Thus
Organisaasje
Wedstrydagenda
Utslaggen
Fotos
Skiednis
Ynformaasje
Stipers
Keatskanon
Archyf 2010
Archyf 2011
Archyf 2012
Archyf 2013
Archyf 2014
Archyf 2015

Archyf 2014

Haye Postma en Marieke Altenburg winne Jan Bakker Bokaal!

2_5.jpg  1_6.jpg

Koart keatsnijs, pleatst 22 septimber

# Renske Terwisscha van Scheltinga kin werom sjen op in prima keatsseizoen. Neidat se ferline wike de finale yn Marssum noch ferlear, wûn se juster de slotpartij fan it jier yn Ljouwert. Se keatste mei Nelie Steenstra en Sjoukje Visser. Troch op de lêste twa partijen 5 punten by elkoar te keatsen, is Renske der yn slagge om by de earste tsien fan it klassemint te kommen. Sjoch HJIR foar de folsleine útslach fan it klassemint.

# Jurian Rijpma en Joost Schaap ha ôfrûne sneon de keatserij yn Boazum op harren namme skreaun. Mei harren maat Marco Kruger wûnen sy de M. De Jong Partij. In knappe prestaasje, der stienen mar leafst 25 partoeren op 'e list.

# Sietske Merkus en Sietske Poelsma ha snein yn Winsum in knappe tredde priis wûn by de Wilde Kippetjes Partij. It twatal ferlear yn 'e heale finale, fan Elske van Nes, dy't keatste mei Arlies van der Brug en Rika van Dijkhuizen. Der stienen 55 partoeren (!) op 'e list. Sybren Poelsma en Freerk T.v.S. pakten mei harren maat Taeke Posthumus ek in tredde  priis, út in list fan mar leafst 119 partoer (!).

# It keatsjier 2014 is hast ôfrûn. Wa't snein 28 septimber noch keatse wol, kin lykwols noch telâne yn Snits. Op 'e Easterdyk wurdt dan in pearkekeatspartij organisearre. Wa't meidwaan wol, moat HJIR mar efkes sjen.

Dizze keatsers wûnen de Rabobankpartij op snein 14 septimber!
Sjoch HJIR foar alle foto's!

3_3.jpg

Atser, Wietske en Meindert!

4_3.jpg 5_1.jpg

Jeffrey en Hieke en Jochem en Haye!

Dizze keatsers wûnen de Bootsmapartij yn Turns!
Sjoch HJIR foar alle foto's!

site1.jpg site2.jpg
site3.jpg

Koart keatsnijs, pleatst 1 septimber 

# Renske Terwisscha van Scheltinga moast op 'e Frouljus PC yn 'e twadde omloop belies jaan, tsjin it partoer fan Iris van der Veen. In pear dagen letter wie it foar Renske wol raak op 'e earsteklaskeatserij foar froulju yn Ljouwert. Mei har maten Nieke Wateler en Elma Breeuwsma pakte Renske de priis! Sjoch HJIR foar in foto! Takom freed - 5 septimber - stapt Renske yn it houliksboatsje mei har Oane!

# Doede de Jager is knap twadde wurden yn it klassemint fan de welpen jonges! Super Doede! Yn Dronryp waard Doede huldige en waard hy op 'e foto setten. Sjoch HJIR mar ris.

# Hiltsje Bloemhof wûn snein nei jierren en jierren wer ris in krâns. Mei har maten Kees Galema en Haye Postma wûn se de Bootsmapartij. Lokwinske Hiltsje! Yn 'e finale wie it partoer te sterk foar Klaas Bootsma, Petra Schaap en Joop Huitema, dy't ek wer ris meidie! Doe't de prizen útrikt waarden, wie Joop al nei It Fean, dat spile tsjin FC Útert. Yn 'e A-klasse wûnen Meindert Bonnema en Sietske Merkus. Se wienen krekt te sterk (5-5 en 6-6) foar Sybren Poelsma en Christian Visser. Sjoch HJIR foar de foto's. Klaas en Piet gienen nachts noch efkes mei ús Hotze op 'e foto...

Durk Bootsma winner fan kompetysjekeatserij!

Durk_1.jpg

Durk Bootsma hat sneon de wikselpriis fan de kompetysjekeatserij útrikt krigen! Yn 'e A-klasse pakte hij 60 earsten! Trudie Hoekstra waard twadde mei 58 earsten! Iris de Jong, Jeffrey van der Werf en Froukje Altenburg waarden tredde, fjirde en fiifde. By de B's wûn Brecht Tamminga mei 54 earsten, op ien earst folge troch Esther Altenburg! Tredde, fjirde en fiifde waarden Inez de Jong, Elbrich de Jager en Rutger Altenburg. HJIR stean wat foto's fan inkele priiswinners! Fan herte lokwinske!


Bern winne in protte ôfdielingsprizen yn Sibrandabuorren!

site.jpg

Freed 29 augustus wie der ôfdielingkeatsen foar bern yn Sibrandabuorren. Fansels dienen der ek in protte bern út Reahûs en Turns mei oan dizze federaasjeparty. De keatsende takomst fan KF Reahûs-Turns slagge der net yn om mei in earste priis nei hûs te gean. It wienen foaral twadde prizen dy't dizze kant op kamen. Tjerk en Anne pakten wol in earste priis, mar dienen dat yn 'e ferliezersronde. Brecht en Marieke waarden twadde, krekt as Ate en Durk. Jan en Haye waarden twadde yn 'e ferliezersronde, lykas Inez en Ammarins. By de pupillen wienen Arjen en Pieter der tichtby. Sy ferlearen de finale fan de winners mei 5-5 en 6-6. Sjoch HJIR in foto fan alle priiswinners! Goed dien jonges en famkes!


Dizze pupillen wûnen in priis yn Reahûs!

pupillenreahus.jpg

A-Klasse Pupillen yn Reahûs
De pupillen jonges keatsten snein 24 augustus yn Turns én Reahûs. De dielname wie sa grut dat de A-klassers harren partij yn Reahûs ferkeatsten. Yn Reahûs stienen tolve partoeren (twatallen) op ‘e list. Der wie in winners- en in ferliezersronde. Spitigernôch foel Jeroen Haarsma fan Minnertsgea nei de earste omloop – dy’t hy wûn hie – blessearre út. Hy hie lêst fan syn foet. Betterskip Jeroen! Om’t der dernei bylotte wurde moast, duorre de keatsdei hjirtroch wol in skoftke langer.
De earste priis yn ‘e winnersronde wie foar
Karel Monfils (Kimswert) en Jesper Tolsma (Reduzum). Twadde waarden Feike Douwe Zijlstra (Abbegea) en Bauke Folkerts (Easterlittens). De tredde priis wie foar de bylotte Mark Minnesma (Dronryp) en Chris Miedema (Sint Anne).
Yn de ferliezersronde wie de earste priis foar Erik Minne Cats (Menaam) en Gerwin Dijkstra (Anjum). Twadde waarden Folkert Smid (Wytmarsum) en Steven Koster (Tzum).

