Thus
Organisaasje
Wedstrydagenda
Utslaggen
Fotos
Skiednis
Ynformaasje
Stipers
Keatskanon
Archyf 2010
Archyf 2011
Archyf 2012
Archyf 2013
Archyf 2014
Archyf 2015

Archyf 2011

  Op dizze pagina fine jimme alle berjochten en foto's fan 2011!

IT KEATSJIER 2011 SIT DER OP

 Der lizze noch in protte klean, in want en keatsskuonnen yn't hokje yn Reahûs.
Binne jo wat kwyt, nim dan kontakt op mei ien fan de bestjoersleden. Doch dit foar it nije seizoen, oars giet it guod fuort!

Sjoch foar útslaggen kompetysje en Jan Bakker Bokaal

 

De bêrn keatsten wol  de leste ledenpartij yn Reahûs!!!

Dizze keatserkes wûnen in priis
Yn it foto-album steane ek noch wat foto's.

homepage_6.jpg

It fjild wie te wiet foar senioarenkeatsen....

1.JPG2.JPG

 

Reahústers winne pearkekeatsen yn Hartwerd
Meindert_en_Sietske.JPG
Meindert Bonnema en Sietske Merkus ha ôfrûne snein it pearkekeatsen wûn yn Hartwerd. Yn de finale wûnen sy it fan Peter van Dalfsen (Bolsert) en Janneke Terpstra (Wolsum) De pleatselike favorieten út Hartwerd kamen der net oan te pas. Dat wie net frjemd; dy hienen krekt doarpsfeesten hân... Meindert Bonnema hie der lykwols ek efkes flink yn it waar sjoen. Foar Sietske wie it nei de winst op de Joostemapartij har twadde krâns fan it wykein.

 

Winners Joostemapartij: Simke, Geert en Anne en Sietske, Tryntsje en Boukje!
Klik HJIR foar alle foto's.

homepage 1_4.jpghomepage_2_.jpg

Jubileumedysje Joostemapartij tige slagge!
pleatst 5 septimber 2011

De Joostemapartij, dy't by de manlju foar de tritichste kear op it programma stie, is ôfrûne sneon ûnder prachtige omstannigheden ferkeatst. Nei al it reinwetter yn july en augustus wie dit miskien wol de moaiste sneon fan it keatsseizoen. By de manlju stienen 16 partoeren op de list. By de froulju wienen dat der 8. Gjin steande nûmers dus. By de mannen gie de oerwinning nei Simke Altenburg, Geert Couperus en Anne Kramer. Sy wûnen it fan Sjors Altenburg, Age van der Goot en Atser Sybrandy. By de froulju wûnen Sietske Merkus, Tryntsje van der Berg en Boukje Terpstra it yn de finale fan Hester van der Meer, Sieta Tessemaker en Ria Schaap. Klaske Schaap hie sels de prachtige (en swiere) krânsen makke. De prizen - prachtige tegeltsjes - waarden oanbean troch de Keninklike Tichelaar út Makkum. Nei ôfrin wie it sanger Ton dy't noch efkes wat moaie ferskes song. De keatsers en it publyk dronken noch efkes in lekker kâld fleske bier. Besjoch HJIR de foto's.

Dit binne alle priiswinners fan de Joostemapartij!

Joostema_1.jpg

homepage 1_3.jpghomepage 2_2.jpg
Âlders en bêrn keatse tegearre yn Turns
pleatst 30 augustus 2011

Op snein 30 augustus wie de jierlijkse 'Ouder Kindpartij' yn Turns. Der waard keatst yn twa klassen. Der stienen tsien twatallen op de list. Yn de B-klasse stienen 6 partoer op de list. Der waard keatst yn 2 poules. Hieke en Rein Bootsma wûnen twa kear yn de iene poule en Anna Boukje en Gebrich Altenburg dienen dat yn de oare poule. Yn de finale lutsen de Bootsma's oan it langste ein. Yn de A-klasse keatsten de 4 partoeren allegear in kear tsjin elkoar. It waard in spannende keatserij. De partoeren fan Bote en Rein Altenburg en Marieke en Romke Schaap wienen oan elkoar weage. Yn de lêste partij moasten beide partoeren tsjin elkoar. It waard in wiere 'finale' dy't pas mei alles oan 'e hang beslist waard yn it foardiel fan Marieke en Romke Schaap. Sjoch HJIR foar mear foto's.

