Thus
Organisaasje
Wedstrydagenda
Utslaggen
Fotos
Skiednis
Ynformaasje
Stipers
Keatskanon
Archyf 2010
Archyf 2011
Archyf 2012
Archyf 2013
Archyf 2014
Archyf 2015

Archyf 2015

Joop Bootsma wurdt tredde yn keatsklassemint
  
Joopbootsma.jpg

Joop Bootsma hat ein oktober yn Easterein de tredde priis fan it keatsklassemint fan de 50-plussers yn ûntfangst naam. Ludwig Seerden (midden op 'e foto) waard earste mei 29 punten. Piet Zondervan waard twadde mei 27 punten. Joop pakte 18 punten. In moai prestaasje! Sjoch HJIR foar it folsleine klassemint!



Durk, Amarins en Doede yn top tsien jierklassemint!

Twa Turnser jonges yn 'e top tsien fan it KNKB-jierklassemint by de welpen jonges: Doede de Jager en Durk Bootsma. In knappe prestaasje fan de neefkes út Turns. Mei 19 punten eindige Doede op it 5e plak. Durk waard mei 13 punten 9e yn it klassemint. Jelmer Foppe Drijfhout eindige mei 30 punten boppeoan.By de welpen famkes wie der ek súkses foar KF Reahûs-Turns. Amarins Gerbrandy waard mei 9 punten 10e yn it klassemint. In moaie prestaasje fan Amarins. Noa Elzinga út Boalsert wûn it klassemint mei 29 punten. Allegear fan herte lokwinske! Prachtig om 'ús' bern werom te sjen yn de lijstjes yn 'e WIS-IN. 
IMG_20150516_WA0008.jpg g1.jpg

Sytze, Jan en Jos winne lêste ledepartij yn Reahûs!
Wiebe, Christian en Haye wurde twadde!
Freerk T.V.S en Helga Gerbrandy winne kompetysje!
Sjoch HJIR foar de foto's

a_3.jpg

Rutger Altenburg wint syn earste krâns!

c_1.jpg b_2.jpg

De lêste ledepartij yn Reahûs is by de bern wûn troch Rutger en Elbrich (B-klasse). Se wûnen it fan Wiebren en Esther. It wie Rutger syn allerearste krâns! Prachtig Rutger! Yn 'e A-klasse wienen de krânsen foar Pieter en Ytsen. De twadde priis wie foar Trudie en Jorrit. Tredde waarden Arjen en Wietske. Ate en Gerben waarden earste yn 'e ferliezersronde. Ruerd, Inez en Sigrid waarden twadde. Sjoch HJIR foar alle foto's.

Jan Altenburg wint Jan Bakker Bokaal

IMG_20150920_WA0009.jpg


Bern KF Reahûs-Turns súksesfol yn Wolsum!

resize2.jpg resize.jpg

By it federaasje ôfdielingskeatsen yn Wolsum wienen de bern fan KF Reahûs-Turns tige súksesfol. By de famkes pupillen wûnen Trudie Hoekstra en Wietske de Jager yn 'e finale fan Hieke Bootsma, Brecht Tamminga en Sigrid van der Werf. By de welpen jonges wie der súkses foar Jochum Postma, Wiebren Tamminga en Jan Bootsma. Twadde yn 'e ferliezersronde: In prachtige prestaasje fan dizze mannen! Klasse!

'New kids in town' Atser en Willeke winne Joostemapartij!

a_2.jpg 1b.jpg

Atser Sijbrandij en Willeke van de Belt (meast rjochts op beide foto's) komme yn Turns te wenjen. Op 30 septimber krije se de kaai fan harren hûs, tsjinoer de pleats fan Leijenaar. Sneon 29 augustus die bliken dat it jonge stel har al aardich thús fielt yn Turns, seker op it sportfjild. Atser wûn mei syn maten Sybren Poelsma en Hans Kooistra de Joostemapartij by de mannen. Willeke die datselde by de froulju. Sy keatste mei Judy Bergsma en Gatske de Jong. De twadde priis by de mannen wie foar Ludy Limburg, Harm-Auke Dijkstra en Wietse Punter. By de froulju wie de preemje foar Cilia Witteveen, Marlies Reijenga en Afke van der Berg. De foto's stean HJIR

Tredde priis foar Marieke yn Zurich!

IMG_20150830_WA0028.jpg

Marieke Altenburg út Hidaard hat ôfrûne sneon 30 augustus yn it Fryske Zurich in moaie tredde priis by de welpen famkes wûn. Se keatste mei Marije van der Molen út Stiens. Sjoch HJIR foar mear ynfo en foto's.