B-Klasse Pupillen yn Turns
De B-klassers keatsten yn Turns. Der stienen mar leafst 26 twatallen op ‘e list. Der leinen tolve perken, dat alle partoeren koenen hast yn ien kear los. It waard dochs noch in lange keatsdei. Ek yn ‘e B-klasse moast bylotte wurde. Jorn Dijkstra fan Makkum foel út mei in blessearre knibbel en Werner Roorda fan Stiens hie pine yn ‘e holle. Betterskip jonges! It waar wie gelokkich prima en der waard spannend en sportyf keatst! Der binne ek noch wat klean/bisten efterlitten op it Turnser sportfjild:
 
- in swarte treningsbroek (Nike, maat 140/152)
-  
in blauwe trui (Stichting Score, maat 164
- 
in swarte hun (!?)
De earste priis yn de winnersronde wie foar Tjardi Hoeksma (Grou) en Germ Pyt van Popta (Lollum). Twadde waarden Dedmer Bouma (Húns) en Dirk Baron (Menaam). Tredde prizen wienen der foar Hugo van Schepen (Goaiingea) en Martijn Wiersma (Kimswert) en Sil van der Geest (Wynaam) en Luka van der Weg (Wommels).
Yn ‘e ferliezersronde wie Turnser súkses! Arjen Schaap – dy’t bylotte waard – wûn mei Stefan Efdé (Marssum) de earste priis. Klasse Arjen! De twadde priis wie foar Lucas Bangma (Boalsert) en Rutger Kumbangsila (Dronryp). Tredde waarden Redmer Cnossen (Tzum, bylotte) en Alwin Boschma (Seisbierum). Mei tank oan Simke Altenburg foar de ynfo!

Dit binne de winners fan de 33e Joostemapartij
Sjoch HJIR foar alle foto's

website.jpg

Meindert Bonnema (Reahûs), Fonger Beers (Folsgeare) en Timen van Gelderen (Gauw) ha sneon 23 augustus de 33e Joostemapartij yn Turns op harren namme skreaun. Yn in spannende finale wie it trijetal mei 5-4 en 6-6 te sterk foar Sytze Terwisscha van Scheltinga (Deventer), Atser Sybrandy (Folsgeare) en Jelle Fopma (Itens). Mei in knappe aksje yn it tuskenspul makke Meindert Bonnema in einde oan in prachtige keatsdei. Tredde waarden Jelte Drijfhout (Poppenwier), Christian Hoekstra (Easterein) en Hans Kooistra (Easterein). Sy ferleren yn 'e heale finale fan Meindert-en-dy. De earste priis yn 'e ferliezersronde wie foar Kees Merkus (Boazum), Jos van der Werf (Skearnegoutum) en Germ Gerbrandy (Gauw). Dit partoer wûn fan Sybren Poelsma (Turns), Marco Lobregt (Wiuwert) en Marco Kruger (Boazum). By de froulju wûnen Judy Bergsma (Wommels), Jeska Terpstra (Easterein) en Wietske Metzlar (Wommels) yn 'e finale fan Sietske Merkus (Reahûs), Gerry Edou Mollema (Easterein) en Petra Jellema-Dijkstra (Easterein). Ek dizze finale wie spannend. Pas op 5-5 en 6-4 gie de winst nei Judy-en-dy. Cilia Witteveen (Lytsewierrum), Annemieke Poelsma (Reahûs) en Zoe de Jong (Goaiingea) waarden earste yn 'e ferliezersronde. Fansels wie der ek in prachtige krâns foar Bart Jan Postma. Nei ôfrin fan 'e priisútrikking gienen Joost en Klaske Schaap mei alle krânswinners op 'e foto. Yn 'e tinte en op it terras fan keatskantine De Stuit wie it dernei noch lang gesellich! Takom jier mar wer!

Krânsen foar Romke en Marieke & Jehannes en Amarins!

De âlders en bern dy't snein 17 augustus meidienen oan 'e Alder-bernpartij op it sportfjild yn Turns lieten harren net tsjinhâlde troch waar en wyn. Hja begongen in oere earder as plant en keatsten dat it slydjage! Ta beslút wienen de krânsen foar Romke en Marieke Schaap en foar Jehannes en Amarins Gerbrandy. De foto's fan alle oare priiswinners binne HJIR te finen!

1_5.jpg 2_4.jpg

Oane Galama wint fierljepkompetysje mei nij PR

OaneGalama.jpg


Ús fierljeppende keatser (of keatsende fierljepper, wat jo wolle) Oane Galama hat sneon yn Gryptsjerk in nij persoanlik rekord  sprongen: 21.16! Mei dy ôfstân pakte Oane de winst yn Gryptsjerk, sette hij in nij skânsrekord del en wûn hy ek nochris de fierljepkompetysje yn in nij klassemintsrekord. Takom wike sneon is Oane ien fan de favoriten foar de winst fan de nasjonale titel. It NK wurdt organisearre op Oane syn thúsboatte yn It Heidenskip. Gjin Joostemapartij foar Oane dus! Besjoch op de website fan OMROP FRYSLÂN in prachtich filmke fan Oane syn gouden sprong. Njonken it filmke kinne jo hjir ek lústerje nei in audiofragmint mei Oane!

Koart keatsnijs, pleatst 18 augustus

# Renske Terwisscha van Scheltinga makket har op foar de Frouljus PC yn Weidum fan takom woansdei. Mei har maten Nynke Sinnema en Marte Altenburg kin Renske samar foar in ferrassing soargje. De partoeren fan Iris van der Veen en Lisette Wagenaar binne favoryt. Renske-en-dy hearre by de outsiders. Op ‘e Generale yn Akkrum pakten Renske, Nynke en Marte in moai tredde pryske. Se sieten moai yn it lot en profitearren dêr optimaal fan. Fannejûn (moandei 18 augustus) wurdt der lotte foar de Frouljus PC. De list wurdt HJIR publisearre.

