei oernachting oan de Pôllewei yn Turns. Mei mem Thea en coach Wietske binne Brecht, Inez en Amarins moarns ôfsetten nei St. Anne. De froulju hiene fan't jier ien kear earder ôfdieling keatst (red.) en dit foel noch net ta. Mar hawar, soe hiene yn de earste omloop in aardich lot en it gong ek knap. Se wûnen mei 5-4 6-6 fan Tsjom. De twadde omloop wie Jirnsum de tsjinstanner. De froulju keatsten bêst en kamen samar mei 5-2 foar. Jirnsum koe noch in earst pakke, mar by 5-3 6-4 wiene ús fames de winners! Mei 12 partoeren op'e list betsjutte dit dat se al fersekere wien fan in tredde priis! Geweldich fansels! Foarich jier pakten Hieke, Trudie en Anna-Boukje ferrassend de twadde priis en no binne we der wér by! We lûke gewoan in blik talinten iepen... Yn de heale finale wie Dronryp de folgjende opponent. In sterk partoer, mar net ûnferslaanber. Troch wat te folle foutsjes yn it begjin fan de partij rekken de te gau op efterstân en dit koene dan ek net mear rjochtbreidzje. Hindert neat, best keatst en in fantastyse tredde priis!

IMG_20160625_WA0022.jpg

Lokwinske Inez, Brecht, Amarins en coach Wietske! (sjoch foar noch in pear foto's yn it foto-album)


FEDERAASJE JEUGD

Freed wie it ús beurt om in Federaasjepartij foar de jeugd op tou te setten, en wol in ôfdielingspartij. De welpen en pupillen keatsten yn Reahûs, wylst de skoaljeugd, jeugd en junioaren nei Turns moasten. It waar koe net better en mei help fan de noadiche frijwilligers is it allegear perfekt ferrûn.

Fansels diene der ek partoeren fan ús eigen feriening mei! By de welpen ferlearen Jan Bootsma, Rutger Altenburg en Wiebren Tamminga yn de twadde omloop mei 5-4, wylst se 3-0 foar stien hienen, tige spitich. De mantsjes hawwe hardstikkene leuk keatst mei in bulte sitballen fan Jan en machtiche boppeslaggen en grouwe keatsen fan Rutger en Wiebren. By de pupille jonges diene Jochem Postma, Haitze Wiersma en Roy Frankena mei, sy kamen net troch de poulefase. Anne Bootsma en Haye Hylkema slagge dit wol en pakten in moaie twadde priis! De pupille famkes koene net meidwaan, hja moesten harren sparje foar sneon, letter mear hjir oer...

By de skoaljeugd wiene 3 fan de 4 partoeren Reahûs-Turns! Noch noait fertoant! Wol moai, dan haw we in grutte kâns op in priis... In 4e partoer hjir wie Hommert-Jutryp. Gewoanwei keatse Tjerk, Ate en Durk by de pupillen, mar sjoen harren nivo en it oantal partoeren koene se better by de skoaljeugd meidwaan. En terjochte, want se pakten de krânse! Twadde waard ek Reahûs-Turns, mie Sjors Boschma, Gerben Gerbrandy en Ruerd Andringa. It tredde eigen partoer, besteande út Pieter de Jong en Arjen Schaap pakten gjin priis, mar dat hoe ek te krijen omdat "konstante faktor" Jeffrey v/d Werf fanwege in blessuere net meidwaan koe. Betterskip Jeffrey! By de skoalfamkes hiene wy twa partoeren, Trudie Hoekstra mei Anna-Boukje Altenburg en Hieke Bootsma mei Inez en Iris de Jong. Beide partoeren kamen net as winners út de poule en foelen hjir troch ek net yn'e prizen. It is net altyd feest...