Amarins, Marieke en Doede yn 'e prizen yn Turns!
Sjoch HJIR foar foto's fan alle priiwinners
Sjoch HJIR foar de útslach

site1.jpg site2.jpg

De foto's fan it Alder/Bern-keatsen steane online!
Sjoch HJIR

Doede wint kompetysje by de bern

g1.jpg

Doede de Jager hat de kompetysje by de bern wûn (A-klasse). Hy helle 56 punten en bleaun Reitse Spoelstra foar. Dy pakte 52 punten. Durk Bootsma (52), Ate Schaap (48) en Anne Bootsma (44) waarden tredde, fjirde en fyfde. Yn de B-klasse gie de winst nei Julin Wispelwey (55 punten). Amarins Gerbrandy (54), Haitze Wiersma (49), Sigrid van der Werf (49) en Steffi Altenburg (47) makken de top fiif kompleet. Sjoch HJIR foar foto's fan sommige priiswinners. Net elkenien wie oanwêzich op it momint dat de prizen útrikt waarden.



Renske twadde op 'e Froujus PC yn Weidum!
Foto: Anne Waterlander
Renske.jpg
 Mei har maten Anne Monfils en Imke van der Leest hat Renske Terwisscha van Scheltinga ôfrûne woansdei in prachtige prestaasje delset. Op 'e Frouljus PC yn Weidum pakte sy mei har partoer de twadde priis! Foar 'ús' Renske, dy't alwer in skoftke yn Wiuwert wennet, wie it de earste kear dat sy in pryske pakte op 'e Frouljus PC. Nei trije winstpartijen wie it partoer fan Ilse Tuinenga, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra yn 'e finale in maatsje te grut foar Renske-en-dy. Tuinenga sloech op 5-2 en 6-6 in sitbal. Anne, Imke en Renske keatsten poerbêst yn Weidum en hellen it maksimale derút. Yn 'e heale finale fersloegen se op knappe wize it partoer fan Nicole Hempenius en de sussen Nynke en Wiljo Sijbrandij. Yn 'e finale koenen Renske en har maten tot spullen gelyk bybliuwe. Nei ôfrin baalde Renske fan it ferlies. "Yn 'e finale ha wy net ús bêste spul sjen litten", sa sei se. Mar al snel kaam by Renske ek it besef dat se mei har maten in prachtige prestaasje levere hie. Lowkinske froulju! In protte keatsleafhawwers hawwe fan jimme genoaten! Sjoch HJIR foar in filmke. Twa dagen nei de Frouljus PC wûn Renske yn Bitgum ek alwer in tredde priis. Sjoch HJIR.


Durk & Rein en Haitze & Jelle winne yn Reahûs
Sjoch hjirûnder foar de útslach

2_6.jpg 1_6.jpg

De Peter Reiker Alder/bern-partij yn Reahûs is snein wûn troch Durk & Rein Bootsma (A-klasse) en Haitze & syn omke Jelle Wiersma (B-klasse). Yn 'e A-klasse wie de twadde priis foar Trudie & Jan Hoekstra. Tredde waarden Wietske & Klaas de Jager en Ytzen & Karst Tamminga. Yn 'e ferliezersronde wie de earste priis foar de bruorren Pieter & Jarin de Jong. Sy fersloegen Arjan Schaap & Frans Poelsma (sûkeromke?). Yn 'e B-klasse wie de twadde priis foar Joop & Bote Altenburg. Tredde waarden Jildert Hiemstra & Sjors Altenburg. Yn 'e ferliezersronde wie de earste priis foar Jochum & Haye Postma. Twadde waarden Elbrich & Doede de Jager. Jan & Klaas Bootsma pakten de tredde priis. Foto's stean HJIR


Ate wint twa krânsen binnen 24 oeren

 IMG_20150815_WA0016.jpg IMG_20150815_WA0015.jpg


Ate Schaap hat freedtejûn yn De Hommerts de krâns wûn by it federaasjekeatsen yn De Hommerts. Noch gjin dei letter wie it sneontemiddei alwer raak foar Ate. By it KNKB-keatsen yn Blija wûn Ate de krâns by de welpen jonges. Super Ate!


Nei in stik as wat twadde prizen wint Trudie de krâns

20150814_211500.jpg

Freed wie der federaasjekeatsen yn De Hommerts. It begûn om fjouwer oere en it wie hyt op de fjilden yn it doarpke. It wie in gesellige en sporive middei en jûn, de organisaasje hie harren bêst dien om it de keatsers en publyk nei it sin te meitsjen. De feriening wurdt dan ek hieltiten profesjoneler, se ha in oare tinte en der is sels in pisfyts oanskaft. Ek de hamburgers smeitsje noch hieltiten poerbêst.
It waard al wat letter yn de jûn doe't Ate Schaap noch de finale keatse moast. Hy koe it giele baltsje hast net mear sjen mar wûn dochs de krâns by de pupillen jonges. By de pupillen famkes hie Trudie hjoed de kâns om de krâns by de famkes te winnen. Dêr hie se har sinnen op set, mar dan moat it noch barre.
Trudie wist oant de útrikking ta net at se de krâns hie of net. Der wiene twa partoeren mei 18 punten en de earsten tsjin wiene op ien earst yn it foardiel fan Trudie en har maat Ytsje. Foar Trudie nei in protte twadde prizen no ris de earste priis. Se is der hartstikke bliid mei.
Mei tank oan Thea, dy't ús dit stikje tastjoerde!

