Thus
Organisaasje
Wedstrydagenda
Utslaggen
Fotos
Skiednis
Ynformaasje
Stipers
Keatskanon
Archyf 2010
Archyf 2011
Archyf 2012
Archyf 2013
Archyf 2014
Archyf 2015

Archyf 2013

 

                                               It seizoen 2013 sit der op!

         Freerk TvS en Marieke Schaap winne harren twadde Jan Bakker Bokaal!
               Sjoch HJIR foar de folsleine útslach by de senioaren en de bêrn

          4.JPG       5.JPG

                De kompetysjebekers binne foar Frans Poelsma en Petra Schaap
                             Besjoch HJIR de folsleine kompetysje-útslach
                                             
                  11.jpg            10.jpg


                    Dizze keatsers wûnen de lêste ledepartij fan it jier yn Reahûs

       Welmoed & Tjerk                  Wietske & Arjen           Sytze, Jan en Christian

   1_4.jpg   2_5.jpg   3_4.jpg

               Sjoch HJIR foar mear foto's fan de Allicht/Piet van der Hoff Partij


                      Renske pakt in knappe tredde priis yn har 'eigen' doarp!

It haadklassekeatsen foar froulju yn Reahûs is snein wûn troch Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra. Dit partoer wie yn 'e finale te sterk foar de suskes Nynke en Wiljo Sijbrandij en Maaike Osinga. Nicole Hempenius, Marte Altenburg en ús eigen Renske Terwisscha van Scheltinga waarden knap tredde. Renske en dy wûnen yn 'e tredde omloop mei alles oan 'e hang, mar koenen it yn 'e heale finale net oprêde tsjin de lettere winners. Sjoch hjirûnder de foto's fan 'e priiswinners. Letter miskien wol mear foto's.

      1_3.jpg  2_2.jpg  3_2.jpg

                       Welpen Reahûs-Turns oppermachtig yn Hommerts

Keatsferiening De Boppeslach yn Hommerts-Jutryp organisearre snein 1 septimber in federaajseparty foar ôfdielingspartoeren. Fansels hie KF Reahûs-Turns ek in grutte delegaasje rjochting Hommerts-Jutryp stjoerd. By de welpen wie ús feriening oppermachtig. Hieke Bootsma en Wietske de Jager waarden earste by de welpen famkes. Sy krigen yn trije partijen mar twa earsten tsjin! Anna-Boukje Altenburg en Trudy Hoekstra waarden twadde. By de welpen jonges wûnen Durk Bootsma en Tjerk Andringa de twadde priis. Doede de Jager keatste snein yn Huzum. Hy pakte der in tredde pryske yn 'e ferliezersronde. Sjoch hjirûnder de foto's fan ús súksesfolle welpen!

                                        DSC_0032.JPG

DSC_0033.JPG  DSC_0029.JPG  DSC_0036.JPG

            Brecht & Karst en Doede & Klaas winne Ouder/Kind Partij yn Turns!
                              Sjoch HJIR foar de foto's fan de oare priiswinners
                                        

    karstenbrecht.jpg         doedeenklaas.jpg

 

Koart Keatsnijs pleatst 26 augustus 2013

# Turns hat in prachtig keatswykein efter de rêg. Sawol sneon as snein wie it skitterend waar en stienen der in protte keatsers op it fjild. Sneon dienen der 60 keatsers mei en snein stienen der leafst 78 keatsers op 'e list. Geweldich! De Ouder/Kind Partij is yn 'e B-klasse wûn troch Brecht en Karst Tamminga. Sy wienen te sterk foar Anne en Klaas Bootsma. De tredde priis wie foar Durk Bootsma en Christian Visser. By de ferliezers waarden Joop en Popke Altenburg earste, Haije Hylkema en Annemieke Poelsma twadde en Amarins Gerbrandy en Marijke de Jong tredde. Doede en Klaas de Jager wûnen yn 'e A-klasse fan Marieke en Ria Schaap. Anna-Boukje en Rein Altenburg waarden tredde. Yn de ferliezersronde wie de earste priis foar Bote en Jan-Jacob Altenburg. Wietske de Jager en Adrie Bootsma waarden twadde en Lydia en Sybren de Jong tredde. Lokwinske allegear! Sjoch hjir boppe foar de link nei de foto's.

# De kompetysjeprizen waarden snein ek útrikke oan de bern. By de jongste bern wienen Doede de Jager, Durk Bootsma en Inez de Jong nûmers ien, twa en trije. By de âldere bern wienen Anna-Boukje Altenburg, Trudie Hoekstra en Arjen Schaap de bêste trije. Om't Anna-Boukje de measte punten helle hat, gie sy der mei de wikselbeker fantroch! Lokwinske! De foto's fan de útrikking fan de kompetysjeprizen stean by de foto's fan de Ouder/Kind Partij. Op de foto's is ek te sjen dat de frijwilligers, dy't holpen ha by de kompetysjejûnen, efkes yn it sintsje setten waarden!

# Renske T.v.S. en har maten Nicole Hempenius en Marte Altenburg wûnen yn Ljouwert in knappe tredde priis op 'e haadklassepartij. Best genôch! De earsteklas froulju keatsten ek by LKC. Op it  moaie keatsfjild Sonnenborgh gienen de krânsen nei Judy Bergsma en har maten. Lokwinske froulju!

 

            Nei ôfrin fan de Joostemapartij wie it noch lang gesellich yn Turns!
                                           Sjoch HJIR foar mear foto's!

                                      klaske.jpg


                          
Kees, Bote en Klaas winne de Joostemapartij!
                           Sietske, Petra en Geeske winne by de froulju!

winners.jpg
UPDATE Kees Merkus, Bote Jellema en Klaas Kamstra ha sneon de Joostempartij yn Turns op harren namme skreaun. Se wûnen yn de finale fan Meindert Bonnema, Stephan van Krimpen en Rink Bakker. By de froulju wienen de krânsen foar Sietske Merkus, Petra Jellema en Geeske Yntema. Sy wûnen it fan Hetsche Boonstra Afke van der Berg en Tineke Yntema. Sjoch HJIR foar de foto's fan de oare priiswinners. De sfearfoto's stean der no ek by!


 Judy Bergsma nimt op prachtige wize ôfskied fan de Frouljus PC yn Weidum

Judy_Bergsma.jpg
Judy Bergsma keatste yn Weidum har lêste Frouljus PC. Mei har maten ferlear se yn de earste omloop fan de lettere winners. Judy kin lykwols werom sjen op in prachtige dei. Se waard oanmoedige troch har freondinnen en ek de skoalbern wêr't sy les oan jout, wienen oanwêzich. Sy hienen spesjaal foar juf Judy in spandoek makke! Mei in krâns om 'e nekke en blommen yn 'e hannen stapte Judy mei in emosjoneel gefoel fan it fjild! Lúster HJIR nei in interview mei Judy.