# Doede de Jager en Durk Bootsma bliuwe it goed dwaan by de welpen jonges. Se pakke regelmjittich in pryske, dogge mei yn de heechste regioanen fan it klassemint en wienen snein 17 augustus ek wer súksesfol. Yn Hommerts wûn Doede mei syn maat Leon Wijning de krâns yn ‘e A-klasse. Doede en syn maat Johan Cnossen waarden twadde yn ‘e B-klasse! Klasse jonges! Sjoch HJIR foar in ferslach en wat (lytse) foto’s oer de partij fan Doede. Lês HJIR mear oer Durk syn keatserij

# Sietske Merkus wûn ôfrûne sneon 16 augustus mei har maten de federaasjepartij yn Goaiingea. In ferslach fan de partij en foto's fan alle priiswinners binne HJIR te finen.

# Anno en Judy Bergsma binnen ôfrûne sneon 16 augustus 30 jier wurden! Fan herte Lokwinske! Judy is offisjeel stoppe as haadklassekeatster en docht takom sneon mei oan ‘e Joostemapartij. Se is it keatsen noch net ferleard, dat de froulju binne warskôge J Begjin july wûn Judy as ynfaller mei Nicole Hempenius en Imke van der Leest noch op knappe wize de krâns op ‘e frije formaasjepartij yn Wytmarsum! At Anno sneon ek meidocht is de webredaksje fan dizze site ûnbekend...

                                     Reahúster súkses op Keetpartij yn Burchwert!

Reahústers Meindert Bonnema en Folkert van der Werf 'snipten' foarige wike snein (10 augustus) in krânske mei út Burchwert, wêr't de fjirde Keetpartij organisearre waard. Der stienen 39 partoeren op 'e list. Op noch gjin tsien kilometer ôfstân fan Burchwert waard yn Itens de 'Vriendenpartij' organisearre. Der dienen 49 partoeren mei! Ek yn Itens wienen inkele fan ús leden aktyf. Foar ús eigen pearkekeatsen wie net genôch animo...Yn WISIN binnenkoart in wiidweidich ferhaal oer de Keetpartij en de Vriendenpartij. Wat makket dizze partijen ta in súkses en wat moat der allegear regele wurde om it de keatsers en besikers nei de sin te meitsjen?

                                 IMG_20140810_WA0016.jpg

                         Flyer_nachtkeatsen_Boazum_29_augustus_2014.jpg

Keatser Sybren op 'e foto mei tennisser Novak!

sybrendjoko.jpg


Al jierrenlang is Novak Djokovic ien fan de bettere tennissers fan ‘e wrâld. Op it stuit is hy sels de nûmer ien! In pear moanne liden wûn hy noch Wimbledon. Ôfrûne wike spile hy in toernoai yn ‘e VS. Dêr ferlear hy ferrassend fan Tommy Robredo. Djokovic woe graach werom nei syn swangere freondinne en fleach werom nei Europa. Op Schiphol kaam hy Sybren Poelsma tsjin, ien fan de bettere keatsers fan KF Reahûs-Turns. Fansels woe Sybren wol efkes tiid frijmeitsje om mei ‘Djoko’ op 'e foto te gean. Sympatyk Sybren!



Ate Schaap en Durk Boostma súksesfol op KNKB-partij    pleatst 4 augustus 2014
Ate Schaap hat snein 3 augustus in moai tredde pryske pakt by it KNKB-keatsen foar welpen jonges yn Tsjummearum. Ek Durk Bootsma foel wer yn 'e prizen, dit kear yn 'e ferliezersronde. Hy waard twadde. Knappe prestaasje mannen!
Ate.jpg Durk.jpg

 

Meindert en Annemieke yn 'e krânsen yn Nylân en Hartwert!
mena.jpg

Foar Meindert Bonnema en Annemieke Poelsma wie it in súksefol keatswykein. Meindert wûn sneon mei syn maten de Bonnema-partij yn Nylân (what's in a name?). Annemieke woe snein net achterbliuwe by har freon. Se wûn yn Hartwert it ledekeatsen. Wat dizze partij ekstra spesjaal makke wie it feit dat Annemieke ek nochris by har skoanheit Leo yn it partoer siet. In moai keatswykein om net gau te ferjitten dus! Fan herte lokwinske!

Durk Bootsma wint federaasjekeatsen yn Hommerts

simmer 2014 036_2.jpg
De foar- en sydgevel fan it Turnser hûs fan Rein en Welmoed Bootsma begjinne sa stadichoan aardich fol te reitsjen mei krânsen. Durk Bootsma wûn ein july mei syn froulike maat Jetske de Boer út Hommerts it federaasjekeatsen foar welpen yn Hommerts. Der heart dit prachtige plaatsje by! Bêst genôch Durk! Gean sa troch!

 Reahúster federaasjesúkses yn july en begjin augustus!

DSC_6969_1.jpgIMG-20140720-WA0004_1.jpg

Ferskate Reahústers ha de ôfrûne wiken flink fan harren ôfslein op 'e federaasjepartijen hjir yn 'e omkriten! Op sneon 12 july wûn Freerk T.v.S. mei syn maten Sybrand van der Wey (ek lid fan ús feriening) en Sjoerd-Teake Kooistra de moaie SWF-partij yn Boalsert! In wike letter wûn Bouke Poelsma mei syn swagers Kees Merkus en Sjoerd Boonstra de geselliche federaasjepartij yn Itens. Yn in tige spannende finale dy't alle kanten op koe, waard it partoer fan Freerk T.v.S., Sietse Kuipers en Jurian Rijpma mei 5-5 en 6-4 ferslein. Wer in wike letter wûn it partoer fan Freerk, Sjoerd-Teake en Sybrand de federaasjepartij yn Eksmoarra! Ôfrûne wykein wie der op 'e tradysjoniele Bonnemapartij yn Nylân (dy't alwer foar de 35e kear organisearre waard) ek súkses foar inkele keatsers fan ús feriening. Meindert Bonnema wûn mei syn maten de krâns troch yn 'e finale te winnen fan it partoer fan Sytze T.v.S en Jos van der Werf! We sille sjen as de Reahústers en Turnsers it op 'e 'eigen'  Joostemapartij ek sa goed dwaan sille! Hjir boppe binne de winnende partoeren fan Boalsert en Itens te sjen!