Ús keatsende fierljepper Oane Galama wint Fryske titel!
'In dream dy't útkomt'
Sjoch HJIR foar de bylden en lústerje nei in petear mei Oane
winners_fk_fierljeppen.JPG

Der binne dit seizoen GJIN trenings mear fan Age

Renske en har maten binne outsider op Frouljus PC


renskemakkum.jpg

Mei har maten Imke van der Leest en Anne Monfils is Renske T.v.S takom wike woansdei 19 augustus outsider op 'e Frouljus PC yn Weidum. Yn Makkum pakten se op sneon 18 july in tredde priis (sjoch foto). Ôfrûne sneon waard it partoer knap twadde yn Menaam. De partoeren fan Ilse Tuinenga en Lisette Wagenaar binne favoriten foar it winnen fan de Frouljus PC, mar Renske-en-dy kinne ferrasse! Set oan!



Joost Schaap wint de krâns yn Nylân!


joostema2015.jpg

It kin hast net misse as Joost Schaap is it âldste noch aktive lid fan KF Reahûs-Turns. Mar Joost is noch lang net fersliten. Sterker nog: hy is 'still going strong'. Op 'e Bonnemapartij yn Nylân keatste Joost mei Gerrit Postma en Ids Broersma - twa 'broekjes' - sa't jimme op 'e foto wol sjen kinne. Mei Joost sa wis as de bank wie it partoer te sterk foar alles en iederien. De jongere keatsers moasten belies jaan. Yn 'e A-klasse pakte Folkert van der Werf in moaie twadde priis mei syn maten Tammo Bijlsma en Klaas Kamstra. Folkert wie as foarynse knap op slach! 



Hieke wint de krâns yn Snits

IMG_20150810_WA0000.jpg

By it federaasjekeatsen foar bern yn Snits hat Hieke Bootsma op freed 31 july in moaie krâns wûn. Lokwinske noch Hieke!



Amarins en Doede yn 'e prizen yn It Hearrenfean


IMG_20150727_WA0007.jpg

Amarins Gerbrandy hat ôfrune sneon in knappe twadde priis wûn by it KNKB-keatsen foar welpen famkes yn It Hearrenfean. Amarins keatste mei Marsha Broersma út Stiens. Sjoch HJIR foar mear foto's en de komplet útslach. Ek Doede de Jager keatste himsels yn 'e prizen yn It Hearrenfean. Mei syn maat Merijn Boonstra út Grou wûn hy in moaie tredde priis by it keatsen foar welpen jonges. Sjoch HJIR foar de folsleine útslach en mear foto's.




Frans en Jan stride om Jan Bakker Bokaal
Freerk en Sjors binne outsider
Sjoch HJIR foar de tuskenstân
Ek de kompetysjestân is bywurke, sjoch HJIR

Rein, Frans en Wietske winne Bootsmapartij

bootsmapartij


De Bootsmapartij op it sportfjild yn Turns waard sneon 11 july ferkeatst mei in grutte bal. Dat wie in grut súkses. Der waard fûleindich striden om 'e keatsen en der wie in protte tuskenspul. Der wie trije kear lotte, sadat de keatsers allegear trije kear keatse koenen mei hyltiid oare maten en tsjinstanners. Rein wûn trije kear en pakte de priis by de A-keatsers. Frans die itselde by de B-keatsers. Wietske wûn twa kear, mar hie genôch earsten om de krâns by de C-keatsers te winnen! Welmoed en Attje soargen goed foar de keatsers mei ûnder oaren sop, tosti's en broadsjes hamburger. By keatskantine De Stuit wie it ek nei ôfrin wer tige gesellich. De bern kamen sneon ek yn aksje. Hja begongen 15.00 oere oan harren partij. Sjoch HJIR foar alle foto's.



Doede wint de krâns yn Niawier!

doedejager.jpg

Deis nei it feestkeatsen yn Reahûs tôgen Doede de Jager en Durk Bootsma nei Niawier foar de keatserij foar welpen jonges. Yn ferbân mei de waarmte begong it yn Niawier al om 9.00 oere moarns. De mannen moasten sneon betiid fuort dus! Mar de reis wie net foar neat. Mei syn maat Harmen Zuidema fan Minnertsgea wûn Doede de priis yn 'e A-klasse. Ek Durk keatste by de bêsten mei. Sjoch HJIR foar in ferslach.