 

 

  Sybren & Sietske, Nolke & Thessa en Atser & Agnes winne Pearkekeatsen
                               Sjoch HJIR foar de foto's mei byskriften!

      1_2.jpg  2_1.jpg  3_1.jpg

                    Frans Poelsma wint keatserij foar 50-plussers yn Easterlittens

                                    foto2_groot.jpg

 

Anna-Boukje wint de krâns yn Easterein, Amarins wurdt tredde!

1_1.jpg
Anna-Boukje Altenburg hat freed mei har maat Nynke Paauw út Easterein de krâns wûn by de welpen famkes. Amarins Gerbrandy pakte mei har maat Laura Dozeman út de Hommerts de tredde priis. Ek Marieke Schaap en Sjors Boschma pakten in pryske yn Easterein. Yn it foto-album stean foto's fan harren. Sjoch HJIR.

 

               Snein 11 augustus wie der Knkb-keatsen foar pupillen yn Turns!
                                           
Op it sportfjild yn Turns stienen snein 11 augustus leafst 56 jonges pupillen op 'e list. Yn 'e A-klasse keatsten acht twatallen. Yn 'e B-klasse stienen tweintich twatallen op 'e list. Der wie ien dielnimmer fan ús eigen feriening: Arjen Schaap. Hy slagge der net yn om in pryske te pakken. Yn 'e A-klasse gienen de krânsen nei Allard van Wigcheren út Berltsum en Gerrit Dijkstra fan Anjum. Sy fersloegen Wessel Hilverda út Winsum en Karel Monfils út Kimswerd. Tredde waarden Lucas Postma fan Dronryp en Sytse Koree út Anjum. Yn 'e B-klasse gienen de krânsen nei Tim Bijlsma (Frentsjer) en Werner Roorda (Stiens). Sy wûnen it fan Klaas Jan Oosterbaan (Skearnegoutum) en Geert Siegersma (Minnertsgea). Tredde waarden Stan van den Berg (Grou) en Roan Hooghiemster (Wynaam).

                                        qqqq.jpg

                                  zzz.jpg

                          Sjoch HJIR foar mear foto's fan dizze Knkb-partij!

Sukses foar Reahúster en Turnser keatsbern op federaasjeparty yn Boazum!
   Hieke wint de krans, Trudie en Ate pakke in tredde priis en Ruurd wurdt twadde!

  boazum_2.jpg     boazum_1.jpg    Ruurd.JPG

 

                                 Freulepartoer ferliest fan Menaam     

                                    freule.jpg                           

 

Koart Keatsnijs pleatst 8 augustus 2013

# Ruerd, Siard en Redmer koenen it woansdei lang net oprêde tsjin it partoer fan Menaam. It waard 5-0 en 6-2 foar Menaam, dat in omloop letter sels ek ferlear. De mannen fan Reahûs-Turns kinne dochs mar moai sizze dat hja in kear meidien ha en meidwaan is noch altyd wichtiger as winne!

# Snein 11 augustus is der yn Turns keatsen foar pupillen jonges! Foarich jier stie dizze party ek op it programma. Doe wie it ferskrikkelik waarm op it sportfjild. Dy waarmte bliuwt de jonkjes dit jier besparre! Arjen Schaap docht ek mei! Sjoch HJIR foar de list!

# De leste jierren wurdt der op de tongersdeis nei de Freule keatst by Rein Scheltinga. De saneamde Lytse PC stiet elts jier op dizze dei op it programma. Ek dit jier waard der wer striden om 'e 'Deade hazze op in blokje hout-bokaal'. Sytze, Meindert, Sjors en Bouke keatsten yn 'e A-klasse. Yn 'e froulju en Nico-klasse stienen Renske, Sietske Poelsma, Annemieke en Nico op 'e list. Renske wûn yn dy klasse mei 5-0 fan Nico, wylst Sietske blessearre rakke oan har ankel. Krekt foar seizen like Sjors der mei de priis fan troch te gean. Úteinlik gie Sjors ek mei de bokaal nei hûs ta. Sjoch ûndersteande foto.

                                                   Sjors.jpg

 

Joost Schaap wint Bonnema-partij yn Nylân. Sietske Poelsma wurdt twadde!
               Sjoch HJIR foar mear foto's fan de oare priiswinners fan ús feriening!

                                       3.jpg

                         Wietske de Jager wint fan nichtje Hieke Bootsma yn Snits
                                    

       1.jpg      2.jpg

                                                                    

                          Woansdei stean dizze mannen op it Freulefjild yn Wommels!

                                         FReulepartoer.jpg


Knappe 4e priis foar ynfaller Simke yn Ingelum

4epriis.jpg
Simke Altenburg die ôfrûne snein mei as ynfaller oan 'e grutte frije formaasjeparty foar earste- en twaddeklassers yn Ingelum. De maten fan Peter de Boer (midden op 'e foto) sparren harren foar de PC, sadat Simke en Robert Grovenstein fregen waarden om yn te fallen. Úteinlik resultearre dat yn in knappe fjirde priis foar dizze mannen. Best genôch!


 Sibe, Meindert en Bouke winne yn Itens!

krans_1.jpg
Sibe Wijbrandi, Meindert Bonnema en Bouke Poelsma wûnen sneon 20 july it federaasjekeatsen yn Itens. Twadde waarden Sybrand van der Wey, Sjoerd-Teake Kooistra en Marten Faber. Foar Meindert wie it alwer syn 7e (!) krâns fan dit jier! Yn de B-klasse gie de winst nei Marco van der Goot, Sjoerd Hofstee en Gauke Zijlstra!

 


Koart Keatsnijs pleatst 22  july 2013     

# Meindert Bonnema kin as foarsitter fan keatsferiening Spui yn 'e Want fan Hartwert grutsk wêze op it feit dat him wer in Hartwerter pleatst hat foar de PC. It giet om Gerrit-Jan Duiven. Hy keatst mei Peter van Zuiden en Tjerck-Floris Karsten, ek in âld Hartwerter en noch altyd lid fan Spui yn 'e Want. Op moandei 31 july sille wy yn Frentsjer sjen hoe't it mei de mannen gean sil! Moandei 29 july wurdt der lotte!

