Thus
Organisaasje
Ynformaasje
Wedstrydagenda
Fotos
Sponsorpagina
Skiednis

Skiednis fan de keatsferiening Reahus-Turns

De k.f. Reahûs-Turns bestiet noch mar in koart skoftke yn fergeliking mei de measte oare keatsferienings yn, mar ek bûten Fryslân. Op trije septimber 1997 wurd bij notaris Walmink yn Hoogeveen de oprjochtingsakte tekene en de statuten fêststeld troch de bestjoersleden fan de keatsferiening Reahûs en dy fan Turns. Oan dy tiid hienen beide doarpen harren eigen keatsklup, ‘Binnen alle perken’ yn Reahûs en ‘Lyts Begjin’ yn Turns. ‘Binnen alle perken’ bestie noch gjin 20 jier en Lyts Begjin einliks ek net mar dêr wie earder al in keatsklup west mei in histoarje oant begjin jierren 20 fan de foarige ieu.
 
Yn de twadde helte fan de jierren 90 waard dúdlik dat beide doarpen te lyts wienen om yn it grutte spul mei te dwaan. Ek wie it sa dat Turns net lid wie fan it keatsbûn wêrtroch de talinten ek net oan de grutte wedstriden meidwaan koenen. Sy hienen dan lid wurde moaten fan de keatsferiening yn Ysbrechtum. Neffens de jildende rigels dat it koarste paad oer de dyk oanjout wêr’t men foar keatse moatst, wie dat de tichtstbylizzende feriening. Troch de sterkere bining fan Turns mei “suster doarp” Reahûs, de measte bern geane dêr nei de basisskoalle, lei it foar de measte keatsers foar de hân dat gearwurking mei Reahûs socht wurde moast. Alderearst kaam der in gearwurking tusken beide jeugd ôfdielings. Nei in pear jier is doe de stap setten om alles by elkoar te lûken en wie der de oarsprong fan in nije keatsferiening, de k.f. Reahûs-Turns.
 
 
Behelle suksessen.
 
Dat de gearwurking net foar neat west hat docht wol bliken út de behelle súksessen fan ferskate keatsers fan ús feriening; Simke Altenburg hat jierren bij de earste klassers meidraait en ek in pear kear de PC helle. Op de PC hat Simke mei syn partoer in kear de oanmoedigingspriis wûn neidat sy de twadde list helle hienen. Wit net oft Simke it stikje Sjûkelân wat hy doe krigen hat noch steeds meanne mei...
Judy Bergsma is al in stikmannich jierren haadklasser en hat mei har maten al mannich prizen wûn. Renske Terwisscha van Scheltinga wie yn 2009 twadde yn it klassemint fan de froulju earste klassers en hat lykas Judy ek al in pear kear oan de froulju’s PC mei dien. Tot in priis op de PC binne sy noch net kaam mar wy hoopje dat dêr gauw feroaring yn komt.
Op de bûnspartijen litte ús keatsers meastentiids harren bêste spul sjen. Dat dit net altyd in priis opsmyt is wol dúdlik, je ferlieze faker dan dat je winne. Op de bûnspartij foar senioaren yn Frjentsjer is yn 2006 de fyfde priis wûn troch Simke Altenburg, Wiebe Terwisscha van Scheltinga en Sytze Terwisscha van Scheltinga. Yn 2010 pakten Sjors Altenburg, Bouke Poelsma en Simke Altenburg de 6e priis, troch op 'e tredde list fan it partoer fan Sint Jabik te winnen, dat keatste mei trije haadklassers. Yn 2015 pakte ús feriening op 'e nij in fyfde priis, dit kear mei de keatsers Meindert Bonnema, Sybren Poelsma en Simke Altenburg. Hja wûnen op 'e tredde list knap fan Easterein.
 
Op de Freule hat sawat elts jier in pertoer meidien en waard soms de tredde list helle. Neidat yn 1995 de fiifde priis wûn is troch Yme Wagenaar, Siebrand Rijpma en Simke Alktenburg wie it yn 2002 echt goed raak. Op de jubileum freule (de 100ste) waard, oer twa dagen ferdield, de earste priis wûn nei in finale mei alles oan de hang fan Aldebiltsyl. De priiswinners wienen Tjitte Altenburg, Bouke Poelsma en Sytze Terwisscha van Scheltinga.
FreuleWinnaars.jpg
 
Ek by de famkes waard bêst keatst. Yn datselde jier 2002 hellen sy de finale fan de famkes freule, de Âld Meierspartij yn Hitsum. Spytich genôch waard de finale ferlern troch Renske Terwisscha van Scheltinga, Susan Altenburg en Djoeke van der Werf. Yn 2003 waard op dizze selde partij noch in tredde priis wûn. Yn 2015 hat Renske foar it earst in priis wûn op de Froulju's PC yn Weidum. Se kaam mei har maten Anne Monfils en Imke van der Leest sels yn de finale! Spitich genoch siet de heechste eare der net yn, mar intwadde priis is ek geweldich fansels!
 
Yn al dizze jierren binne troch ferskate keatsers prizen wûn op frije formaasje en trochelkoar lotters partijen yn federaasje en bûnswedstriden. Fan alle jierren is, dat der mei in soad nocht en wille keats wurdt en dat meidwaan wichtiger is dan winnen.
Spesjaal te fermelden is noch dat der in protte jeugdkeatsers binne en dat sy faak aktyf lid bliuwe ek al binne sy nei in oar plak ferhûze.

Wij geane der dan ek fan út dat it haadstik skiednis steeds langer wurde sil en der mear suksessen te melden binne.

 

 
WEBDESIGN DIJKSTRA AUTOMATISERING