Freed 3 july wie it feestkeatsen yn Reahûs!
Dizze keatsers wûnen de krânsen!
Berry naam de krâns fan syn broer Pedro yn ûntfangst!
Sjoch HJIR foar de foto's fan alle priiswinners!

c.jpgb_1.jpga_1.jpg

Dizze keatserkes wûnen de krânsen by de jeugd

d.jpge_1.jpgf.jpg


Sjoch HJIR noch efkes foar in filmke oer it NK

KF Reahûs-Turns twadde op NK pupillen famkes!

0_1.jpg

Anna-Boukje Altenburg, Trudie Hoekstra en Hieke Bootsma ha sneon 27 juny in prachtige twadde priis wûn op it NK foar pupillen famkes yn Wommels. In histoaryske prestaasje! Nea earder stie in partoer fan KF Reahûs-Turns yn 'e finale fan in bûnspartij. Yn 'e finale wie it partoer fan Berltsum mei 5-4 en 6-0 te sterk foar 'ús' famkes. Anna-Boukje, Trudie en Hieke sieten moai yn 'e list. Se wûnen yn 'e earste omloop mei 5-2 en 6-2 fan Reduzum en fersloegen dernei it partoer fan Bitgum: 5-1 en 6-6. Yn 'e heale finale koe it tsjin Jirnsum alle kanten op. KF Reahûs-Turns wie mentaal sterk. De famkes kamen werom fan in 5-2 efterstân. Yn it lêste pakte Jirnsum in 6-0 foarsprong. Opslager Anna-Boukje soarge mei trije sitballen foar 'alles oan 'e hang'. Mei in folle telegraaf pakte efterynse Hieke de lytse keats en wie de finale in feit! Yn 'e einstriid kaam KF Reahûs-Turns noch mei 4-3 foar, mar gie de oerwinning nei Berltsum. Lang om let in geweldiche dei foar ús keatsferiening! Super froulju! Sjoch HJIR foar mear foto's, makke troch in grutske mem.

Dizze bern wûnen de krâns by it feestkeatsen yn Turns
Sjoch HJIR de foto's fan alle priiswinners

1_4.jpg2_4.jpg3_4.jpg

De krânswinners by de senioaren yn Turns

1_5.jpg3_5.jpg2_5.jpg

Skoalbern Reahûs twadde yn Ljouwert!

Ljouwert_24_06.jpg

It wie woansdei 24 juny prachtich keatswaar yn Ljouwert. 14 Partoeren stiene op de list foar it provinsjaal skoallekeatsen. De skoalle fan Reahûs mei de famkes Wietske, Anna-Boukje en Trudie hienen in pear wiken ferlyn al in 2e priis  by it gemeentelike skoallekeatsen helle yn Winsum en mochten hjoed nei Ljouwert om sjen te litten wat se provinsjaal oankinne. Coach Jan Altenburg joech sa no en dan wat taktische oanwizingen mei in positive toan. Der rûgele in twadde priis út, Easterein pakte wer de 1e priis, krekt as yn Winsum. Wol seagen wy as publyk dat de famkes no folle mear tsjinstân beaën. Groetnis fan in mem fan de famkes.

Marijke de Jong wint haadpriis ferlotting Nijlân

WP_20150620_09_31_28_Pro.jpg

Marijke de Jong út Reahûs swaaide begjin dit jier ôf as foarsitter fan ús keatsferiening. Op sneon 6 juny waard se de winner fan de ferlotting by de grutte federaasje- en haadklassepartij yn Nijlân. By MIKEBIKE yn Nijlân mocht se in fyts útsykje! Lokwinske Marijke!




Anna-Boukje en Trudie tredde yn Arum!


site.jpg

Op 'e nij ôfdielingssúkses foar KF Reahûs-Turns. Nei de manlju senioaren en de welpen jonges ha ek de pupillen famkes it poerbêst dien. Yn Arum waarden Anna-Boukje Altneburg en Trudie Hoekstra knap tredde. Best genôch froulju! Marieke Altenburg pakte yn Wergea in twadde priis by de welpen. Ek Doede de Jager waard twadde! Ate Schaap waard earste yn 'e ferliezersronde. By it federaasjekeatsen yn Goaiingea freed wienen der ek prizen foar 'ús' bern. Ûnder oaren Esther (krâns), Durk (krâns), Ate (tredde) en Oane (earste yn 'e ferliezers) krigen in priis útrikt! Super! Sjoch HJIR foar alle foto's!




Nellie Jansen-Rijpma wint bûnspartij foar froalju mei KF Boazum

nellierijpma.jpg

Nellie Jansen-Rijpma hat mei KF Boazum ôfrûne sneon de bûnspartij foar froalju wûn. Nellie keatste mei de suskes Wiljo en Nynke Sijbrandij. Yn 'e finale makken se gehakt fan it favorite partoer fan Frjentsjer: 5-0 en 6-0. KF Boazum waard ferline jier noch tredde en yn 2013 ferlearen se de finale fan it NK. Yn it jier dat KF Boazum 50 jier bestiet - ferline wike waard it jubileum fiert - is it grutte súkses dêr. Noch mar in pear moanne lyn waarden Peter en Nellie heit en mem fan harren soan Hylke, dat der koe in prachtige foto makke wurde! Sjoch HJIR foar mear kiekjes. 