# Yn it programmaboekje stiet dat der sneon 27 july nachtkeatsen is yn Turns. Dizze party giet lykwols net troch.

# Op Facebook seachen wy in aardiche foto foarby kommen fan Jeske, Rink en Ruerd Bakker. Sy wûn snein 21 july it famyljekeatsen yn Burchwert. In moaie prestaasje en fansels leuk foar yn it plakboek. Sjoch hjirûnder foar de foto. Hasto ek leuk keatsnijs? Stjoer in mail nei boukepoelsma@hotmail.com.  

                            De Bakkertjes wûnen it famyljekeatsen yn Burchwert!

 

                                                    bakkertjes.jpg

 

Oane en Renske beide yn 'e krânsen!

Oane.jpgRenske.jpg

Koart Keatsnijs pleatst 15 july 2013     

# It sportive duo Oane Galama en Renske TvS wie ôfrûne wykein tige súksesfol. Oane wûn yn Burgum it keningsljeppen. Hy mei him no in jier lang kening neame, in titel dy't yn it ljeppen lang net sa gebrûkelik is as yn it keatsen. Hy kearde mei in allemachtig grutte krâns om 'e nekke werom yn Wiuwert. Renske wûn snein yn Lekkum de earsteklaspartij foar froulju mei har maten Nicole Hempenius en Marte Altenburg. Op de site fan it Friesch Dagblad stiet in aardich ferhaal oer Oane syn winst. Sjoch HJIR. Ek yn de LC en op Omrop Fryslân waard wiidweidich oandacht skonken oan de ljepperij yn Burgum!

#
Ek Judy Bergsma hie de smaak fan't wykein goed te pakken. Sneon wûn sy yn Mantgum de earsteklas keatserij foar frouljou t.i.l. mei Tineke Dijkstra en Melissa Hiemstra. Snein kaam sy yn de finale yn Lekkum krekt te koart tsjin in partoer fan Renske en dy. It waard 5-4 en 6-2. Judy keatse yn Lekkum mei har eigen maten Tineke Dijkstra en Idske Zijlstra. In moai wykein dus foar Judy! Best genôch!

# Sybren Poelsma en Wytze Hofstee keatsten ôfrûne sneon yn Minnertsgea it NK foar junioaren. Dat gie hielendal net sa min. Yn de earste omloop waard it keatsdoarp Berltsum ferlein. Yn de twadde omloop gie it mis tsjin Tsjummearum! Dat wie gjin skande foar it twatal út Turns. St. Anne wûn it letter op 'e dei. Foar harren wie it de tredde oerwinning op rige. In tige knappe prestaasje!

# Sneon is der federaasjekeatsen foar manlju (A- en B-klasse) yn Itens. De bestjoersleden fan Itens hoopje op in protte keatsers. It soe derom moai wêze as der ek wat mannen út Reahûs, Turns en omkriten nei Itens geane te keatsen. De webmaster wit út eigen ûnderfining dat it ik nei de keatserij yn Itens tige gesellich is. Net stinne mar der hinne dus!

federaasje_vitens.jpg

 

Meindert en Annemieke winne it pearkekeatsen yn Burchwert

Meindert.jpg
It pearkekeatsen is yn de omkriten fan Reahûs en Turns in tige populêre hobby. Wy witte dat it net allinne yn Reahûs dien wurdt, mar dat it ek yn doarpen as Boazum, Easterein, Hartwerd en Burchwert op it wedstrydprogramma stiet. Snein 14 july wie it yn Burchwert wer safier. De Reahústers Meindert en Annemieke wûnen fjouwer kear en namen de krânsen mei nei hûs! Lokwinske!

 

Hieke pakt de twadde priis yn Easterwierrum! 

Hieke, Durk, Trudy en Marieke yn 'e prizen yn Drylst!

krans.jpg
UPDATE: Hieke en Durk Bootsma moasten it freed 12 july yn Drylst tsjin elkoar opnimme yn 'e finale fan 'e federaasjeparty foar bern. Sa't jimme op de foto sjen kinne, krigen Hieke en harren maat nei ôfrin de krânsen omhongen. Yn de ferliezersronde gie de earste priis nei Trudy Hoekstra. Ek Marieke Schaap pakte yn har klasse in priis yn 'e ferliezersronde. Sjoch HJIR yn it foto-album foar mear foto's.
Ek de foto's fan Marieke binne der no byset, lykas de foto fan Hieke en har maat yn Easterwierrum!

 

It Freulepartoer is drok yn trening!

FReulepartoer.jpg

 

Koart Keatsnijs pleatst 10 july 2013     

# Der stean noch trije kompetysjejûnen op it programma. By de manlju giet Frans Poelsma oan 'e lieding. Hy hat in gatsje slein en wurdt folge troch Freerk TvS. By de froulju binne Sietske Poelsma en Petra Schaap de nûmers ien en twa. Sjoch HJIR foar de folsleine stân.

#
Nellie Rijpma waard mei it Boazumer frouljuspartoer ôfrûne sneon twadde op it NK foar froulju yn Jorwert. Wylst Reahûs en omkriten oan it genietsjen wie fan it matinee, kamen Nellie en de suskes Nynke en Wiljo Sijbrandij der yn 'e finale net oan te pas tsjin it sterke Berltsum. Boazum hie yn 'e finale knap wûn fan it sterke Grins. In moaie prestaasje! Sjoch HJIR foar in filmke.

# Oane Galama die ôfrûne wykein ek wer fan him sprekken yn 'e ljepwrâld. Hy sprong 20.58 yn 'e twakamp tsjin Hollân en wûn ek wer it mestklimmen yn Akkrum. Dêr ferbettere hy ek it rekôrd! Super Oane! Yn DIT berjocht op de LC-site mear oer Oane.

# Ús jeugdlid Ate Schaap hie ôfrûne freed mar in drokke dei. Hy keatste moarns mei yn Reahûs en stie dyselde dei ek op 'e list yn Skearnegoutum. Dat wie prima te kombinearjen. Moarns foel Ate noch bûten de prizen, mar middeis slagge it wol. Hy kaam mei in moaie krâns werom op Annabuorren. Sjoch hjirûnder de foto.

                                      Ate.jpg

 

Dizze keatsers wûnen freed 5 july it merkekeatsen yn Reahûs!
Sjoch HJIR foar alle priiswinners!
Wa't foto's fan e bêrn hat, kin dy maile nei boukepoelsma@hotmail.com

site 1_3.jpgsite 2_5.jpgsite 3_3.jpg

Koart Keatsnijs pleatst 8 july 2013     

# Wy ha gjin foto's fan it bernekeatsen fan freed 5 july. De útslaggen binne al bekend. Yn 'e B-klasse wûnen Iris de Jong en Elbrich de Jager! Sy fersloegen Durk Bootsma en Marieke Altenburg yn 'e finale! De tredde priis wie foar Rutger Altenburg en Sigrid van der Werf. Inez de Jong en Jochem Postma wûnen yn 'e finale fan de ferliezersronde fan Tjerk Andringa en Katrien Wiersma.