Renske dwaande mei poerbêst seizoen!

renskeminnertsga.jpg
Renske Terwisscha van Scheltinga is dwaande mei in poerbêst seizoen. Mei har frije formaasjematen Nynke Sinnema en Marte Altenburg keatste se al trije finales en waard se trije kear twadde. Ôfrûne wike wie it al raak foar Renske. Yn Minnertsgea wûn se de krâns mei Lisette Wagenaar en Sjoukje Visser. Renske stiet yntusken op in knappe tsiende plakje yn it jierklassemint. Noch nea earder pakte se safolle punten op it heechste nivo. Soe de oansteande bruiloft - Renske trout op 5 septimber mei har Oane - har fleugels jaan? Ek Oane prestearret dit seizoen tige goed. Sjoch HJIR mar ris hokfoar prestaasje hy delset hat.

Hieke wint de krâns yn Britsum

hiekebritsum.jpg
Tegearre mei har maat Jildou de Groot  út Menaam hat Hieke Bootsma út Turns op sneon 12 july de krâns wûn by de keatserij foar pupillenfamkes  (B-klase) yn Britsum. Yn in spannende finale wienen Hieke en haar maat te sterk foar Larissa Smink út Makkum en Eefje Groen út Warkum. HJIR fine jimme mear ynformaasje oer dizze wedstryd! Klasse Hieke! Stiper en omke Christiaan Visser en syn Silobags.nl kinne grutsk wêze!

Doede en Durk keatse de finale yn Exmoarra!

It giet harstikke goed mei de keatserij fan Doede de Jager en Durk Bootsma. De Turnser jonges geane by de welpen jonges wol gauris mei in pryske nei hûs. Dat wie sneon 12 july ek it gefal yn Exmoarra! Doede (mei Folkert Boersma fan Reduzum) en Durk (mei Rein Breuker út Ljouwert) moasten it yn 'e finale tsjin elkoar opnimme. Doede en Folkert wûnen de striid. Lokwinske jonges! Sjoch HJIR foar mear ynfo en foto's.

doede_exmoarra.jpg durk_exmoarre.jpg

Dit wienen de winnende partoeren fan it Merkekeatsen yn Reahûs!
Sjoch HJIR foar mear foto's fan alle priiswinners en lês ek de byskriften!

c.jpgb.jpga.jpg

Folkert gie mei it aai fan 'e dei nei hûs!
Dizze bokaal - foar de keatser mei de knulligste aksje - is foar him!

IMG_20140702_WA0001.jpg

Sjoch HJIR  foar de moaie Merkefoto's fan Marten Lijklema

De foto's fan de priiswinners fan it feestkeatsen yn Turns steane online!
Besjoch se HJIR!
Dit wienen de winnende partoeren!

1_4.jpg  2_3.jpg

3_2.jpg 4_2.jpg 5.jpg

Koart Keatsnijs pleatst 1 july 2014 

# It kompetysjekeatsen foar senioaren sit der op, no't de fakansjetiid sa goed as oanbrutsen is. Der wienen fan't jier net in protte keatsers oanwêzich... Dat moat takom jier oars! Sjoch HJIR wa't it kompetysjekeatsen wûn hat!

 

# Durk Bootsma, Doede de Jager en Ate Schaap pakten freed in pryske by it feestkeatsen yn Turns. Snein dieden se dat ek yn Wolsum, wêr't in KNKB-partij foar welpen jonges op it programma stie. Doede waard twadde yn 'e A-klasse, Durk pakte de twadde priis yn 'e B-klasse en Ate waard dêr twadde yn 'e ferliezersronde. Besjoch HJIR harren foto's. Hieke Bootsma en Trudie Hoekstra keatsten sneon yn Goaiingea it NK foar pupillen. Se ferlearen yn 'e earste omloop, folgende kear better froulju! Easterein wûn de earste priis.

# Renske pakte snein yn Doanjum in knappe twadde priis op 'e haadklassepartij foar froulju (frije formaasje). Mei har maten Nynke Sinnema en Marte Altenburg koe se it net oprêde tsjin it sterke partoer fan Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra.

Koart Keatsnijs pleatst 23 juny 2014 

 

# Ôfrûne freed 20 juny wie der federaasjekeatsen foar bern yn Folsgeare. It waard in grut súkses foar de Reahúster en Turnser bern. Hieke en Durk Bootsma gienen mei in krâns nei hûs en ek in protte oare bern fan ús feriening wûnen in pryske. Sjoch HJIR foar de útslaggen en HJIR foar de foto's.

# Doede de Jager wie snein 22 juny súksesfol yn Wergea. By de welpen wûn hy de twadde priis yn 'e A-klasse!

# Berltsum wûn ôfrûne sneon foar de tredde kear op rige de bûnsparty foar froulju. KF Reahûs-Turns die net mei, al wienen der al wat leden fan ús feriening oanwêzich yn Sint Jabik. Nellie Rijpma keatste bêst en wûn mei Boazum de tredde priis. Renkse T.v.S. keatste foar Wiuwert-Britsert en ferlear mar krekt yn 'e earste omloop fan it sterke Grins. Sybrand van der Wey wie oanwêzich as coach fan de Eastereiner froulju. Sy moasten yn 'e twadde omloop belies jaan tsjin it sterke Berltsum. De webmaster fan dizze site wie by de froulju te sjen om ferslach te dwaan foar LC en  WISIN.

# De feesten yn Turns en de merke yn Reahûs komme der oan. Opjaan foar Turns kin by Jildert van der Werf (senioaren) en Simke Altenburg (bern). Foar de merke yn Reahûs kinne keatsers harren opjaan by Annemieke Poelsma as Folkert van der Werf (senioaren) en by Simke Altenburg (bern).

Dit binne de winners fan de Devopartij!

20140615_182404.jpg20140615_182725.jpg20140615_183336.jpg

Annemieke Poelsma, Sietske Poelsma en Sietske Merkus ha snein 15 juny de Devopartij op harren namme skreaun. By de froulju stienen 5 partoeren op 'e list. Sy keatsen allegeare 2 kear. De twa partoeren mei de measte earsten keatsten de finale. Annemieke en dy moasten it yn dy finale opnimme tsjin Wietske Metzlar, Arlies van der Brug en Tessa Booms. It partoer fan Wietske en dy hie twa goeie partijen keatst, mar koe it goede spul yn 'e finale net in ferfolch jaan. Sadwaande moast Wietske de krânsen litte oan har skoansusters Annemieke en Sietske.
By de manlju wûn it partoer fan de Bootsma's út Itens de B-klasse. Jan Peter, Gertjan en Egbert wienen harren tsjinstanners de baas en wûnen de poule, dy't bestie út fjouwer partoeren. De twadde priis wie foar Folkert v/d Werf, Jos v/d Werf en Herman T.v.S.  Doe't de keatserij ôfrûn wie, naaide Herman út, dat sadwaande stean Folkert en Jos tegearre op 'e foto by de priisútrikking.
By de manlju A wûn it partoer fan Sytze T.v.S, Bouke Poelsma en Meindert Bonnema. Sy wienen yn 'e finale te sterk foar it partoer fan Sybrand van der Wey, Sjoerd Teake Kooistra en Freerk T.v.S. Der stienen acht partoeren op 'e list, dat der waard ek in ferliezersronde keatst. Der wie de earste priis foar Sibe Wijbrandi, Evert Sjoerd Sybesma en Sietse Kuipers. Sjoch HJIR foar alle priiswinners!