In oersicht fan alle priiwinners:
Welpen:
1. Folsgeare (Lieuwe v/d Kamp en Sander Zijlstra)
2. Hommerts-Jutryp (Bjerno Veenbrink en Johannes de Boer)
3. Goaiingea (Mikkel Guljé en Hessel Bouma)
1. ferl. Goaiingea (Elbrich Kooistra en Rigt v/d Velde)
2. ferl. Goaiingea ( Martsen en Berber v/d Goot)

Pup. famkes:
1. Folsgeare (Astrid v/d Copello, Judith Cuperus en Eline van Dijkhuizen)
2. Goaiingea (Anne S. Leenstra, Afke M. v/d Goot en Moniek Lootsma)

Pup. jonges:
1. Hommerts-Jutryp (Matthys Renema, Folkert Wesselius en Ramon Raap)
2. Reahûs-Turns (Anne Bootsma en Haye Hylkema)

Skoalfamkes:
1. Goaiingea (Kristia Dotinga en Iris Oosterbaan)
2. Hommerts-Jutryp (Laura Dozeman, Annemare Wempe en Myrthe de Boer)

Skoaljonges:
1. Reahûs-Turns (Tjerk Andringa, Ate Schaap en Durk Bootsma)
2. Reahûs-Turns (Sjors Boschma, Gerben Gerbrandy en Ruerd Andringa)

Jonges/famkes:
1. Hommerts-Jutryp (Jelger de Boer, Redmer Huitema en Lammert Stegenga)
2. Easterein (Kees v/d Horst en Rutger Wiersma)

Junioaren (t.i.l.):
1. Johannes Reiker, Willem Koopmans en Rijkel Dotinga
2. Jouke Dotinga en Jan T. Nauta

Sjoch yn it foto-album foar de foto's!!


KEATSBLOKJES (7)
  • Der sille hiel wat medaljekasten timmere wurde sa stadich oan, want de jeugd giet mar troch mei prizen winnen. Dit rint finaal út de klauwen! Ôfrûne freed yn Goaiingea wie it wer bingo! Hjir in oersicht (Inez hie de earste priis yn Easterlittens).

collage17181906_page0.jpg

  • Neist al dizze prizen, hiene we ek in primeur dit wykein: Rutger Altenburg gong foar it earst fuort te keatsen nei in KNKB partij, yn Wergea by de welpen jonges. Dit is fansels ferrekte spannend, mar wat blykt: Rutger hat gjin lêst fan senuwen en pakte iiskâld gewoan de earste priis yn de ferliezersronde. Is't net prachtich! Hy wie terjochte apetrots!

IMG_20160619_WA0001.jpg

  • De aventoeren fan de hearen peloteurs geane jûn fjirder op it plein yn Littens tsjin Bitgum. Pyt P. seit dat it fan ôf healwei sânen droech is, dus it giet gewoan troch. Oant straks allegear!
DEVO PARTIJ

Mei perfect waar, twa moaie listen en in soad wille is juster wer jierlikse DEVO Federaasje Partij ferkeatst yn Reahûs. By de froulju wiene fiif partoer, dy't allegear fjouwer kear keatse mochten. De froulju hiene der sa'n sin oan, dat se harren beklach dienen werom at der ek net noch in finale en in partij om de tredde priis achter oan kaam. "No dames, it ek in kear klear", aldus ús altyd kalme foarsitter. Dat sadwaande gongen de froulju los en as winnarressen kamen de pleatslike favoryten út de bus! Annemieke Poelsma, Wietske Metzlar en Sietske Poelsma-Merkus hiene de measte punten en gongen der mei de krânse fan troch! Lokwinske froulju!

IMG_20160619_WA0046.jpg


De manlju hienen in moaie sterke list mei tolve partoeren, sa dat der in winners- en ferliezersronde ferkeatst wurde koe. De finale fan de ferliezers gong tusken Danny Roos, Rutger Vallinga en Hendrik Bouwhuis en de pleatselike "talinten" Sytze T.v.S., Simke Altenburg en Sybren Poelsma. By de lêsten rûn it juster de hiele dei al net as it spoar en omdat it partoer Roos degelik keatste pakten sy de earste priis yn de ferliezersronde. De partoeren yn de finale fan de winners wiene ek de partoeren wêr at de losers fan de ferliezersfinale yn de earste omloop fan ferlern hiene (is dizze sin noch te snappen?). It wie in knappe finale mei as fertsjinne winners de mannen út Wjelsryp: Jurjen Hofstee (miskien wol famylje fan ús Woeste Wytse...), Jelle Scharringa en Paulus Yde Walda. In moaie twadde priis wie der foar Bouke Poelsma, Sjoerd Teake Kooistra en Meindert Bonnema.

 Foar de foto's: tsjek it foto-album.