#
Yn de A-klasse wie de earste priis foar Marieke Schaap en Ytzen Tamminga, dy't syn earste krâns wûn! Sy fersloegen Jeffrey van der Werf en Doede de Jager. Hieke Bootsma en Jorrit Engelsma waarden tredde. By de ferliezers wie de earste priis foar Pieter de Jong en Femke Agricola. Twadde waarden Dirk van Balen en Corné Nauta! Eventuele foto's kinne mailt wurde nei boukepoelsma@hotmail.com.

# De Reahúster fotograaf Marten Lijklema hat dit wykein in protte foto's makke fan de merke. Hy stie freed op it keatsfjild, mar wie der ek by de oare aktiviteiten. Marten hat wier prachtige foto's makke. Sjoch gau HJIR en genietsje noch efkes nei fan de Reahúster Merke!

 

Dizze bern pakten in priis by it feestkeatsen yn Turns!

IMG_9304.JPG

Dizze keatsers wûnen it feestkeatsen by de senioaren!
Sjoch
HJIR foar alle oare prachtige keats- en feestfoto's fan Popke Altenburg!

a1.JPGa2.JPGa3.JPG

 

Durk Bootsma (1e) en Tjerk Andringa (2e yn 'e ferliezers) wienen snein 30 juny súksesfol by it federaasjekeatsen yn Wolsum!

zomer2013_185.jpg
zomer2013_193.jpg


Koart Keatsnijs pleatst 1 july 2013     

# Nellie Rijpma en Sietske Merkus wienen snein 30 juny súksesfol by it federaasjekeatsen foar froulju yn Boazum. Se wûnen beide de krâns. Ek Esther Hoitenga pakte in krâns. De froulju keatsen trije partijen en strieden foar harren eigen klassemint. Se sieten trije kear by oare maten.  

# Freed 5 july is it merkekeatsen yn Reahûs! Senioarenkeatsers kinne harren oant en mei woansdei opjaan by Folkert van der Werf of Annemieke Poelsma. De bern dogge dat by Simke Altenburg.

# Hasto ek leuk keatsnijs of hast in moaie keatsfoto makke dy't te krijen hat mei ús feriening? Ynstjoere kin nei boukepoelsma@hotmail.com.

#
 Bote Altenburg wûn ôfrûne sneon de krâns by it federaasjekeatsen yn Easterlittens. Tegearre mei syn maat Germ Wijnja út Drylts wûn Bote leafst fjouwer partijen. Yn 'e finale wienen Bote en Germ mei 5-4 en 6-2 te sterk foar harren tsjinstanners. Bote's suske Anna-Boukje pakte snein mei har maat Larissa Smink út Makkum de earste priis yn 'e ferliezersronde by de welpen-famkes yn Arum. Sjoch hjirûnder de foto's fan Bote en Anna-Boukje.

                           altenburg_1.jpgaltenburg_2.jpg

 

 

Folkert en Sietske yn 'e prizen yn Easterein

Folkert_en_Sietske.jpg
Folkert van der Werf en Sietske Poelsma wûnen ôfrûne tongersdei 27 juny beide in twadde priis by it feestkeatsen yn Easterein. Folkert keatste yn de A-klasse by de manlju en Sietske keatste yn de A-klasse by de froulju. Beide leden fan de Reahúster ôfdieling fan it keatsbestjoer foelen by it feestkeatsen yn Turns bûten de prizen. Oankommende freed 5 july binne sy der grif wer by om by it merkekeatsen yn Reahûs foar de krânsen mei te striden!

 

Sybren en Folkert winne it Hynstepaadkeatsen yn Reahûs!

site_6.jpg

Sjoch HJIR foar alle oare sfear- en aksjefoto's!


Mannes, Keimpe en René winne it keatsen foar 30-plussers yn Reahûs!

 
site_5.jpg
Mannes van Weert, Keimpe Koldijk en René Leenstra ha snein 23 juny it keatsen foar 30-plussers yn Reahûs wûn. Yn de finale wie dit partoer te sterk foar Sybrand van der Wey, Jelle Jan Bouma en...Freerk Tvs! Freerk die ek efkes mei om't der in keatser wie dy't him ôfmelden hie. Jurian Rijpma wûn mei syn maten Roland van Wier en Willem Buurstra de earste priis yn 'e ferliezersronde. Sjoch HJIR foar de foto's.

Koart Keatsnijs pleatst 24 juny 2013            

# Nellie Rijpma hat mei it ôfdielingspartoer fan Boazum in tredde priis pakt by it haadklassekeatsen foar froulju yn Sint Anne. Mei de suskes Nynke en Wiljo Sybrandy koe Nellie it yn 'e heale finale krekt net oprêde tsjin de lettere winners Berltsum. Oer twa wike is it NK. Wa wit eindigt Boazum dan ien as twa treetsjes heger op it poadium?

# Freed is it feestkeatsen yn Turns. De earste keatsers stean al op 'e list. In opfallende dielnimmer is Carlos Gonzalez út Costa Rica. Dizze útwisselingsstudint sil besykje it Fryske spul ûnder de knibbel te krijen. Hy hat al efkes oan it oefenjen west en dat gie sa moai as wat. Ek meidwaan oan de keatserij? Opjaan kin by Jildert van der Werf of Bouke Poelsma.

# Anna-Boukje Altenburg hat de smaak mar te pakken dit jier. Snein 23 juny wûn sy yn Wergea in twadde priis by de wedstriid foar welpen famkes. De folsleine útslag en foto's stean op 'e KNKB-SITE.

# Oane Galama, ús ljeppende lid út Wiuwert, hat ôfrûne woansdei in nij PR sprongen. Hy wûn mei in sprong fan leafst 20 meter en 97 sintimeter de ljepperij yn Grypstsjerk. Oane, dy't ferline jier it NK wûn, pakte ek it skânsrekôrd. Yn Grypstsjerk wie noch nea safier sprongen! Best genôch Oane! 

 

Doede, Bote en Durk pakke pryskes op federaasjepartij yn Wommels 

site_4.jpg
Durk Bootsma, Doede de Jager en Bote Altenburg wienen sneon 22 juny te keatsen yn Wommels. Dat gie poerbêst. Doede pakte in twadde priis, Bote de earste yn 'e ferliezersronde en Durk waard twadde yn 'e ferliezersronde. Yn it foto-album stean noch wat foto's fan 'e priiswinners. Sjoch mar gau HJIR. Tige tank foar it ynstjoeren fan 'e foto's!