 

Joostema.jpg

 

Koart keatsnijs                                                                                            pleatst 26 augustus 2011

#  Ôfrûne waansdei wie de PC foar froulju yn Weidum. Fansels die ús haadklasser Renske T.v.S. ek mei. De earste omloop waard noch wûn troch Renske en dy, mar yn de twadde omloop wie it partoer fan Lisette Wagenaar in maatsje te grut. De PC waard hindere troch flink wat wetter. Theo Galama, lid fan keatsferiening Reahus-Turns, rint op't heden staazje by de Leeuwarder Courant. Hy makke in moai filmke oer it reinwetter yn Weidum. Theo, dy't op't stuit yn Ljouwert wennet, bliuwt in echte Reahúster. Hy liet derom twa bekinde gesichten werom komme yn it filmke. Herkenne jim se? Sjoch HJIR.

# UPDATE: De federaasjewedstryd yn Boazum: de jierlijkse Boazumermjittepartij, gie sneon 27 augustus net troch! De reden is dat der in stjeargefal is yn it doarp. Sterkte oan alle neibesteanden!

#  Snein is de ouder-kindpartij yn Turns. Der wurdt keatst yn in A- en B-klasse. It begjint om 11 oere.

De famkes pupillen keatsten 21 augustus yn Turns
Hjirûnder stean de winners. Klik FJIRDER foar mear ynfo!

homepage 1_2.jpghomepage 2_1.jpg

 Súksesfolle keatsdei foar leden KF Reahus-Turns yn Goënga op 20 augustus!
Sytze, Sybren, Jos, Herman en Sietske winne krânsen!
Sjoch binnenkoart HJIR foar mear ynfo

Meindert Bonnema wint Lytse PC
Homepage_Meindert.jpg
De Lytse PC yn Reahus begjint sa stadich oan in begrip yn de keatswrâld te wurden. Inkele jieren liden sloechen Sytze en Wiebe ris in baltsje achter de pleats. Dat wie de deis nei de Freule. Dit waard in tradysje. Noch elts jier slúte mear minsken harren oan by Sytze en Wiebe. Dit jier waard de Lytse PC ferkeatst op freed. Tongersdei wie it min waar en it moat fansels al leuk bliuwe. Meindert Bonnema wûn de klassieker. De 'deade hazze oan in blokjebokaal' wie foar him. Sjoch HJIR.

Krânsen foar Sjoerd & Sietske, Eduard & Sietske en Rein & Petra
pleatst 16 augustus 2011

It wie ôfrûne snein 14 augustus prachtich waar om te pearkekeatsen. Op it wiete keatsfjild yn Reahus leinen 5 perken foar 20 pearkes. Der waard keatst yn trije klassen. It waard in moaie keatsdei. Nei ôfrin soe ús moaie prater Folkert van der Werf sizze dat de keatsers 'poer harren best dienen'. Sa wie it mar krekt. Yn de C-klasse wienen Rein en Petra de besten fan de fjouwer pearkes op de list. Sy wûnen al harren trije partijen. Yn de B-klasse wienen de ferskillen tusken de 6 partoeren lytser. Eduard en Sietske ferlearen in kear yn de poule, gienen dochs nei de finale en wûnen it ek noch. Sy fersloegen Haye en Marijke. Yn de A-klasse (10 partoer) wûnen Sietske en Sjoerd it fan Bouke en Annemieke. Nei ôfrin koe eltsenien noch efkes lekker ite fan al it fleis. Hjirûnder alfêst de foto's fan de winners fan de party. Mear sjen? Klik HJIR.