KEATSBLOKJES (6)

  • Justerjûn moesten de hearen peloteurs fan ús feriening oan'e bak by it Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote op it romantyske pleintsje yn Easterlittens. Tsjinstanner in de foarronde wie Lollum/Waaksens. Nei in stroeve start rûnen Titus, Wiebe, Sybren, Wytse en Simke samar nei de acht earsten ta. Binnen trije kertier wie it beslikke, 8-1. Kommende moandei, yn de earste omloop, sil it wol justjes dreger wurde. Dan is de tsjinstanner Bitgum, mei ûnder oaren Tjisse Steenstra en Johan van der Meulen yn de gelederen. Se kinne derom wol wat support brûke, dus kom moandei gerust even te sjen op de tige sfearfolle pelotebaan yn Littens. De boys moatte om 19.30 oere los. Mear ynformaasje oer it FK is te finen op www.kvonderons.nl, www.knkb.nl en www.kaatsen.nl.

             13428572_1069069646474288_6176126739302523561_n.jpg

  • Kommende snein is de DEVO federaasjepartij yn Reahûs. Oant no ta stean der 9 manljuspartoeren en 4 frouljuspartoeren op'e list. Dus der kin sawiesa moai keatst wurde. Wa't net meidocht: it wurd knap waar, dus kom mar efkes del om dizze hopelik prachtige keatserij te oanskouwen! Oanfang 11.00 oere.

KEATSBLOKJES (5)

  • Ús jeugdleden geane as de "Klaas-de-Brandweer"!!! We krigen juster al wer prachtiche foto's binnen mei priiswinners by de Federaasje-keatserij. Dit kear wie it de rêden yn Wolsum. Lokwinse mar wer jonges en famkes! Hoppaaa!
   IMG_20160612_WA0039.jpg
   F.l.n.r: Anne Bootsma, Roy Frankena, Jochem Postma, Haye Hylkema, Rutger Altenburg, Jan Bootsma en Esther Altenburg.

  • Rutger wie juster ek noch jierdei! Dan hat er um sels mar in moai kado jûn. Dûbel lokwinske Rutger!
  • Yn ien fan de foarige keatsblokjes haw we jim ferteld dat ús pupille-jonges wol ris fuort gean te ôfdielingskeatsen. Juster gongen se wer op paad, en wol nei Menaam. Tjerk, Ate en Durk wûnen de earste omloop fan Wjelsryp! Best genôch en goed foar it selsfertrouwen. Dat hie de foarige kear yn Ingelum in knauw krigen, dus dan wie dit in moaie opstekker! De twadde omloop wie it sterke Bitgum (mei trije KNKB A-keatsers) de tsjinstanner. Dit gong dan ek even te mâl foar de mannen, mar hawar, in loopke te pakken en oare kear de kop der wer foar! 

BOOTSMA PARTIJ

Ôfrûne sneon wie it wer safier: de Bootsma Partij yn Turns! Sûnt ferliene jier wurd der mei de grutte bal keatst, om sadwaande de drempel om mei te dwaan wat leger wurd. Dit slagget hiel aardich, want der diene in hoart mear minsken mei as de foargeande ledepartijen. Om healwei trijen wiene earst de jeugdleden oan bar om harren keunsten mei de grutte bal te fertoanen. Der is trije kear keatst mei in oare maat. Eintsjebeslút wiene dit de priiswinners:

A-klasse / a-maten: 1e Jeffrey v/d Werf  2e Hieke Bootsma  3e Ate Schaap
A-klasse / b-maten: 1e Anne Bootsma  2e Sigrid v/d Werf  3e Wietske de Jager

B-klasse / a-maten: 1e Haitze Wiersma  2e Jan Bootsma  3e Rutger Altenburg
B-klasse / b-maten: 1e Berber Postma  2e Amber Reiker  3e Margreet Dirksen

De senioaren binne om healwei fiiven útein setten en hawwe ek prachtich keatst. Der wiene mar leafst 36 keatser en keatsters, geweldich! Dit wiene de priiswinners:

A-maten: 1e Sjors Altenburg  2e Sytze TvS  3e Frans Poelsma
B-maten: 1e Johannes Gerbrandy  2e Rein Altenburg  3e Wietske Metzlar
C-maten: 1e Pieter-Lieuwe v/d Valk  2e Hiltsje Bloemhof  3e Marijke de Jong

We hawwe fan "in fotograaf" in nussie foto's krigen dy't der tige gesellich útseagen, dus mei de neisit is it ek seker goed kommen! Sa sjogge je mar wer dat plesier meitsje en keatsen ticht by elkoar lizze en sa moat it ek! Famylje Bootsma: Bedankt foar jim stipe, meiwurking en organisaasje fan dizze dei!