Eelke, Joost en Bouke winne yn Folsgeare, ek Trudie Hoekstra pakt in krâns! 

20130622_175053.jpg

 

Mei harren maat Eelke van der Wal wûnen Joost en Bouke sneon 22 juny de federaasjepartij yn Folsgeare. Yn de finale waard it partoer fan Henk van Dalfsen, Bertus Bootsma en Jurriaan Tjalsma mei romme sifers ferslein. Folkert van der Werf foel mei syn partoer krekt bûten de prizen.
Freed 21 juny keatsen de bêrn yn Folsgeare. Fansels dienen der wer in protte keatsers fan ús feriening mei. Trudie Hoekstra wûn in krâns. Alle útslaggen en foto's stean op de tige aktuele WEBSITE fan de Folsgearster keatsferiening KF Yn 'e Lijte.

   Anna-Boukje en Hieke winne ôfdielingskompetysje yn Littens!
Ate, Pieter en Doede waarden twadde!

CIMG5235.jpg    CIMG5236.jpg

Anna-Boukje Altenburg en Trudie Hoekstra yn 'e prizen yn Jirnsum!

Anna_Boukje_en_Trudie.jpg
Anna-Boukje Altenburg en Trudie Hoekstra út Reahûs ha snein 16 juny in knappe tredde priis wûn by it ôfdielingskeatsen foar pupillen-famkes yn Jirnsum. Hartstikke moai dat beide froulju fuort gean te keatsen en dan ek noch in leuk pryske pakke! De keatserij waard wûn troch Berltsum. Dronryp waard twadde. Sjoch HJIR foar mear ynformaasje en noch in foto fan de priiswinners.

 

Dizze keatsers wûnen snein 16 juny de Devopartij yn Reahûs!

site 1_2.jpgsite 2_4.jpgsite 3_2.jpg

Besjoch HJIR mear foto's fan de priiswinners en lês de byskriften!

Arjen en Trudie yn 'e krânsen yn Ysbrechtum!

Op freed 14 juny wienen de jeugdleden fan keatsferiening Reahûs-Turns tige súksesfol op it keatsfjild yn Ysbrechtum. Der wie in grutte dielname en in protte publyk, mei ek noch moai waar derby. Yn de kantine wie it sa drok dat der op 'e ein fan de rit in protte útferkocht wie. Fan ús feriening giene Arjen (pupillen) en Trudie (welpen) mei de krâns nei hûs. By de welpen fûlen fierder Tjerk, Sigrid v.d. W. en Tiemen yn de prizen. By de pupillen hienen Gerben, Sigrid W. (beide twadde!) en Jeffrey prizen. De priiswinners wienen allegearre let op bêd, mar wienen fansels tige grutsk op it risseltaat.

Arjen_Schaap.jpgTrudie_1.jpg
2013_06_14_21.jpg

        
'Hynstepaadkeatsen' op moandei 24 en tiisdei 25 juny!                                     

hynstepaad.jpg
Op moandei 24 en tiisdei 25 juny organisearje Joop Bootsma en Ate Altenburg it saneamde 'hynstepaadkeatsen' yn Reahûs. Der wurdt keatst mei in sêfte bal en sûnder want! Keatsers meie wol in 'fytswantsje' oan, om de hân wat te beskermjen. De oanfang op beide jûnen is 19.00 oere. Keatsers dy't letter begjinne wolle (fanôf 19.30 oere), kinne dit oanjaan as sy harren opjaan by Joop (0515-332217) of Ate (06-18522823). Sjors, Sybren, Meindert en Bouke ha al efkes in potsje spile. Sy binne tige entûsjast oer it hynstepaadkeatsen, werby taktyk en tuskenspul in grutte rol spylje!

 

Snein wie de Bootsmaparty foar bêrn en senioaren yn Turns!
                        

site_1
De Bootsmapartij fan snein 9 juny yn Turns wie wer beregesellich, sa't jimme oan dizze foto fan Christian en Annemieke sjen kinne! Fansels waard der ek keatst. Veelvraat Freerk TvS en Titus Andringa wûnen de A-keatserij by de senioaren. De B-keatserij waard wûn troch Romke Schaap, Haye Postma en Meint Leijenaar. De takomst fan ús feriening stie ek wer manmachtig op it fjild te keatsen. Sjoch gau HJIR hokker bêrn in pryske pakten!


Trudie en Wietske (2e)            &      Anne-Boukje en Hieke (1e)  
      wienen súksesfol by it federaasjekeatsen yn Weidum!
      Pieter, Ate en Doede wûnen de earste fan 'e ferliezers!

site 2_3.jpg             site 3_1.jpg
 

Dizze jonge is tongersdei 28 wurden!

       
20130525_114617.jpg
Sytze Terwisscha van Scheltinga is hjoed - tongersdei 6 juny - jierdei. Lokwinske Sytze! Dizze foto is makke op sneon 25 maaie doe't ús 'jarige job' te keatsen gong yn Boazum. Sytze twifele as hy yn de auto soe as op 'e fyts. Úteinlik makke hy de bysûndere kar om op tige komfortabele wize mei de fyts yn de auto te sitten. Dat holp net folle. Sytze ferliet Boazum letter op é dei sûnder priis...Hy kearde trouwens húswaarts op 'e fyts...

It reinde prizen foar KF Reahûs-Turns yn Goaiingea!

Joost Schaap wie de populairste keatser!
IMG_20130601_WA00011.jpg
De keatsers fan KF Reahûs-Turns hienen gjin lêst fan it kâlde waar yn Goaiingea sneon. Sawol by de bêrn as by de senioaren reinde it prizen foar keatsers fan ús feriening! Doede, Marieke, Sietske, Hester, Cilia, Sytze, Meindert en Bouke krigen de hage omhongen! Joost kaam yn de spesjale sms-aksje nei foaren as keatser fan 'e dei! Yn it FOTO-ALBUM stean mear foto's fan 'e priiswinners. Op 'e SITE fan Goaiingea stean alle útslaggen en komme ek noch foto's. Hjir is te sjen dat noch folle mear keatsers fan Reahûs-Turns in pryske pakten yn Goaiingea!


Peloten yn Skearnegoutum op sneon 8 juny!

peloten.jpg
Sneon 8 juny organisearret kv De Lytse Stuit yn Skearnegoutum peloten foar ôfdielingspartoeren út de federaasje Snits en omkriten. Partoeren kinne harren opjaan op de site fan de Skearnegoutumer keatsferiening: www.kvdelytsestuit.nl. Sjoch HJIR foar mear ynfo.