Sjoerd_en_Sietske.JPGEddie_en_Sietske.JPGRein_en_Petra.JPG

Dizze pearkes wûnen it yn 2010, dit jier wie it oars!

pearkekeatsen_2010_029.JPG                              pearkekeatsen_2010_022.JPG                                pearkekeatsen_2010_020.JPG

Koart keatsnijs                                                                                            pleatst 8 augustus 2011

#  Sytze T.v.S., Folkert van der Werf en Nolke Bergstra hawwe sneon yn Nylân de jierlijkse Bonnema-partij wûn. It wie alwer de achtste (!) krâns foar Sytze, dy't in poerbest keatsjier hat! Foar Folkert wie it de tredde krâns yn 2011. Al dy trije kearen wie hy maat mei, jawol, Sytze... Benyd tsjin wa sy it yn de finale opnimme moasten en hokker lytse pryskes Jildert, Joost en Oane pakten? Klik HJIR!

#  In stik as wat keatsers út Reahus en Turns die snein mei yn Burgwerd oan de earste Keet-partij. Der stienen leafst 29 partoeren op de list. Der waard keatst yn in A- en in B-klasse. Meindert Bonnema pakte in krâns. Hy wûn mei syn maten Nico Dijkstra en Stefan van der Weg. Binnenkoart sil op DIZZE side wol mear ynfo en foto's folgje.

 

Tsien jier liden die Simke foar it earst mei op It Sjûkelân              pleatst 1 augustus 2011
Simke_Altenburg.jpg

Wer bliuwt de tiid? Tsien jier liden die Simke Altenburg, dy't doe noch yn Reahûs wenne, foar it earst mei oan de PC. Mei syn maten Herman Vijlbrief en Bauke van der Graaf helle hy de twadde omloop. Sy krigen doe de saneamde 'stimuleringsprijs'. Op dizze site kinne jimme sjen dat Simke ek yn 2002 en 2006 op de list stie en ek doe de twadde omloop helle. Sa as jimme witte keatst Simke no noch mar sporadysk. Hy hat twa lytse dochters en moat faaks op sneon wurkje. Ek hat hy oare hobby's krigen (sjoch foto). Dochs kin Simke noch altyd wol in baltsje reitsje, freegje dat mar oan dy haadklassers út St. Jabik...

Sjoerd-Teake, Meindert en Bouke winne fan Gerard, Sjors en Tsjipke yn Itens
pleatst 31 july 2011

Op sneon 30 july wie der in federaasjeparty foar de manlju yn Itens. Der waard keatst yn twa klassen (A en B). De opjefte foel wat tsjin. De B-klassers (5 partoer) moasten fjouwer kear oan de bak. De A-klassers (4 partoer) keatsten trije kear. It partoer fan Sjoerd-Teake Kooistra (Hartwerd), Meindert Bonnema en Bouke Poelsma wûn de earste twa partijen yn de A-klasse. Itselde dienen Gerard Witteveen (Itens), Sjors Altenburg en Tsjipke Okkema (Wommels). Sy keatsten in spannende 'finale', dy't úteinlik mei 5-5 en 6-4 wûn waard troch Sjoerd-Teake, Meindert en Bouke. It wie al in dûbeltsje op syn kant. Sy stienen nammentlik mei 5-3 en 6-2 efter. Sjoch hjir foar mear foto's en tekst.

itens_homepage_1.jpgitens_homepage_2.jpg  

Krijt dizze tillegraaf in fêst plak op it keatsfjild yn Reahus?

homepage_5.jpg
Dan wol yn in hoeke graag!



Freed 22 july wie der feestkeatsen yn Reahûs!
Besjoch HJIR alle foto's yn it foto-album!

HJIR steane noch folle mear foto's fan de merke en it keatsen!

It aai fan de dei wie foar Folkert!

folkert_wint_aai_fan_de_dei.jpg

Dizze bêrn wûnen foariche wike in priis by it feestkeatsen yn Turns!