IMG_20160512_WA0011.jpg

Sjoch mar gau yn it foto-album foar mear foto's..

(Keninklike) KEATSBLOKJES (4)

  • Sa't jim yn de foarige keatsblokjes lêze koenen, hawwe Brecht, Amarins en Inez it skoalkeatsen wûn. Sy meie no meidwaan oan de Provinciale Kampioenskippen. Dit fynt dit jier net plak yn Ljouwert, mar op it hillige gers fan It Sjukelân yn Frentsjer! Reden hjir foar is de besite fan de kening en keninginne oan Fryslân. Kommende moandei sille de froulju, ûnder it each fan W.A. fan Buorren en Maxima, stride om de Fryske titel foar basisskoallen. Meester Jan en Marieke A. binne coach en assistent-coach. In protte súkses en wille tawinske!
  • Moarn (sneon) is de Bootsma Partij yn Turns. Der wurd keatst mei de grutte bal, dus eltsenien dy't nocht hat kin meidwaan! It docht net sear en it is tige gesellich. Oant moarn!

13339591_985053864935267_8307096893133166094_n.jpg


KEATSBLOKJES (3)
  • Eltse tongersdei wurd der troch de jeugd fanatyk traint op it fjild yn Reahûs ûnder de kundige lieding fan Wietske en Renske. Yn it foto-album in pear foto's fan de training fan ferlyne wike.
  • Ofrûne snein wie der in KNKB partij foar pupillen jonges yn Turns. Fan ús feriening diene Ate, Tjerk en Durk mei. De earste twa mannen yn de B-klasse en Durk mocht yn de A-klasse keatse. Spitich genôch hat dit gjin prizen opsmiten, mar dat kin ek net eltse wike fansels! Kommend wykein geane se mei syn trijen de ôfdielingskeatsen yn Menaam.
  • Hjoed (woansdei) wie der skoalkeatsen foar de basisskoallen fan Littenseradiel. De famkes Brecht, Amarins en Inez hawwe hjir de earste priis wûn foar de Bonifaciusskoalle Reahûs! Geweldich froulju! Sy meie no nei de Provinciale Kampioenskippen yn Ljouwert. We hawwe noch niks hjeard fan de resultaten fan de jonges, miskien komt dit noch...

13330968_1079516812113596_6393194677407147149_n.jpg


KEATSBLOKJES (2)

  • It wie wer best raak it ofrûne wykein by de federaasje keatserij foar de jeugd. Yn Drylts en Mantgum (federaasje Littenseradiel) waarden der wer in moai swikje prizen meinommen nei Reahûs en Turns! Lokwinske allegear!

collagedryltsmantgum-page0_1.jpg

  • De skoalfamkes Trudie, Anna-Boukje en Hieke hiene ofrûne snein in ôfdielingspartij KNKB yn Boalsert. De earste omloop waard noch wûn fan, mar yn de twadde moasten spitich genôch belies jaan tsjin Raerd. Gjin skande en oare kear better!
  • By de haadklasse froulju siet Renske net yn'e prizen by de t.i.l. partij yn Winsum. Sy ferlear mei Elly Hofman (Dronryp) en Anke Winkel (Hijum) yn'e earste omloop.
  • It kompetysje keatsen op woansdei yn Reahûs tilt net op fan de dielname, om it mar efkes sa te sizzen... Kom op keatsers en keatsters! Wat is der moaier as even in lekker baltsje te slaan, oan it waar leit it net! Nei de tiid in kâlden ien en je hawwe in moai jûntsje. Dus kommende woansdei 19.30 oere, KEATSE BLIKSEM!

  • Kommende snein is der in KNKB partij foar pupillen jonges (A- en B-klasse) op it fjild yn Turns. Wa't de takomstige matadoren fan it Fryske keatsen yn "levende lijve" sjen wol is fan ôf 10.00 oere fan herte wolkom! As karmaster stean de folgjende minsken op papier: Bote Altenburg jr., Hiltsje Bloemhof, Nieske Hoekstra, Christel Andringa en Siard Luinenburg.