      Freerk en Frans liede yn 'e striid om 'e Jan Bakker Bokaal
                                            Sjoch HJIR
    Lytse ferskillen yn 'e tuskenstân fan it kompetysjekeatsen
                                            Sjoch HJIR


            Dizze bêrn wûnen in priis op 'e Altenburgpartij!

P5261144.JPG

           
Freerk en Folkert en Jehannes en Frans winne Altenburgpartij                       
Snein 26 maaie is de Altenburgpartij wer ferkeatst yn Reahûs. By de senioaren stienen yn 'e A-klasse mar fjouwert twatallen op 'e list. Yn 'e B-klasse stienen seis partoeren op 'e list. Ek yn dizze klasse wienen in pear twatallen lotte. Freerk T.v.S. en Folkert van der Werf wienen yn 'e A-klasse te sterk foar Bouke en Titus. Hja wûnen mei 5-3 en 6-6 en pakten leafst fiif fan 'e seis boardsjes op seis gelyk! Freerk T.v.S waard útroppen ta kening. Frans Poelsma en Jehannes Gerbrandy wienen yn 'e finale fan 'e B-klasse te sterk foar Rein Altenburg. It waard 5-2 en 6-2. Jehannes krige de keningsbeker! Sjoch HJIR foar mear foto's fan alle priiswinner en lês ek de byskriften!
   

     site 1_1.jpgsite 2_1.jpg

                                      
                    

Koart Keatsnijs pleatst 27 maaie 2013            

# Renske T.v.S. is it keatsseizoen 2013 tige goed úteinset Op 'e earsteklas pakte sy al in earste en in twadde priis. Juster soarge sy mei har maten Nicole Hempenius en Marte Altenburg foar in grutte ferrassing troch de haadklassepartij yn Berltsum te winnen! Yn 'e finale wûnen Renske en dy mei 5-3 en 6-4 fan it sterke partoer fan Iris van der Veen, Manon Scheepstra en Sjoukje Visser. In prestaasje fan formaat.

# Ôfrûne freed wie der in federaasjepartij foar ôfdielings yn Easterlittens. Der dienen ek in protte keatsers út Reahûs-Turns mei. En net sûnder sukses. Hieke Bootsma en Anna-Boukje Altenburg pakten de twadde priis en Anne Bootsma en Durk Bootsma waarden tredde. Ek foar Pieter de Jong, Ate Schaap en Doede de Jager wie der in twadde priis. Best genoch!

# It kompetysjekeatsen wie ôfrûne woansdei yn Reahûs. Der wien net in protte keatsers...Freerk TvS, Sybren Poelsma en Sjoerd de Boer ferlearen fan Bouke Poelsma, Berry de Jong en Herman Tvs. It waard 1-5 en 6-6. Sietske Poelsma, Frans Poelsma en Petra Schaap wienen mei 5-5 en 6-0 te sterk foar Sietske Merkus, Wietske Metzlar en Rein TvS.
  Sjoch HJIR foar de nije tuskenstân yn e kompetysje.                                     

 

           

Frans, Bauke en Piet winne B-klasse by de 50-plussers!
                    
site.jpg
Frans Poelsma, Bauke Posthuma en Piet Machiela wûnen snein 19 maaie mei grut machtsfertoan de B-klasse fan de 50-pluspartij yn Reahûs. Se krigen yn 4 partijen mar 6 earsten tsjin! Yn 'e finale wienen sy mei 5-0 en 6-2 te sterk foar Henk Deelstra, Auke Kuiken en Andries Gillebaard. Yn 'e A-klasse wienen de kransen foar Ludwig Seerden, Freek Ebbinge en Ieme de Haan. Sy wûnen it yn in prachtige finale mei 5-5 en 6-2 fan Durk Punter, Oeds de Roos en Anno Miedema. Sjoch HJIR foar mear foto's en útslaggen!

Koart Keatsnijs pleatst 19 maaie 2013

# Renske T.v.S. wie yn Hitzum suksesfol by it keatsen foar earsteklas froulju. Sy pakte mei har gelegenheidsmaten Anneke van der Bos en Esther Wagenaar in twadde priis. Judy Bergsma (2e omloop ferlen fan Renske) en Sietske Merkus (1e omloop) slaggen der net yn om in pryske te pakken.

# It kompetysjekeatsen wie ôfrûne woansdei yn Turns. De útslaggen hienen jimme nog tegoede. Freerkt T.v.S., Jildert v/d Werf en Herman T.v.S. wûnen it mei 5-5 en 6-0 fan Folkert v/d Werf, Sybren Poelsma en Rein Bootsma. Romke Schaap, Age v/d Goot en Jos van der Werf wûnen it mei 5-3 en 6-2 fan Sietske Poelsma, Sjoerd de Boer en Frans Poelsma. Rein T.v.S, Anna Metzlar (de sus fan Wietske) en Sytske Altenburg wienen mei 5-2 en 6-2 te sterk foar Wietske Metzlar en Teatske de Boer.

# Op ús eigen website ha wy al wiidweidich oandacht skonken oan de trening fan Stichting Kaatsfan op it sportfjild yn Turns. Stichting Kaatsfan hat ek op harren eigen site in stikje skriuwn. Sjoch gau HJIR.

Anna-Boukje wint twadde priis yn de ferliezersronde yn Easterwierrum!

       
2013_05_18_14.jpg
Anna-Boukje Altenburg pakte tegearre mei har maat Iris Oosterbaan út Skearnegoutum de twadde priis yn de ferliezersronde by it KNKB-keatsen foar welpen famkes yn Easterwierrum. Best genôch froulju! Tige tank foar it ynstjoeren fan de foto! Ek in moaie keatsfoto makke? Stjoer 'm troch nei boukepoelsma@hotmail.com.

 

Koart keatsnijs pleatst 16 maaie 2013

# It ôfdielingspartoer fan KF Reahûs-Turns moat it op Pinkstermoandei opnimme tsjin Goutum, de winners fan 2009 en 2010.

# Stichting Kaatsfan.nl wie ôfrûne tiisdei te gast by ús feriening. De mannen treenden op it sportfjild yn Turns. It wie in wiere boppeslach. Bêrn en keatsers wienen tige êntusjast en de keatsferiening krige in cheque fan €75 oerhannige om it jeugdkeatsen te stypjen. De foto's stean yn it FOTO-ALBUM.