Doede wint de krâns yn Jirnsum, Bote wint de krâns yn Wommels!

 1_3.jpg

UPDATE It ôfrûne wykein keatsten de bern fan KF Reahûs-Turns wer manmachtich. Net sûnder súkses! Doede de Jager wûn yn Jirnsum de krâns by de KNKB-partij foar welpen jonges. Durk Bootsma waard twadde. Foar Durk wie it de tredde kear yn in wike tiid dat hy in twadde priis wûn. Ferline wike by de KNKB-partij yn Gaast, sneon by it federaasjekeatsen yn Wommels en juster dus yn Jirnsum. De welpen famkes keatsten ek yn Jirnsum. Marieke Altenburg pakte in moaie tredde priis. Foar Bote Altenburg wie it ôfrûne sneon raak yn Wommels. Hy wûn de krans, mei syn maat Robin v/d Weg. Anna-Boukje woe net efter bliuwe by har broer en suske: sy pakte in twadde pryske yn 'e ferliezersronde op 'e KNKB-partij foar pupillen yn Makkum! Hieke Bootsma (pupillen) en Haye Hylkema (welpen) wûnen yn Wolsum in krâns by it federaasjekeatsen! Bêst genôch allegear! Besjoch HJIR de foto's!

De jeugd hat de takomst!

De jeugdkommisje en de TC-leden ha de boel by de jeugd aardich op ‘e rit. Moai foarbyld derfan is it feit dat der oankommend wykein net minder as 15(!) bern fan ús feriening meidogge oan de ferskate KNKB-ôfdielingswedstriden. It is grif lang liden dat safolle bern út Reahûs en Turns ‘fuort gongen te keatsen’. Sneon 14 juny – as we noch bykomme fan dy oerwinning op Spanje – keatste de pupillejonges yn Blije (Arjen, Pieter en Ruerd) en de pupillefamkes (Hieke, Trudie en Anna-Boukje) yn Easterein.

Snein 15 juny keatse de welpen – sawol de jonkjes as de famkes – yn Jirnsum. Doede & Durk en Tjerk & Ate ferdidigje ús reade klupkleuren by de jonkjes. By de famkes binne dat Inez & Sigrid en it trijetal Brecht, Marieke & Ammarins. Allegear in protte súkses tawinske! Wy sjogge graach in pear moaie foto’s temjitte!

Siegersma, Venema en Poortstra winne 50-plus keatserij (A-klasse)
Sjoch HJIR foar alle foto's, dy't makke binne troch Marijke de Jong

1_2.jpg 2_2.jpg

 

Siegersma en dy winne yn Reahûs

 

It partoer fan Johannes Siegersma (Berltsum), Roel Venema (Boalsert) en Dirk Poortstra (Sint Jabik) is Pinkstersnein winner wurden fan de keatserij foar 50-plussers yn Reahûs. Yn ‘e B-klasse gienen de krânsen nei Ferdinand van der Werf (De Jouwer), Jurjen Dijkstra (Nijlân) en Jan de Boer (Boalsert).

 

Sûnt in pear jier keatse de 50-plussers op Pinkstersnein op it smûke keatsfjild yn Reahûs. Sa stadichoan wurdt it organisearjen fan dizze partij foar KF Reahûs-Turns in moaie tradysje. Mei 62 keatsers op ‘e list die ek dit jier wer bliken dat de keatsers út dizze bysûndere kategory graach op dizze dei yn aksje komme wolle. En sa as wol faker de lêste jierren wie it ek dizze Pinkstersnein prachtich keatswaar yn Reahûs!

De finale yn ‘e A-klasse (8 partoeren op ‘e list) gie tusken de partoeren fan Johannes Siegersma (Berltsum), Roel Venema (Boalsert) en Dirk Poortstra (Sint Jabik) en Henk Woppenkamp (Hauwert), Eddy Sjollema (Harns) en Douwe Durk Reitsma (Easterein). Siegersma en dy lutsen mei 5-3 en 6-4 oan it langste ein. De tredde priis wie foar Fetze Jan Kooistra (Ried), Jan Buitenga (Sint Nyk) en Bauke Posthuma (Folsgeare).
Yn ‘e B-klasse stienen 13 partoeren op ‘e list. De pleatselike favoriten slaggen der net yn de finale te heljen. De lytse preemjes wienen foar Frans Poelsma (Turns), Johan Wittermans (Skearnegoutum) en Ruurd Hofstra (Wjelsryp) en Joop Bootsma (Reahûs), Siete Wassenaar (Minnertsgea) en Rienk Kuipers (Sibrandabuorren). De preemje gie nei it partoer fan Henk Mulder (Dronryp), Auke Kuiken (Sint Jabik) en Sikke Koster (Dokkum). Mulder en dy ferlearen de finale mei 5-2 en 6-0 fan Ferdinand van der Werf (De Jouwer), Jurjen Dijkstra (Nijlân) en Jan de Boer (Boalsert).

 

Federaasjepartij yn Reahûs én Turns!
Hieke Bootsma wint by de pupillen!

 

Om’t it fjild yn Reahûs freed 6 juny noch net hielendal droech wie, waard de grutte federaasjepartij foar bern diels yn Turns ôfwurke. De welpen en jonges/famkes keatsten yn Reahûs, de pupillen en de skoaljeugd keatste yn Turns. De jeugdkommisje moatst de oandacht ferdiele, mar slagge der wer yn om alles goed te organisearjen. Bêst genôch. Hjirûnder binne de krânswinners te sjen. De oare priiswinners - mei yn folchoarder welpen, pupillen, skoaljeugd en jonges/famkes - steane yn it FOTO-ALBUM. Mei tank oan fotografen Welmoed Bootsma en Thea Bootsma.