Manlju keatse wer op it Hynstepaad, mei tank oan organisatoaren Joop en Ate!


0.jpg

Moandei 15 juny waard der wer keatst op it Hynstepaad yn Reahûs. Yn 2013 wûnen Sybren en Folkert de priis. Ferline jier wie der net genôch animo, mar dit jier wie it wer safier. Der stienen acht keatsers op 'e list. Wiebe T.v.S. keatste mei Rein Altenburg. Folkert v/d Werf siet by Frans Poelsma. Meindert Bonnema keatste mei Bote Altenburg en Sybren Poelsma siet by Johannes Gerbrandy. Keatse yn 'e steech, mei in grutte bal en sûnder want: der wie wer in protte tuskenspul. Sybren en Johannes wienen net te bekeatsen en wûnen de priis: in earfolle fermelding op dizze site. Sjoch HJIR foar noch wat foto's.



Bern Reahûs-Turns súksesfol by KNKB-partijen!


Koart Keatsnijs pleatst 14 juny 2015   


# Age van der Goot is takom woansdei net yn Reahûs, dat der is foarôfgeand oan it kompetysjekeatsen GJIN trening...

# Renske T.v.S. pakte ferline wike yn Nijlân in tredde pryske yn 'e froulju haadklasse. Op 10 maaie wûn se mei har fêste maten Imke van der Leest en Nicole Hempenius de twadde priis yn Kimswert. Yntusken hat Renske har âlde want yn 'e ferkeap, sjoch mar ris yn it gastenboek (eamelpraat). Keatsers út Turns en Reahûs ha fansels 'earste keap'.

# De neefkes Doede de Jager en Durk Bootsma pakten snein 14 juny mei harren maat Ate Schaap in knappe tredde priis yn Jirnsum. Ferline wike stienen sy tegearre - tsjin elkoar - yn 'e finale fan de keatserij op It Sjûkelân yn Frjentsjer, wêr't se útkamen yn 'e A-klasse fan 'e welpen. Doede wûn it op 'e 'heilige keatsgrûn' krekt fan Durk. In moaie lokaasje om oer in jier as tsien, fyfjtin op 'e fyfde woansdei fan july wer mei- of tsjin elkoar te keatsen, sa tochten wy...Marieke Altenburg wûn by de welpen famkes de earste priis by de ferliezers. Sjoch hjirûnder foar in foto fan Durk, Marieke en Doede op It Sjûkelân.
Amarins Gerbrandy wûn snein 14 juny in tredde priis yn Jirnsum. Ek fan har in foto!
Op 'e tredde foto stiet Anna-Boukje Altenburg, dy't ferline wike in twadde priis wûn yn 'e ferliezersronde by de útnoegingspartij foar famkes pupillen yn Koarnwerd
.

IMG_20150615_WA0000.jpgamarins3e.jpg

IMG_20150610_WA0003.jpg

Ate, Doede en Durk pakke tredde priis yn Jirnsum!

jinsum_1.jpg

Snein 14 juny wie der ôfdielingskeatsen foar welpen yn Jirnsum. Foar KF Reahûs-Turns keatsten Ate Schaap, Doede de Jager en Durk Bootsma. Sy pakten in moaie tredde priis. Spannum wûn en Arum waard twadde. Nei twa winstpartijen ferlearen de jonges út Turns yn 'e heale finale mar krekt mei 5-4 en 6-6. 'Ús' jonges ha wer sjen litten dat KF Reahûs-Turns meitelt yn dizze lytse keatswrâld.



Pleatslike favoriten winne Devopartij!
Sjoch HJIR foar de foto's fan de priiswinners

1_3.jpg 2_3.jpg

3_3.jpg

Snein 14 juny wie de Devopartij yn Reahûs, mei 20 partoeren ferdield oer trije klassen. Bij de froulju (trije partoer) ha Sieta Tessemaker, Dian Dijkstra en Gabriëlle Bouma de krâns wûn. By de mannen wûnen Auke-Geert Ybema, Berry de Jong en Hendrik Galema de spannende finale yn 'e B-klasse (8 partoer) fan Andrys Osinga, Hendrik Brandsma en Igor Kuiper. Yn de A-klasse (9 partoer) wienen de krânsen foar Sytze T.v.S., Bouke en Sybren Poelsma. Sy wûnen it fan Nolke Bergstra, Sibe Wijbrandij en Reindert Oosterbaan. Sjoch HJIR foar mear foto's.