 
Bern_Turns.jpg

Wa wint freed Oane's AAI fan de dei?
ei_1.jpg

    Nieske wint krâns op frije formaasjewedstriid yn Wjelsryp              
 pleatst 18 july 2011      
Nieske_wint_wer.jpg
Nieske wûn freed noch it feestkeatsen yn Turns mei har maten Christian Visser en Jehannes Gerbrandy. In dei letter wie it foar Nieske alwer raak! Yn Wjelsryp pakte sy mei har frije formaasjematen Jeanette Jansma en Anne Nieke Bergsma de krâns. Dat wie fansels best genôch. Mem Thea Hoekstra wie der by en makke dit stikje.

Freed wie der feestkeatsen yn Turns!
Klik hjir foar alle foto's!
UPDATE: No ek mei byskriften. Mei mooglik makke troch Nico Bootsma

homepage_4.jpg

Kompetysjestannen fan de senioaren en bêrn binne bywurke!
Klik HJIR

Ruerd Andringa al seker fan de Jan Bakker Bokaal by de bêrn!
By de senioaren meitsje Atty, Adrie en Sybren noch kâns
Sjoch hjir foar de tuskenstân!


Ruerd Andringa_1.jpg

 

Koart keatsnijs                                                                                            pleatst 11 july 2011

#  Sytze T.v.S., Sjors Altenburg en Wiebe T.v.S. hawwe sneon de SudWest-Fryslân Partij wûn! Dat wie fansels best genôch. Se meie no te squashen yn De Stolp, wer't sy grif ek in hapke iten krije. Sytze mei ek noch te kanovaren yn Wolsum. Hoe dat sit, kinne jimme hjir sjen. Wol efkes scrolle!

#  Peter Jansen hat wjukken krigen, sa liket it wol. Nei syn keningskap op de Altenburg-partij wûn hy juster de Horeca-partij yn Wiuwert mei syn maten Kees Merkus en Johan Jilverda! Hy stiet noch wol  lêste yn de kompetysjestân!

#  Renske wûn juster mei har partoer in omloop op de haadklasse. Yn de heale finale koenen sy it net oprêde. De striid om it tredde plakje gie ek ferlen. Sjoch hjir foar mear ynformaasje.

#  Moarn mear ynfo oer de kompetysjestân en de Jan Bakker Bokaal...

De ballon fan Ate Schaap is fûn yn Emmeloord!

Foariche wike snein, by de 30e Altenburg-partij, ha de jeugdleden fan KF Reahus-Turns ballonnen oplitten. Simke Altenburg hat in moai kaartsje makke yn Google Maps, werop te sjen is wer de ballonnen fûn binne. De ballonnen fan Steffi, Iris, Dirk, Doede, Arjen en Ate binne werom fûn. Wolle jimme witte wêr? Klik dan hjir!
It is trouwens noch lang net seker dat Ate de ballonnenwedstryd no al wûn hat. Pas op de slotmidje wurde de prizen utrikke. Der kinne dus noch wol wat meldings binnenkomme. En wa wit binne der noch ballonnen ûnderweis....



Emmeloord.jpg

 

Sietske (no noch Joustra) giet freed 8 july trouwen mei Seakle Altenburg!
In moaie dei tawinske!

Sietske_trouwen.jpg

 

Oane Galama gie yn Akkrum rap omheech!
Hy is de nije Frysk kampioen mestklimmen!

Oane_Galama.jpg

Koart keatsnijs                                                                                            pleatst 6 july 2011

#  Ôfrûne snein wie de Altenburg-partij yn Reahûs. Neist it wiidweidiche ferslach op dizze site hat ek de Knkb-site oandacht skonken oan dizze partij.

#  Yn Skearnegoutum wie ôfrûne sneon in federaasjepartij foar senioaren. Joost Schaap, Sietske Merkus en Karst Tamminga pakten mei harren partoeren in twadde priis.