1_1.jpg  2_1.jpg

3_1.jpg  4_1.jpg


It wie in wiete bedoeling justerjûn op't keatsfjild yn Reahûs. Mei help fan in oantal frijwilligers is der in protte wetter fan it fjild ôfhelle! Sa kinne de bern fannemidje fanôf 16.00 oere op in knap fjild spylje. Bedankt minsken!

pompen.jpg

Koart Keatsnijs pleatst 4 juny 2014 

 

# In wiziging yn de wedstrydagida: de Bootsmapartij wurdt net op sneon 21 juny ferkeatst mar op sneon 30 augustus! Yn ferbân mei de maraton om 'e Snitsermar op 21 juny is dizze wedstryd ferpleatst. De Rabobankpartij fan snein 31 augustus giet nei snein 14 septimber. It is de bedoeling dat it fjild yn Turns begjin septimber oer de kop giet, fander dat de Bootsmpartij ein augustus organisearre wurde moat.

# Foar in protte keatsferienings is it Pinksterwykein lekker rustich. Hoe oars is dat foar KF Reahûs-Turns? Freed is der federaasjekeatsen foar de bern en snein is der de jierlikse KNKB-partij foar 50-plussers. Ús eigen leden Frans Poelsma, Ate Altenburg en Joop Bootsma dogge hjir ek oan mei. Yn totaal steane der 62 keatsers op 'e list.

# Simke Altenburg, Sybren Poelsma en Meindert Bonnema dogge moandei mei oan 'e bûnspartij foar senioaren. Der is yntusken al lotte foar dizze partij. KF Reahûs-Turns moat it yn 'e earste omloop opnimme tsjin it partoer fan Warkum! Súkses mannen!

# It wie justerjûn - tiisdei 3 juny - in drokte fan belang op it keatsfjild yn Turns. Mar leafst 19 keatsers dienen mei oan 'e kompetysje. Der waard keatst yn 4 perken! Freerk hat de kompetysjestân alwer efkes bywurke! Jim kinne HJIR sjen hoe't jimme der foar steane! Oankommende wike - 10 juny - is der gjin kompetysjekeatsen foar senioaren yn ferbân mei it hynstepaadkeatsen, sjoch hjirûnder!

Keatse op it hynstepaad, fanôf tiisdei 10 juny! Opjaan by Ate as Joop!
Dizze partij is net troch gien om't der te min dielname wie...

site_6.jpg

Lykas ôfrûne jier wurdt der ek dit jier wer op it hynstepaad keatst. Ate Altenburg en Joop Bootsma ha ferline jier it inisjatyf naam om dizze partij út te skriuwen. Der wurdt keatst op ‘e jûntiden, fan tiisdei oant en mei freed. It oantal dagen dat keatst wurdt, is ôfhinklik fan it oantal dielnimmers. Foarich jier waard der op twa jûnen keatst.
Der wurdt keatst mei in grutte, sêfte bal. Keatswanten binne net tastien. Fytswantsjes – sûnder nap – meie bûkt wurde om de hân te beskermjen. Lykas ôfrûne jier leit de wedstriidlieding wer yn hannen fan Ate Altenburg en Joop Bootsma. Keatsers dy’t graach meidwaan wolle kinne harren opjaan by Joop  (
0515-332217) of Ate (0515 – 331683 of 06 18 522 823). Sybren en Folkert wûnen de earste edysje fan dit spektakel!

Pieter en Reitse en Inez en Jelte winne Altenburgpartij!

1.jpg2.jpg

Freerk en Haye en Jan en Dennis winne 33ste Altenburgpartij!  pleatst 2 juny 2014
Snein 1 Juny is de 33ste Altenburg partij wer ferkeatst yn Reahûs. Dizze partij bestiet ûngefear al sa lang as ús ferieniging bestiet en dêrom die eltsenien ek wer tige harren bêst. Der stienen net in protte keatsers op 'e list. Sawol yn 'e A-klasse as yn 'e B-klasse waard poulekeatst. Yn beide klassen stienen fjouwer twatallen op 'e list. Freerk en Haye (A-klasse) en Jan en Dennis (B-klasse) gienen der mei de krânsen fantroch. Folkert en Sietske waarden twadde yn 'e A-klasse. Yn 'e B-klasse wie de twadde priis foar Rein en Marjan. Freerk en Jan waarden útroppen ta kening fan de partij. Klasse mannen! By de bern wie it in súksesfolle dei foar de famyljes Spoelstra en De Jong. Pieter en Reitse wûnen it yn 'e A-klasse en Inez en Jelte wienen de besten yn 'e B-klasse. Hieke en Wietske (A-klasse) en Rutger en Haye (B-klasse) waarden twadde. Sjoch HJIR foar mear foto's. Haye Postma giet oan 'e lieding yn 'e striid om 'e Jan Bakker Bokaal! Sjoch HJIR foar de tuskenstân!
 3.jpg 4.jpg 

 
Skitterjende federaasjedei yn Easterein!
 
 

homepage_1.jpg

Freed 30 maaie waard yn Easterein omraak keatst troch in dikke 230 federaasje- en haadklassekeatsers. It oandiel bern wie fierwei it grutst: der dienen mar leafst 136 bern mei! Fansels wienen der ek in protte jeugdige dielnimmers út Reahûs en Turns. Sy keatsten allegearre trije kear. In moai protsje fan ‘ús’ jeugd gong mei in pryske nei hûs! Foar Doede de Jager wie it wer raak. Hy pakte by de pupillen de krâns! De prizen waarden útrikt troch PC-kening Renze Pieter Hiemstra. Hy gie mei alle priiswinners by de welpen, pupillen en skoaljeugd op ‘e foto!

Klik HJIR foar de priiswinners by de welpen.
Klik HJIR foar de priiswinners by de pupillen.
Klik HJIR foar de priiswinners by de skoaljeugd.
Klik HJIR foar de priiswinners by de jonges/famkes.


Krânsen foar Sybrand, Freerk en Sjoerd-Teake en Cilia, Judy en Jetske 

ii
Fansels waard der ek troch de senioaren keatst. Freerk TvS en Sybrand van der Wey wûnen tegearre mei harren maat Sjoerd Teake Kooistra de krâns by de manlju A. By de manlju C pakte Frans Poelsma de twadde priis. By de froulju wûnen Cilia Witteveen en Judy Bergsma de earste priis, tegearre mei harren maat Jetske Sieperda. Sietske Merkus waard mei har maten Lysbet Bakker en Marijke de Boer twadde.
Klik HJIR foar de priiswinners by de manlju A.
Klik HJIR foar de priiswinners by de manlju C.
Klik HJIR foar de priiswinners by de froulju.

Sjoch op de website fan KF Easterein foar mear ynfo en foto's!