Snein 7 juny wie de Altenburg-Partij yn Reahûs
Dizze bern ha in priis wûn en mochten op 'e foto mei Bote en Mieke
Sjoch HJIR foar de foto's fan alle priiwinners!
alle_prijswinnaars1.jpg

Sneon 6 juny wie der federaasje- en haadklassekeatsen yn Nijlân!


Trudie Hoekstra en Tjerk Andringa pakten in priis en mochten...
Op 'e foto mei PC-kening Daniël Iseger!
Sjoch HJIR foar in wiidweidich fotoferslach en sjoch in protte Reahúster en Turns keatsers en wedstrydliders yn akjse!
De foto's binne makke troch Aaltsje Kroes!

IMG_4632.jpg IMG_4611.jpg


Durk wint de krâns yn 'e A-klasse by it KNKB-keatsen yn Easterein!

durkja.jpg

Snein 31 maaie hat Durk Bootsma mei syn maat Jelle Foppe Drijfhout út Poppenwier it keatsen foar welpen-jonges yn Easterein wûn. Durk keatste foar it earst mei yn 'e A-klasse en pakte fuortendaliks de krâns! Klasse! Sjoch HJIR foar mear foto's en de folsleine útslach!




Amarins wint mei har maat Jesse Greidanus de federaajsepartij yn Mantgum op sneon 30 maaie!

IMG_20150601_WA0001.jpg


Federaasjeprizen foar Ate, Amarins en Durk!

3_2.jpg
Ate Schaap hat ôfrune freed 29 maaie de krâns wûn yn Drylts! Durk Bootsma en Amarins Gerbrandy (1e en 2e) wienen woansdei 27 maaie suksesfol yn Spannum!
2_2.jpg

Sneon 30 maaie wie der nachtkeatsen yn Turns!

Sybren Poelsma, Elske Rypma en Johannes Gerbrandy winne de krâns!

Seakle Altenburg, Ids de Boer en Laas-Simon Bloemhof wurde twadde!


Sjoch HJIR foar mear foto's!

site.jpg


Sjoch HJIR foar foto's en útslaggen fan it keatsen foar 50-plussers!

Genietsje HJIR noch efkes nei fan it NK
De aksje- en sfearfoto's binne fan Jacobus Feenstra

reahusturns5e.jpg

KF Reahûs-Turns wint fan Easterein en pakt 5e priis op NK!

priisnk.jpg

Meindert, Simke en Sybren ha moandei op knappe wize in priis pakt op de bûnspartij foar senioaren yn Frjentsjer. Op it NK wûn KF Reahûs-Turns fan Wjelsryp, Snits (mei alles oan 'e hang) en Easterein. Minnertsgea wie op 'e fjirde list in maatsje te grut. Foar de selektearre keatsers fan Easterein wienen de drúven soer. Meindert, Simke en Sybren keatsten poerbêst en sloechen de buorman mei 5-2 en 6-6 nei hûs. Op 'e KNKB-site Jan Schurer, ien fan de keatsers fan Easterein, oan it WURD. Sjoch HJIR foar de folsleine útslach.Sjoch HJIR foar in stik as wat prachtige foto's fan Jacobus Feenstra.



Joop Bootsma wint KNKB-partij foar 50-plussers yn eigen doarp!
Age van der Goot (2e) en Ate Altenburg (3e) ek yn 'e prizen
Sjoch HJIR foar alle foto's en útslaggen!

1_2.jpg 2_1.jpg

It renovearre sportfjild yn Turns wurdt freed 29 maaie iepene!
Kom ek en doch mei oan 'e BBQ!
Opjaan foar 22 maaie by Hessel de Jong: 0515-569868 of hessel_anke@hotmail.com

feestelijkeopening.jpg

De krânsen yn Reahûs binne foar Sjors, Oane en Marieke

sjorsenmatenja_1.jpg

Snein 17 maaie keatsten de senioaren harren twadde ledepartij. Yn Reahûs wûnen Oane Galama, Marieke Schaap en Sjors Altenburg de priis. Yn 'e finale wie it partoer fan de nije foarsitter Sjors te sterk foar Freerk T.v.S, Anno Bergsma (jaja, hy die wer ris mei) en Jan Altenburg. Mear foto's fan de senioaren fine jimme HJIR.



Tjerk en Sjors en Jan en Eshter winne Rabobankpartij

priiswinners.jpg

Snein 17 maaie stie yn Reahûs de Rabobankpartij op it programma. Yn 'e A-klasse wûnen Tjerk Andringa en Sjors Boschma it fan Arjen Schaap en Haye Hylkema. Ruerd Andringa en Anne Bootsma waarden earste yn 'e ferliezers. Yn 'e B-klasse wie de priis foar Jan Bootsma en Esther Altenburg. Brecht Tamminga en Elbrich de Jager waarden twadde. Sjoch HJIR foar mear foto's.