35e ALTENBURG PARTIJ

Juster waard foar de 35e kear de befaamde Altenburg Partij ferkeatst yn Reahûs. De dielname wie net oerweldigjend, mar it plesier wie der seker net minder om! By de jeugd spile ek mei dat der ek twa partoerkes fuort wienen te KNKB keatsen. Dat is allinnich mar moai en der wienen noch genôch oer! De priiswinners kinne jim fine yn it foto-album. De senioaren moasten it dwaan mei 5 partoer op'e list. Elk partoer twa kear keatse en dan noch in finale tusken de twa partoer mei de measte punten. Úteinlik wiene it Sybren Poelsma, Pieter de Jong en Klaas Brandsma dy't nei in moaie finale (4-5 4-6) de twadde priis pakten. De winners wiene Simke Altenburg (kening), Eduard Witteveen en Johannes Gerbrandy. Sy krigen, neist de krânse en de priis, trije hearlike túten fan Mieke!

IMG_20160522_WA0025.jpg

Sy wie tegearre mei Bote oanwêzich by dizze partij dy't sy al dizze jierren stipje, mei Jan en Hotske net te ferjitten úteraard! Tige tank hjir foar. Yn it foto-album kinne jim de foto's werom sjen fan dizze wederom prachtige keatsdei!


KEATSBLOKJES (1)

Dit is de earste edysje fan in nije rubryk op dizze site, Keatsblokjes. Hjir yn wurde aardige nijtsjes, prizen fan ús leden by oare partijen en oare wittenswaardigheden yn behannele.

  • By de federaasjepartij foar de jeugd yn Boazum ôfrûne freed binne in moai swikje prizen binnen helle troch ús jonge talinten! Hjir it oersicht:

collageboazum_page0.jpg

  • "Ús" Renske hie juster súkses by de dames haadklasse frije formaasje partij yn Berltsum. Mei har maten Iris van der Veen en Marte Altenburg pakte sy in moaie twadde priis!
  • Juster wiene der twa ôfdielingspartoerkes fuort te keatsen. De jonges pupillen Tjerk, Ate en Durk wiene nei Ingelum. Se ferlearen helaas yn de 1e omloop fan Moarre-Ljussens. By de troch-inoar-lotterspartij dy't dêr op folge pakte Ate wol in moaie twadde priis!
  • De famkes Amarins en Inez wiene nei Hartwert, wêr se drekt ferlearen fan Makkum. Ek hjir wie der toch noch in priiske by de t.i.l. Inez wûn de tredde priis.
  • It wie de bedoeling dat Marieke mei Amarins en Inez nei Hartwert soe. Spitich genôch bruts Marieke ferliene wike har pols... In protte betterskip tawinske Marieke!
  • De hearen peloteurs binne fan doel om dit jier wer "acte de présence" te jaan by Iepen Fryske Kampioenskippen op it plein yn Littens. We hâlde jim op'e hichte...

DE 50-PLUSSERS WIENE HJOED BY ÚS TE GAST

Op it fjils yn Reahûs keatstne hjoed de meast erfaren krachten fan it keatsbûn, de fyftich plussers. Se wiene ferdield yn in A- en in B-klasse, sa dat de mannen moai op harren eigen nivo keatse koene. Der wie, sjoen de skrasserij op de byholden listen, al wat bylotterij foar nedich om de boel op gong te hâlden. Mar dit wie foar de kundige wedstriidlieders en skiedsrjochters gjin probleem. Eltsenien tige tank foar jim meiwurking, ek de minsken yn it hokje fansels! Dit wie de útslach (foto's folgje letter):

uitslag50_page0.jpg

NET FOAR NIKS NEI MOARRE-LJUSSENS

Durk Bootsma wûn juster de earste priis yn de ferliezersronde by de troch inoar lotters partij foar pupillen jonges fan de KNKB. Tegearre mei Harmen Zuidema. En dat wie net nêst de doar, de reis gong nei Moarre-Ljussens. Doe't se fan hús gongen wie it noch tsjuster! Mar de reis wie dus net foar niks. Lokwinske Durk!