Koart Keatsnijs pleatst 28 maaie 2014 

# It keatsfjild yn Reahûs hat it dreech. It wetter rint net fuort en it fjild stiet blank. Gelokkich bliuwt it de kommende dagen droech, as wy Pyt liuwe meie. Dat komt net raar út mei de Altenburg fan takom snein op it programma...

# Ôfrûne wiken is der in protte keatst, ek troch de bern fan KF Reahus-Turns. De webmaster koe it bytiden net byhâlde. Yn it foto-album steane HJIR noch wat nije (âlde) foto's fan de keatserij yn Itens, Jorwert en Drylst. Fan út dizze plakken gienen ek wer wat prizen de Reahúster en Turnser kant op! Goed dien jonges en famkes en tige tank foar it ynstjoeren fan 'e foto's!

# Freerk TvS, Herman TvS en Dennis de Jong koenen it ôfrûne tiisdei yn Turns net oprêde tsjin gastspiler Sibe Wijbrandi, Jos vd Werf en Frans Poelsma. It waard 5-4 en 6-2. Kommende tiisdei wurdt it grif moaier waar en binne der hopelik mear keatsers dy't efkes delkomme foar in gesellich potsje keatse! Sjoch HJIR foar de tuskenstân fan de kompetysje!

Freed 30 maaie is der federaasje- en haadklassekeatsen yn Easterein!
Doch mei of kom te sjen! De tagong is fergees en nei ôfrin is der muzyk!

Bringdekeatsersbyitkeatsenja.jpg

Doede wint de krâns by de welpen yn Hallum!

Doede.jpg

Koart Keatsnijs pleatst 26 maaie 2014

# Doede de Jager liket wer aardich bekommen fan it 'trampoline-ynsidint', wêrtroch hy in skoftke útskeakele wie. Snein 25 maaie wûn Doede mei syn maat Edgar van Wigcheren (Berltsum) de keatserij foar welpen-jonges (A-Klasse) yn Hallum. Yn 'e B-klasse pakte Durk Bootsma mei syn maat Morten Verdijck (Ljouwert) de tredde priis. Tjerk Andringa pakte mei syn maat Sybo Broersma (ien fan Ids en kapster Wilma fan de Gouden Engel) in twadde priis yn 'e ferliezersronde. Klasse jonges!

# Ôfrûne wykein waard der yn Boazum omraak keatst troch bêrn en senioaren út de federaasje Snits en omkriten. Freed 23 maaie wienen de bêrn oan bar. Ôfrûne sneon 24 maaie kamen de senioaren it fjild op. Fansels wienen der ek wer wat Reahústers/Turnsers dy't yn 'e prizen foelen. Sietske Merkus (se komt fan Boazum) en Nellie Rijpma (se wennet yn Boazum) wûnen in krâns. Annemieke Poelsma pakte in twadde pryske. By de mannen gie de oerwinning nei de ús net ûnbekinde Boazumers Peter Jansen, Jurian Rijpma en Kees Merkus. By de bêrn wie der in hage foar Trudie Hoekstra! Super. Op 'e  fernijde site fan KF Boazum stean de foto's + útslaggen!

# Wisten jimme dat KF Reahûs-Turns ek in eigen Facebook-pagina hat? Njonken alle nijtsjes en foto's op dizze site kinne jimme HJIR ek in protte leuke foto's en berjochten fine!

Krânsen foar Pieter en Amarins yn Spannum!
 

homepage.jpg
Ôfrûne woansdei 21 maaie wie der in federaasjeparty foar bêrn yn Spannum. Der wie ek in delegaasje út Reahûs en Turns oanwêzich. Net sûnder súkses! Pieter de Jong en Amarins Gerbrandy wûnen mei harren maat de krâns. Ek Hieke, Sjors, Gerben en Inez pakten in pryske! Sjoch HJIR foar de foto's en besjoch ek de ûnderskriften. Mei tank oan Welmoed Bootsma.

Koart Keatsnijs pleatst 22 maaie 2014

# Renske T.v.S. pakte ôfrûne snein in knappe twadde priis op 'e haadklassepartij yn Pingjum. Yn 'e finale wienen Renske en har maten Nynke Sinnema en Marte Altenburg (beide út Grou) net bestân tsjin de kwaliteiten fan Fenna Zeinstra, Leonie van der Graaf-Zeinstra en Lisette Wagenaar.

# De 30-plussers soenen snein nei Reahûs ta te keatsen. Soenen ja, want dizze partij is ôflast. Der stienen net genôch 30-plussers op 'e list om de partij trochgean te litten. Spitich, mar it is net oars...

# Eltse tiisdei wurdt troch in moai ploegje keatsers kompetysjekeatst yn Turns. Freerk T.v.S. hâldt de stân by. No't de webmaster wer wekker begjint te wurden, stiet de stân ek online. Sjoch mar gau HJIR. Ek in kear meidwaan? Takom wike tiisdei is der wer keatsen yn Turns, fanôf 19.30 oere!

                      Prachtich keatswaar op BPA-partij yn Turns! 
                                    Dizze keatsers pakten de krâns! 
                        Sjoch foar alle foto's en útslaggen yn it foto-album

    homepage1.jpghomepage2.jpg
     homepage3.jpghomepage4.jpg

Nolke Bergstra, Ids de Boer en Dennis de Jong winne nachtkeatsen!
Sjoch foar mear (fage) foto's yn it foto-album. Klik HJIR.

homepage2014.jpg

Bêrn keatse €569,50 by elkoar foar Wille Speciale Kinderopvang!
Pleatst 12 maaie 2014

nachtkeatsenreahus.jpg

De jeugdkommisje fan KF Reahûs-Turns en de dielnimmende bern ha ôfrûne sneon in boppeslach slein foar Wille Speciale Kinderopvang! Mei help fan stipers hellen hja in prachtich jildbedrach op foar it goede doel! Foar elts earst dat de bern by elkoar sloegen gie in bedrach nei Wille. Tegearre mei de nachtkeatspartij fan freed op sneon hat ús keatsferiening sadwaande in moaie bydrage levere oan de follybalmaraton. De bern keatsten mei in grutte bal en spilen twa potsjes.
By de a-maten wienen de prizen foar Marieke Schaap (1e) Durk Bootsma (2e) en Marrit Hylkema (3e). By de b-maten wienen de prizen foar Brecht Tamminga (1e), Iris de Jong (2e) en Marieke Altenburg (3e). De foto’s fan Marten Lijklema stean op www.reahus.mijnalbums.nl. Foto’s fan it nachtkeatsen steane yn it foto-album.