Dizze keatsers wûnen freed 15 maaie de krâns yn Turns
Jonges/Famkes (ljofts) en Junioaren (rjochts)

a.jpg b.jpg

Dizze keatsers wûnen freed 15 maaie de krâns yn Reahûs!

1_1.jpg  2.jpg
3_1.jpg  4.jpg
Alle priiswinners by de welpen, pupillen (famkes en jonges) en skoaljeugd fine jimme HJIR

Sekrataris KF Reahûs-Turns is pake wurden!

fransenlieke.jpg
'Der stiet noch net iens in foto fan jimme famke Lieke op 'e keatswebsite', sa sei sekretaris Frans fan 'e wike tsjin 'e webmaster. Dat is no oars. Hjirby in foto fan in grutske Frans, dy't sûnt snein 10 maaie pake is. Lytse Lieke en ek har âlders Bouke en Sietske meitsje it goed. Sjoch HJIR foar mear foto's. 



Freed 15 maaie wie de dei dat Sytze en Hieke yn it houliksboatsje stapten
It wie in bjusterbaarlik moaie dei!

b8.jpg

Durk en Amarins yn 'e prizen yn Jorwert!

IMG_20150516_WA0008.jpg
Ôfrûne woansdei 13 maaie wie der bernekeatsen yn Jorwert. Durk en Amarins keatsen harren ek dêr wer yn 'e prizen. Super! Durk pakte de krâns en Amarins waard twadde. 


Hieke wint yn Bitgum, Anna-Boukje twadde!

IMG_20150510_WA0014.jpg
Op snein 10 maaie keatsten de famkes pupillen yn Bitgum. Hieke Bootsma wûn yn 'e B-klasse de krâns! Anna-Boukje waard twadde! Sjoch de foto ljofts! Anna-Boukje pakte by it federaasjekeatsen yn Ysbrechtum ek in twadde priis. Sjoch foto rjochts!
IMG_20150510_WA0015.jpg


Dizze keatsers wûnen sneon 2 maaie in priis yn Itens


itens.jpg

Earder koenen jimme op dizze site al lêze dat Jan Bootsma sneon in twadde priis pakte by it federaasjekeatsen foar bern yn Itens. Mar sa as jimme op dizze foto sjen kinne wienen der mear keatserkes fan ús feriening dy't súksesfol wienen yn Itens. Ate Schaap, Anne Bootsma, Tjerk Andringa, Durk Bootsma en Trudie Hoekstra pakten ek in pryske! Super!



De earste krânsen fan it seizoen binne foar dizze keatsers!
Sjoch HJIR foar foto's en útslaggen fan de BPA-partij


3.jpg
1.jpg 222.jpg

Amarins Gerbrandy wint krâns yn Skingen
Joop Bootsma pakt de priis yn Berltsum
Ek Doede, Ate, Durk en Anna-Boukje yn 'e prizen


IMG_20150503_WA0012.jpg


In moai súkses foar Amarins Gerbrandy yn Skingen. Mei Noa Elzinga út Boalsert wûn sy dêr snein de krâns op 'e KNKB-partij foar welpen-famkes! Super Amarins! De welpen-jongens keatsten yn Baard. Ek dêr wie der súkses KF Reahûs-Turns. Doede de Jager pakte mei Sjouke Beimers út Bitgummole de krâns. Ate Schaap en Jan-Tymen Eisma út Tzum waarden twadde. Sy ferlearen de finale mei 5-4 en 6-0. Durk Bootsma en Sido Harkema út Spannum waarden tredde! Super jonges! Ek Anna-Boukje keatste har by de pupillen famkes yn 'e prizen. Yn Ljouwert waard sy twadde, mei har maat Larissa Smink út Makkum. Joop Bootsma pakte sneon de priis yn Berltsum! Sjoch HJIR foar foto's.


Sybren en Jeske winne pearkekeatsen Burchwert

IMG_20150503_WA0013.jpg


Ús leden Sybren Poelsma en Jeske Bakker keatsten hjoed net yn Turns mar yn Burchwert. Jeske, dy't dêr wennet, woe graach mei Sybren meidwaan oan it pearkekeatsen. Dat slagge poerbêst, sa as jimme op 'e foto sjen kinne. Ferline wike wie der ek al keatserij yn Burchwert en ek doe wûn Sybren de krâns. In moai begjin foar syn keatsjier dus! No mar ôfwachtsje as hy it ek sjen litte kin op 17 maaie, as yn Reahûs de Rabobank-partij op it programma stiet...


Jan Bootsma wint twadde priis yn Itens
& pakt de krâns yn Turns!


IMG_20150502_WA0019.jpg


It keatsseizoen 2015 is goed úteinset foar Jan Bootsma. Op 'e federaasjepartij yn Itens pakte hy mei syn maat Arjen Stremler in knappe twadde priis! Yn Turns wie it snein foar Jan écht raak, doe't hy mei syn maat Jochem Postma de krâns pakte! Lokwinske!