# Marten Lijklema hat ôfrûne freed foto's makke fan it federaasjekeatsen foar de jeugd yn Reahûs. De foto's binne de muoite fan it besjen seker wurdich. Der sitte in pear prachtige plaatsjes by! Sjoch gau HJIR

 

Entûsjaste bêrn en keatstoppers yn Turns!
Sjoch HJIR foar mear foto's

kaatsfan_site


Koart keatsnijs
pleatst 13 maaie 2013

# Renske T.v.S. hat mei har frije formaasjematen Marte Altenburg en Nicole Hempenius de krâns wûn by it earsteklas keatsen foar froulju yn Pingjum. Dat is fansels best genôch! Lokwinske froulju: op nei de haadklasse!

# Oankommende sneon is it iepen FK grutte bal keatsen foar ôfdielingspartoeren yn Tsjummearum. Keatsers fan ús feriening binne ek útnoege om mei te dwaan. Sy kinne sels in partoer formearje, mar wurde al fersocht om yn 'e ôfdielingsklean fan ús feriening te keatsen. Sjoch HJIR foar mear ynformaasje.

# Op pinkstersnein is yn Reahûs wer de jierlijkse partij foar 50-plussers. Lykas oare jierren ferwachtsje wy ek dit jier wer inkele opjeftes fan keatsers fan ús eigen feriening. Ek dit jier wurde der wer in pear leden optrommele om tsjinst te dwaan as karmaster. Sjoch gau efkes yn it programmaboekje as dyn namme der ek by stiet!

Prachtige keatsdei yn Turns op e Timmerbedrijf Ruurd Veldhuis Partij!                     
P5120971.jpg

 

Rein en kjeld waard der foarspelt. Gelokkich foel it allegear bot ta mei it minne waar. De sinne skynde en ek al waaide it stevich, it wie noflik waar om te keatsen. By de jeugd dienen achttjin twatallen mei. By de senioaren wie de opfjeft lykwols net al te bêst: achttjin keatsers yn totaal. Mar it giet fansels net om 'e keatsers dy't der net wienen, mar om 'e keatsers dy't al op it fjild stienen. En dy keatsers makken der in prachtige keatsdei fan. Ek sa benyd nei de priiswinners? Sjoch gau HJIR en lês ek de byskriften!

 

 

Jeugdleden útnoege foar leuke keatsjûn mei Stichting Kaatsfan.nl

kaatsfan.jpg

Stichting Kaatsfan.nl komt oankommende tiisdei 14 maaie yn Turns te trenen. It giet om de keatsers Pieter van Althuis, Hendrik Bouwhuis en Jacob Klaas Haitsma en Pieter Sybren Scharringa, Bauke Dijkstra en Steven de Bruin. Harren coaches binne Wybe Visser (âld-jeugdtrener fan ús feriening!) en Jelmer Hornstra. Stichting Kaatsfan.nl wol sjen litte wa’t sy binne en wolle de jeugd fan ús feriening noch entûsjaster meitsje dan dat sy al binne. It soe moai wêze as safolle mooglik jeugdleden op dizze trening ôfkomme. Sy kinne op ‘e foto mei de keatsers en krije in tas mei leuk keatsguod. Sjoch HJIR foar in wiidweidige útlis fan wat de bedoeling is.  

 

Pryskes foar Marieke, Arjen, Sjors, Sigrid, Durk, Pieter en Inez yn Reahûs

P5100949.jpg

Freed 10 maaie wie der in federaasjeparty foar bern yn Reahûs. Fansels dienen der ek in protte bern fan ús eigen feriening mei. Ferskate keatsers pakten in pryske. Marieke Schaap (skoalfamkes), Arjen Schaap (jonges pupillen) en Sigrid van der Werf (welpen) pakten alle trije in twadde priis. Durk Bootsma pakte in tredde priis by de welpen. Pieter en Inez keatsen by de welpen tsjin elkoar yn ‘e finale fan ‘e ferliezersronde. Pieter wûn dizze striid. Foar Sjors Boschma (jonges pupillen) wie der ek in twadde priis yn ‘e ferliezersronde. Op de foto is te sjen dat Durk Bootsma oandachtig taskôger is by de finalepartij fan Arjen Schaap. Sjoch HJIR foar mear foto's en lês ek de ûnderskriften.

 

 

 

Koart keatsnijs pleatst 10 maaie 2013

# Bouke, Meindert en Simke ha tongersdei op himelfeartsdei te keatsen west yn Tsjummearum. Yn 'e earste omloop keatsten sy tsjin it twatal fan Wynaam. De keatsers út Reahûs-Turns moasten efkes op gong komme, mar wûnen úteinlik mei it lytst mooglike ferskil. Mei alles oan 'e hang sloech Simke de bal boppe. Yn 'e twadde omloop wie Minnertsgea in flinke maat te grut.

# Yn Reahûs dienen woansdei 13 keatsers mei oan it kompetysjekeatsen. Freerk TvS en Berry de Jong keatsten poerbest en wûnen rom mei 5-1 en 6-6 fan Jos vd Werf, Herman TvS en Bouke Poelsma. Sietske Poelsma, Sjoerd de Boer en Atty Rienstra sloechen poerbêst fan harren ôf en wûnen it mei 5-3 en 6-2 fan Sietske Merkus, Frans Poelsma en Petra Schaap. Petra en Atty keatsen earst tegearre tsjin Cilia Witteveen en Marieke Tvs. Troch in blessure fan Cilia waard dizze partij al snel staakt. Sadwaande moasten Atty en Petra it efkes letter tsjinelkoar opnimme. Wy hoopje dat de blessure fan Cilia tafalt. Sterkte!


#
Kees Galama is syn want kwyt. Der kwaam hy pas efter doe't hy him al opjoen hie foar it keatsen fan ôfrûne snein yn Reahûs. It wie dan ek logysk dat Kees as opslager oan 'e keatsdei begong. Yn 'e rin fan 'e dei krige Kees skjin syn nocht fan it opslaan en stapte hy dochs it perk yn. Mei bleate hân weage hy him oan de hurde ballen dy't op him ôfslein waarden. Om't Kees ljofts is, koe hy ek net samar efkes in want fan in oare keatser brûke. Ek de help fan Herman TvS kaam te let. Neidat de lêste bal slein wie sy hy tsjin Kees: "Hiedest myn want ek wol brûke kint." Wy binne benyd as Kees snein ek yn Turns op it fjild stiet...