IMG_20160514_WA0009.jpg


BÛNSPARTIJ SENIOAREN

Kommende Pinkstermoandei is de jierlikse Bûnspartij foar senioaren yn Frentsjer, Foar ús feriening sille Freerk, Simke en Sybren hjir oan miedwaan. Tsjinstanner yn de earste omloop is it partoer fan Skettens. Soe der, lyk as ferline jier, in pryske yn sitte...? Súksescoach Sjors sil der mei syn mannen yn elts gefal alles oan dwaan!

reahusturns5e.jpg


DE BPA-PARTIJ YN PLAYA-DEL-TURNS

It wie geniete juster op it strakke biljertlekken yn Playa-del-Turns! De sinne der FOL-OP by (sa't Piet P. dat seit), in straf wyntsje en allegear enthousiaste keatsers en keatseressen! By de senioaren wiene der twa partoer mear as ferline wike yn Reahûs, dus we hawwe de stijgende lijn te pakken. Der waard keatst yn twa poeltsies fan trije, mei as resultaat dat Freerk TvS, Frans Poelsma en Jan Hoekstra yn de finale keatse moesten tsjin Titus Andringa, Oane Galama en Marieke Schaap. De lêsten gongen as beesten tekear en it wie dan ek yn in sucht en in skeet yn harren foardiel beslikke. De terjochte winners!

By de bern stiene acht partoer yn de A-klasse op de list en fiif yn de B-klasse. Yn de A-klasse gong de finale tusken Arjen Schaap mei Haye Hylkema en Jeffrey v/d Werf mei Esther Altenburg. Arjen en Haye lieten der gjin gêrs oer groeie en frieten de linen hast fan 't fjild! Sy bemachtigen dan ek de felbegeerde krânsen. Yn de ferliezersronde wie de earste priis foar Trudie Hoekstra en Inez de Jong. By de oanstoarmjende talinten yn de B-klasse waard sa mooglik moch fûleindiger keatst as by de A's! De finale wie tige spannend en it siet sà ticht by elkoar dat it hast yn in lykspul eindigje soe... Eintsjebeslút bin se krekt sa lang troch gongen oant der dochs in winner wie en dat wienen Jan Bootsma en Sjoerd "Wassenaar" Galema. De twadde priis mei in gouden rantsje wie foar Rutger en Steffi Altenburg, sy hawwe der in machtig moaie finale fan makke! It wie in prachtiche dei!

IMG_20160508_WA0004.jpg

Sjoerd en Jan, de izersterke winners fan de B-klasse!



SUKSESSEN FAN US JEUGD

Ofrûne freed hat in diel fan ús jeugdleden te keatsen west yn Ysbrechtum by de Federaasje Partij al dêr. Dit wie net sûnder súkses! Der wiene earste prizen foar Inez de Jong en Gerben Gerbandy, wylst Ate Schaap in moaie twadde priis pakte. Lokwinske!

IMG_20160508_WA0003.jpg

Gerben Gerbrandy (l) mei syn maten Redmer van Netten en Erik Wijnja.


DE KOP IS DER ÔF...

Juster is ûnder bjusterbaarlik moai sinneskyn waar de traditionele iepeningspartij foar leden ferkeatst, te witten de Rabobank Partij. Troch de fakansje wiene der gjin kloften keatsers, mar by sawol de grutten as de bern koe der moai keatst wurde. De senioaren keatsten yn ien klasse en de winners wiene Sybren, Folkert en Atty. De preemje wie foar Sytze, Titus en good-old Joost (dy't syn tredde priiske pakte yn ien wike!).

IMG_20160501_WA0012.jpg 
                                                                            Hjir kin hy wol oan wenne...     

By de bern wûn Trudie (al wer) de krânse yn de A-klasse, tegearre mei Reitse, wylst de twadde priis foar Pieter en Jelte wie. Ytsen en Durk pakten de earste priis yn de ferliezersronde. Yn de B-klasse wienen Marieke A. en Jiska de bêsten.

Lokwinske allegear en sjoch foar de foto's by Fotos-2016-Rabobank Partij (de folgoarder is net hielendal je-van-het, mar se stean der op!).


DE EARSTE KRÂNSE!


Jaseker! Juster is de earste krânse fan it keatsjier 2016 wûn troch ien fan ús leden en wol troch Trudie Hoekstra! Sy wûn mei har maat Harold de Boer de earste priis by de Federaasje-partij yn Itens. Lokwinske Trudie! Sy hat hjir sels in moai ferslach fan skreaun:

StukjeTrudie.jpg

Harold_de_Boer_en_Trudie_Hoekstra.jpg


IT GIET HINNE!