#  Oane Galama is sneon yn Akkrum Frysk Kampioen mestklimmen wurden! Dat is fansels in knappe prestaasje wer't wy graach efkes oandacht oan besteedsje! Galama wie krekt in hûndertste fan in sekonde sneller boppe as de nûmer twa. Op de site fan de Ljouwerter Krante stiet in filmke oer it FK mestklimmen.

#  De nije tuskenstân fan it kompetysjekeatsen stiet online! Jos van der Werf en Jeske Bakker ha Sybren Poelsma en Sietske Joustra ynhelle en binne de nije lieders yn it klassemint. Ek wol aardich om te fermelden is dat Peter Jansen - dy't snein noch kening wie op de Altenburg-partij - by de manlju op it lêste plakje stiet mei mar 3 earsten foar! Kom op Peter, lit dy wer ris sjen op waansdei en doch de reade lantaarn oer!

Chris Wassenaar mystery guest op 30e Altenburg-partij!
Besjoch HJIR de prachtige foto's dy't Theo Galama makke hat!

Homepage_2.jpg

Op snein 3 july wie de tritichste Altenburg-partij. It waard in prachtige keatsdei dy moarns begie mei de komst fan in ‘mystery guest’. It wie Chris Wassenaar, de reus út Minnertsgea, dy op it fjild oanfytsen kaam. It wie hartstikke leuk om te sjen hoe’t hy mei de bern omgie, petten en hântekeningen útdielde, it startsein joech foar it oplitten fan de balonnen en letter ek noch in warming-up mei de bêrn die. Letter gie hy ek noch efkes in stikje te draven mei wat senioareleden en fansels hat hy ek noch in pear ballen opslein. Wat in kûgels komme der fan syn hân, alderraarst! Dernei waard der fansels ek noch keatst troch de leden fan KF Reahus-Turns. Benyd hokker keatsers de prizen pakten? Sjoch HJIR yn it foto-album en lês ek de ûnderskriften.

Altenburg_Homepage_1_.jpgAltenburg_Homepage_2.jpg

Dit binne de bêrn fan treningsgroep 3                                 pleatst 30 juny 2011
homepage_3.jpg

De Ôfrûne wiken ha wy op dizze site foto's sjen litten fan de treningen fan de bêrn yn Reahus. Sy krije op tiisdeis trenen fan Joop Bootsma. De foto's fan groep 3 steane alwer in skofke yn it foto-album, mar hiene noch net op de foarside stien. No is it safier: HJIR steane de foto's fan treningsgroep 3.

Klik HJIR nochris foar de foto's fan groep 1

Klik HJIR nochris foar de foto's fan groep 2


Renske wint krâns mei Fenna Zeinstra en Afke Kuipers yn Damwâld!

Renske_krans_uitnodiging.jpg

Definitief_Altenburg_Partij.jpg

Âld PC-kening Pieter van Tuinen by NK froulju

            pleatst 23 juny 2011                    

De webmaster fan dizze site wie ôfrûne sneon net allinnich yn Amsterdam om Renske, Sietske en Sietske oan te moedigjen. As freelance-stikjeskriuwer wie hy ek op paad foar it Friesch Dagblad. Ôfrûne mandei stienen dizze stikjes yn de krante. Om't fansels net elkenien in abonnement hat op dizze krante is it miskien noch wol aardich om it wedstrydferslach, it reaksjeferslach en it stikje oer âld PC-kening Pieter van Tuinen noch ris op dizze site werom te lêzen. Sjoch hjir foar dizze ferhalen.

Pieter_van_Tuinen_.jpg

 
Dit partoer keatst foarearst net!

Ôfrûne snein wienen sy noch sa stellig. Sy soenen sneon mei harren trijen keatse yn Drylts. Rein en Klaas Bootsma en Meindert Bonnema. Yn it EAMELPRAAT op dizze site lêze wy dat dit net trochgiet. Sonde. Wy seachen it nammentlik al hielendal sitten en makken ôfrûne snein al in moaie foto fan dit supertrio. No is it noch mar ôfwachtsje of dizze mannen ea mei harren trijen keatsen gean...
Wy wachtsje ôf.