Prachtich keatswaar op earste ledepartij fan 2013!
Dizze keatsers wûnen de krâns op de Rabobank partij yn Reahûs.
Sjoch yn it FOTO-ALBUM foar mear foto's mei ûnderskriften fan dizze keatsdei.
Jildou de Jong hat ek in protte foto's makke. Dy binne HJIR te sjen. It is de muoite wurdich om se efkes te besjen, al stiet de ien wol wat faker op 'e foto as de oar..

site_0.jpgsite_1.jpg
site_2.jpgsite_3.jpg
 

David en Goliath winne tegearre de krâns by de welpen yn Itens!

IMG_1711.jpg

In prachtich plaatsje fan Durk en Pieter. Dizze twa toppers wûnen teagearre de krâns by it federaasjekeatsen foar de bêrn yn Itens! Der wienen mear pryskes foar jeugdkeatsers fan ús feriening. By de welpen pakte Doede in tredde priis en wie de twadde priis yn de ferliezersronde foar Hieke (sjoch ûndersteande foto). Arjen Schaap pakte by de pupillen de earste priis fan de ferliezers. Bote Altenburg pakte freed mei syn maat Hessel de Groot de earste priis fan de ferliezers by de skoallejeugd! Best genôch jonges en famkes! En tige tank foar it ynstjoeren fan de foto's en de ynfo!
Ek in moaie keatsfoto makke dy't te krijen hat mei ús feriening? Stjoer 'm troch nei boukepoelsma@hotmail.com  

IMG_1710.jpg


Age's froulju binne der klear foar!

 

AGe.jpg

 

Koart keatsnijs pleatst 2 maaie 2013

# It wurk oan de oerkapping fan it terras by it Reahúster keatshokje giet moai flot. Der wurdt alwer wurke oan de saneamde 'laatste loodjes'. Sneon 4 maaie giet in ploech strjitlizzers oan it wurk om it terras op te heechjen. Sadwaande sjocht alles der snein 5 maaie, as it goed is, wer picobello út. Kom snein mar efkes del om it resultaat te besjen!

#
Yn Turns dienen woansdei 1 maaie 14 keatsers mei oan it kompetysjekeatsen. Frans Poelsma en Sietske Poelsma wûnen mei 5-3 en 6-0 fan Jehannes Gerbrandy en Sietske Merkus. Petra en Ria Schaap wienen mei 5-2 en 6-6 te sterk foar de froulju fan Feestfertier: Adrie Visser-Bootsma en Sietske Altenburg-Joustra. Freerk T.v.S., Herman T.v.S. en Jos v/d Werf fersloegen Folkert v/d Werf, Berry de Jong en Romke Schaap mei 5-2 en 6-4.

 

Is ien fan dizze keatswanten fan jo? Nim dan kontakt op mei Simke Altenburg!


IMAG0115.jpg

Der wurdt hurd wurke oan de oerkapping by it Reahúster keatshokje!

P4220874.jpgP4220878.jpg


Koart keatsnijs pleatst 25 april 2013

# De manlju en froulju dy't meidieden oan 'e Friesland Bank Cup koenen gjin potten brekke. Sjors Altenburg, Bouke Poelsma en Simke Altenburg ferlearen yn It Hearrenfean mei 5-2 en 6-6 fan Bolsert twa. Annemieke Poelsma, Marieke de Jong-TvS en Sietske Merkus koenen it yn Seisbierrum net oprêde tsjin it pleatselike frouljuspartoer.

# Yn Reahûs stienen woansdei 11 keatsers yn 'e krite op de earste kompetysjejûn. Folkert vd Werf, Jos vd Werf en Age vd Goot wûnen it mei 5-1 en 6-6 fan Freerk TvS, Herman TvS en Berry de Jong. Frans Poelsma en Atty Rienstra wienen mei 5-3 en 6-6 te sterk foar Jehannes Gerbrandy, Petra Schaap en Teatske de Boer

 
Koart keatsnijs pleatst 16 april 2013

# De wedstrydaginda's fan de senioaren en de jeugd stean no ek op de site. Sjoch gau HJIR foar mear ynfo.

# It jierlijkse programmaboekje is nei de drukker. Dit wykein moat it - tegearre mei de kontribusjenota's - by de measte leden op 'e matte falle!

# Op snein 24 maart wie der in sealkeatspartij yn Snits foar de jeugd. Ferskate leden fan KF Reaûs-Turns pakten dêr ek in priis. Op DIZZE foto's sjogge jimme wa't dat binne en hokker keatser syn earste krâns pakte. Op de site fan Folsgeare stiet ek in moai ferslach fan dizze wedstryd! Sjoch HJIR foar it ferslach.

 


 Prachtige nije ferienigingsklean te bestellen by Textielstra pleatst 8 april 2013

shirt_reahus_turns.jpg


Yn gearwurking mei stiper Textielstra hat KF Reahûs-Turns in nije 'kledinglijn' opsetten. Ferskate keatsshirts, -broekjes en -tassen binne by Textielstra te bestellen. It sjocht der prachtich út. Foar de bêrn binne der ek moaie wite wedstrydshirts beskikber. Mei dy shirts kinne sy meidwaan oan Knkb-wedstriden (d.e.l.). Leden as oare fans dy't klean bestelle wolle, kinne in mailtsje stjoere nei info@textielstra.nl o.v.v. bestelling KF Reahûs/Turns kleding. Wolst klean bestelle, jou dan ek oan wat it factuuradres is. Ek graach efkes der by fermelde ast de klean sels ophelje wolst of thús besoarje litte wolst. Sjoch HJIR foar de komplete searje klean.

 

Koart keatsnijs pleatst 8 april 2013
# Op dit stuit wurdt der noch hurd wurke oan it jierlijkse keatsboekje. Yn it wykein fan 20/21 april falt it boekje by de measte leden yn 'e bus.

# Hjirby alfêst wat wichtige data om te notearjen. De earste kear kompetysjekeatsen foar de senioaren is op woansdei 24 april yn Turns. De bêrn sette in dei letter útein mei harren earste trening yn Reahûs. De earste ledenpartij is op snein 5 maaie yn Reahûs. In wike letter is de earste ledenpartij yn Turns. Yn it keatsboekje kinne jimme ynkoarten it folsleine programma besjen.
          

# De manlju en froulju fan KF Reahûs-Turns dogge ek dit jier wer mei oan 'e Friesland Bank Cup. De manlju moatte it opnimme tsjin it twadde partoer fan Bolsert. De froulju keatste tsjin it partoer fan Seisbierum.

# De kommende dagen/wiken sil dizze site fjirder folrinne mei nijs, foto's en oare nijskierriche saken. Sjoch HJIR foar al it nijs fan ôfrûne jier.

 

 

 

 

 

 
WEBDESIGN DIJKSTRA AUTOMATISERING