Keatsfreonen en -freondinnen! Kommende snein sille de earste ballen wer nei it perk jeit wurde. De kop der by en slaan net op delkommende hagelstiennen! Mocht der al skea ûnstean oan liif en lea, kin we altyd even skilje mei de fersekeringspoat fan ús wedstriidsponsor fan dizze partij, de Rabobank.

index.jpeg       index.png

   We litte ús net ôfskrikke troch de waarfoarspellings en meitsje der in histoaryske keatserij fan!     

   Senioaren
kinnen harren opjaan by Titus Andringa (06-40096631) en de jeugd stjoert in mailtsje nei Karst Tamminga (tammingak@home.nl).

                                                                                
HELAAS! ÔFLAST...

Hoewol alle bern al yn'e startblokken stienen, is de earste kompetysjejûn ôflast troch de jeugdkommisje. Sjoen de snie, hagel en de lege temperatueren is dit in terjochte beslissing. 


FRIJWILLIGERS SOCHT!


We sykje noch frijwilligers dy't by de partijen yn Reahûs yn it hokje stean wolle, dit kin in moarn of in middei wêze. Of in kear it hokje skjinmeitsje nei in partij. Wy soenen it geweldich fyne at jim ús helpe wolle! Frijwilligers kinne harren oanmelde by Carolien Popma (hylkemahydrauliek@home.nl).

IN GOED BEGJIN...

Ja, ja, jaaaa! De earste prizen binne al wer wûn! En wol by de jierlikse sealkeatswedstriid fan de federaasje yn Snits. Der wienen tredde prizen foar sawol Tjerk Andringa as Brecht Tamminga! It begjin is der!


 0.jpg_geen_onderwerp____federatiesneekeo_gmail.com___Gmail.jpg
 
Wisten jimme dat:

  • Dit it earste stikje op de webside is fan de nije webmaster?
  • Der de kommende tiid dus miskien noch wol in flaterke tusken sitte kin fanwege inkele bernesykten?
  • Wy as keatsferiening eltsenien tank sizze wolle dy't de sponsormunten by de Poiesz yn ús koker dien hawwe?
  • Hjir fast en seker in moai bedrach út komt?
  • Dit bekend makke wurde by it Jeugdsponsorgala fan de Poiesz op kommende freed 15 april?
  • At der minsken binne dy't nijskjirrigheden, foto's, utslaggen, ensfh. hawwe dit maile kinne nei de webmaster (simke.carola@home.nl)?
  • Wy sûnt hjoed ek te finen binne op Facebook mei in offisjele pagina?
  • Jimme dizze pagina dus "like" kinne (mutte) om ek hjir alles te folgjen oer us prachtich moaie feriening!

Stypje us feriening en doch mei oan 'e aksje!
De Poiesz-aksje duorret fan 8 febrewaris oant en mei 3 april.


sponsoraksje_1.png


Hoe werkt het?
Bij iedere 10 euro aan boodschappen krijgt de klant een sponsormunt, maar ook wekelijkse aanbiedingen leveren extra munten op. Wij doen mee bij de Poiesz in Scharnegoutum. Bij de ingang hangen kokers waar de munten in moeten. Doe je wel boodschappen bij de Poiesz, maar niet in Scharnegoutum? Bewaar de munten en geef ze aan iemand die ze in Scharnegoutum kan afleveren.

Via de facebooksitesite van Poiesz: www.facebook.com/poieszsupermarkten kun je ook een stem uitbrengen op onze kaatsclub. Hoe meer stemmen, hoe meer kans op 500 extra munten!

Stemmen kan vanaf 8 februari. Vertel dit ook vooral door aan familie, vrienden, kennissen!

Hoe kun je ons helpen?
Iedere vereniging heeft een promotieweek toegewezen gekregen met een “actie zaterdag”. Voor ons is dat de week van 7 maart t/m 12 maart. Zaterdag 12 maart mogen we in en bij de winkel onze kaatsclub promoten van 10.00 uur tot 15.00 uur. 
Hiervoor zijn wij op zoek naar vrijwilligers! We vragen natuurlijk vooral de jeugd om te helpen, maar ook ouders zijn van harte welkom om een bijdrage te leveren. Wil je meedoen? Stuur dan een mail naar Gerbrich Altenburg, raltenburg@hetnet.nl
.


Sponsor onze kaatsclub en zorg voor zoveel mogelijk munten!

 
WEBDESIGN DIJKSTRA AUTOMATISERING