Keatsfamkes KF Reahûs-Turns binne ek súksesfolle follybalsters!


DSCN0251.jpg


De famkes fan Covos cmv1 binne sneon 25 april yn it Oeriselske Hardenberg kampioen wurden fan it noarden fan Nederlân. Op sneon 30 maaie geane se nei it Brabânske Eindhoven ta om te spyljen foar it Nederlânsk kampioenskip. No al hearre de famkes by de bêste acht teams fan ús lan. Covos cmv1 bestiet út Hieke, Anna-Boukje, Trudie, Wietske en Emma. Lokwinske en alfêst in protte súkses tawinske!


De bern ha tongersdei foar it earst wer treent op it fjild!

IMG_20150424_WA0004.jpg De trenings fan de bern binne ôfrûne wike tongersdei 23 april wer begien. De trije treningsgroepen yn Reahûs stean ûnder lieding fan Wietske Metzlar en Renske T.v.S. Mei tank oan Petra Schaap foar it ynstjoeren fan 'e foto's! IMG_20150424_WA0005.jpg

De wedstrijdaginda's steane online!
Klik HJIR foar mear ynfo!


Geertvandervelden.jpg


Yn it programmaboekje fan KF Reahû-Turns stiet in wiidweidich ferhaal oer Geert Vandervelden. Dizze sympatike Belch fertelde op 'e jiergearkomst in nijsskierich ferhaal oer it One Wall Handball. Mear ynformaasje oer de spulrigels fan dizze sport en oare ynformaasje kinne jimme fine fia DIZZE link.



Sjoch foar foto's fan 'e priiswinners fan it sealkeatsen yn Snits yn it FOTO-ALBUM!
Op de site fan Folsgeare stiet in ferslach fan 'e keatserij!
www.kffolsgare.nl


De programmaboekjes binne klear en wurde sa gau as mooglik by de leden besoarge!

Haye Postma en Marieke Altenburg steane as winners fan 'e Jan Bakker Bokaal op 'e foarside!

P4131381.JPG

Hieke en Ate yn 'e krânsen by it sealkeatsen yn Snits!

kranshiekeenate.jpg

Woansdei 1 april wie Geert Vandervelden te gast op 'e jierlikse ledegearkomste. Yn it keatsboekje letter dizze moanne mear hjiroer!

Lit ús keatsen mar gau wer begjinne

It sêfte winterskoft hat plak makke foar de maaitiid. It Fryske keatsen stiet wer op it punt fan begjinnen. Keatsferiening Reahûs-Turns is drok dwaande mei de tariedings op it nije seizoen. Yn Turns is it fjild oer de kop gien. Ek wurdt dêr de leste hân lein oan de oerkapping fan it terras fan keatskantine De Stuit.
Yn Reahûs binne we dwaande mei in nije yndieling fan it keatshokje. Ek wurdt der wurke oan de kondysje fan it fjild. Sa as jimme hjirûnder lêze kinne, organisearje wy fan’t jier wer in begjinners/opfriskursus. Opjaan hjirfoar kin by Marijke de Jong as Sietske Poelsma. De jierlikse ledegearkomste is woansdei 1 april yn Reahûs. Der sil in ynternasjonale gast ferskine om in nijskierich ferhaal te fertellen oer it One Wall Handball (gjin grap!).
Yntusken wurdt der ek wurke oan it jierlikse keatsboekje fan ús feriening. As alles meisit falt it boekje rûn 20 april by de leden op ‘e matte! Nijsberjochten, útslaggen en foto’s fan de partijen yn Turns en Reahús en oer ús keatsers om útens binne ek dit jier wer te finen op dizze site. De webmaster kin fansels net oeral by oanwêzich wêze. Hast wat leuks foar de site? Mail it dan nei boukepoelsma@hotmail.com of stjoer in WhatsApp (06-30869389).
In moai en sportyf keatsjier tawinske!

Opfris / begjinnerskursus KF Reahûs-Turns

Naamloos.png

Wolsto ek wol (wer) ris in baltsje slaan?!
Mar wolst eins net gelyk oan in party of it kompetysjekeatsen meidwaan omdat dat foar dyn gefoel noch krekt in stapke te heech is?

Dan is in opfriskursus / begjinnerskursus krekt wat foar dy. Keatsferiening Reahûs – Turns biedt dit kommend seizoen oan op woansdeitejûns. Hast hjir wol nocht oan? Meld dy dan oan by Marijke de Jong (0515 331 896) as Sietske Poelsma (06-13657984).

We hoopje op in protte animo, sadat we dizze simmer wer folop mei mekoar keatse kinne!



Folkert van der Werf hat in moaie keatswant yn 'e oanbieding
Wa't ynteresse hat kin him melde fia folvdw@hotmail.com
Folkert1.jpgFolkert2.jpg

 
WEBDESIGN DIJKSTRA AUTOMATISERING