Koart Keatsnijs pleatst 12 maaie 2014

# Foarige wike hienen wy it noch oer it suksesfolle keatswykein fan Doede de Jager. Dit wykein seagen wy ús lytse freon ynienen op krukken rinnen. In ûngelokje sit yn in lyts hoekje, sa wit Doede no ek. Hy foel wat raar fan ‘e trampoline en hat no de ankel yn it gips. Hopelik falt de skea ta! Sterkte tawinske en in flot herstel!

# Neist dy prachtige follybalmaraton waard der ek noch keatst. Fansels wie der it nachtkeatsen en it bernekeatsen op ‘e Pôle. Sigrid van der Werf en Renske T.v.S. keatsten yn Boazum en Stiens. Renske pakte ôfrûne freed in moai tredde pryske op de haadklasse útnoegingspartij yn it wiete Stiens. Sigrid keatste snein yn Boazum. Se pakte de twadde priis by de ferliezers. Goed dien froulju!

# Sybren Poelsma stiet hjirûnder al grutsk op ‘e foto mei syn beker dy’t hy wûn yn Burchwert. Sybren tocht: lit my der noch mar ris hinne gean te keatsen. Tegearre mei Jeske Bakker joech hy him op foar it pearkekeatsen fan snein 11 maaie. En ja hjer, oan it ein fan ‘e dei krige dit twatal – dat beide ek lid is fan ús feriening – de krânse omhongen. Sadwaande hjirûnder mar wer in foto fan Sybren, no fansels tegearre mei Jeske! Lokwinske! Yn 'e finale wienen se te sterk foar Wietske Metzlar - de freondinne fan Sybren en treenster fan ús keatsende bêrn - en har maat Anno Galema. Hasto ek leuk keatsnijs? Stjoer in mailtsje of in berjochtje nei boukepoelsma@hotmail.com of 06-30869389! Tige tank!

sybrenenjeske.jpgwietskeenanno.jpg


Reahúster en Turnser keatsjeugd súksesfol yn Ysbrechtum!
pleatst 10 maaie 2014

 
homepage.jpg

De bêrn fan KF Reahûs-Turns ha ferline wike poerbest keatst yn Ysbrechtum. Op freed 2 maai pakten 'ús bern' in protte prizen! Harstikke goed dien! Sigrid van der Werf wûn by de welpen in twadde priis yn de ferliezersronde. Brecht Tamminga pakte in tredde priis. Durk Bootsma waard twadde yn 'e winnersronde. Doede de Jager en Marieke Altenburg wûnen de krâns! By de pupillen gong de finale tusken twa pearkes út Reahûs en Turns. Gerben Gerbrandy en Hieke Bootsma koenen it net oprêde tsjin Pieter de Jong en Anna Baukje Altenburg, dy't dus de krâns wûnen! Foto's fan alle Reahúster en Turnser priiswinners steane fansels yn it FOTO-ALBUM Mei tank oan Rein en Welmoed Bootsma!

It kompetysjekeatsen is úteinset!  pleatst 10 maaie 2014

Herman TVS_1.jpg

It kompetysjekeatsen is úteinset! Sawol foar de bern as foar de senioaren is it kompetysjekeatsen eltse tiisdei op it sportfjild yn Turns. Op tiisdei 29 april wienen der tsien keatsers. Sybren, Berry en Jos wûnen it fan Karst, Herman en Bote, dy't foar it earst mei 'de grutten' meidie: 5-1 en 6-2. Romke en Keje wienen te sterk foar Helga en Klaas: 5-5 en 6-4. Tiisdei 6 maaie wienen der acht keatsers. Sybren en Berry wienen mei 5-0 en 6-0 te sterk foar it illustere duo Freerk en Jos. Durk - he's back - Postma en Bote wûnen it fan Klaas en Dennis: 5-3 en 6-2. Takom wike tiisdei 13 maaie is der wer kompetysjekeatsen! Do komst dochs ek?

Sybren Poelsma bliid mei beker! pleatst 10 maaie 2014

SybrenPoelsma.jpg
Sybren Poelsma hat in beker wûn. Sa't jimme op dizze foto sjen kinne is hy tige wiis mei dizze priis! Sybren wûn dizze beker op in ledepartij yn Burchwert, it plak wêr't hy ek wurket foar draaierij Posthumus. Foar Sybren is it in goede start fan it keatsjier. By de start fan it keatsjier 2013 siet Sybren noch wat yn 'e lytse loege. It duorre doe in moai skoft foardat hy wer wat by de pinken wie. Dizze priis is in moaie opstekker foar Sybren, dy't sa fanatyk is dat hy op tiisdeis yn Turns meidocht oan it kompetysjkeatsen en op woansdeis yn Hartwert. Oant no ta wûn hy alle fjouwer potsjes dy't hy keatste. It nachtkeatsen ferrûn wat minder suksesfol foar Sybren. Hy foel bûten de prizen!

Koart Keatsnijs pleatst 5 maaie 2014

# Foar Doede de Jager wie it in tige súksesfol keatswykein. Ôfrûne freed wûn hy tegearre mei Marieke Altenburg de krâns op 'e federaajsparty foar bern yn Ysbrechtum. Juster wie it op 'e KNKB-partij yn Baard wer raak foar Doede! Mei syn maat Youri Buiteveld út Bitgum wûn hy de t.i.l.-partij! Lokwinske en gean sa troch!

# Ek Meindert Bonnema die snein mei súkses mei oan in KNKB-partij! Yn Arum pakte hij in moai twadde pryske op 'e twadde klasse. Mei syn maten Anne Jan Knol en Leon Bekema út Boalsert koe hy it yn 'e finale net oprêde tsjin Dirk Yde Sjaarda, Erik Haitsma en Siebe Greidanus. Mar de earste punten foar de ranking steane notearre!

# De wedstrydaginda's fan de jeugd en de senioaren hienen jimme fansels al yn it programmaboekje sjoen. Se steane no ek ONLINE (eindelik)! Sjoch ûnder it kopke 'wedstrydaginda' yn it menu foar de folsleine programma's!

De measte programmaboekjes binne besoarge  

 
sietskep.jpg

It keatsjier 2014 stiet op it punt fan begjinnen. Op tongersdei 24 april sille de bern wer begjinne mei de trenings op it fjild. In wike letter wurdt der wer foar it earst kompetysjekeatst troch de bern en de senioaren. De measte programmaboekjes binne yntusken ek besoarge! Eltsenien dy't holpen hat: tige tank!
Binnenkoart mear ynformaasje op dizze site!

 

 

 
WEBDESIGN DIJKSTRA AUTOMATISERING