Dit_partoer_keatst_foarearst_net.jpg

 Nije raazje Planking giet net oan Renske foarby!

Planking_Renske.jpg
(folgende kear noch de hannen lâns it lichem dan is't hielendal klear)

Twa fan de tsien krânsen op de Bootsma-partij wienen foar Hieke en Ruerd!                    pleatst 20 juny 2011      
homepage_bootsma_partij.jpg

It waaide hurd en it wie wiet op de Bootsma-partij juster. Dat wie tige spitich. Mar it keatsen gie troch. Wy binne net fan sûker! Gelokkich waard it waar letter op de dei noch wat better. De tsien krânsen gienen juster nei Hieke Bootsma en Ruerd Andringa (Bêrn B-klasse), Jesse en Lydia de Jong (Bêrn A-klasse), Adrie Bootsma, Jeske Bakker en Atty Rienstra (Senioaren B-klasse) en Sytze T.v.S, Sybren Poelsma en Christian Visser (Senioaren A-klasse). De foto's steane hjir en binne oanfuld mei teksten!

IE wint NK Froulju yn Amsterdam, Reahûs-Turns hat pech!                 
pleatst 18 juny 2011

IE hat hjoed it NK foar froulju wûn. Op it prachtige sportkomplex fan it Ronald McDonald Centre yn Amsterdam-Noord wienen sy yn de finale te sterk foar Grou. Reahûs-Turns hie pech. Autopech wol te ferstean. Op de hinnereis krigen sy tusken Hoorn en Purmerend in lekke bân. Gelokkich wist partoercoach Sjoerd Boonstra mei wat hulp de reservebân ûnder de auto te krijen. Krekt nei tsienen koenen Renske, Sietske en Sietske dertroch gelokkich 'gewoan' keatse tsjin Amsterdam. Foar foto's fan it NK kinne jimme hjir sjen. Sjoch ek nei de byskriften under de foto's!!!!

homepage 1_1.jpgb.JPG

Dit is 'm dan: Jelke, soan fan Jildert en Anita!

Jildert_Anita_en_Jelke.jpg

Treningsgroep 1 yn aksje                                                                          pleatst 14 juny 2011
homepage_1.jpg

Op tiisdeis krije de bêrn trenen fan Joop Bootsma yn Reahus. Besjoch hjir de foto's fan treningsgroep 1.

Koart keatsnijs                                                                                            pleatst 13 juny 2011

#  Sjors, Freerk en Bouke ha hjoed op it NK-senioaren yn de twadde omloop ferlen fan Peins. Yn de earste omloop wûn it partoer fan KF Reahus-Turns noch yn in spannende partij fan Harns mei 5-5 en 6-6. Meinammen Freerk keaste poerbest dizze partij. Oan it potsje tsjin Peins meitsje wy gjin wurden mear smoarch...

#  Sybren Poelsma, Oane Galama en Henk-Jan Eekma ha sneon de krâns wûn yn Goënga. Ek Cilia Witteveen (mei Froukje Dijkstra en Romine Jelsma) pakte de priis. Der wie ek in priis foar Petra Schaap. Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer dizze partij.

#  Wiebe T.v.S. hat ek in krâns wûn. Hy is hjir tige wiis mei. Klik hjir foar mear ynformaasje.

#  Renske, Sietske en Sietske sille oankommende sneon nei Amsterdam ta te keatsen. Der is dan it NK foar froulju. Der steane 22 partoeren op de list. UPDATE: Reahus-Turns moat it opnimme tsjin it partoer fan Amsterdam.

 

Ate Altenburg, Age van der Goot en Jan Buitenga winne by de 50-plussers yn Reahus!

Klik hjir foar alle foto's mei byskriften!

homepage.jpg

Christian en Adrie winne pearkekeatsen yn Easterwierrum

"Bij dizze de foto. Moast der dan ek even bij sizze dat it de Do Komst Pearke keatsen partij wie. En dat Do Komst sneon 2 juli wer is yn Easterwierrum. Stikje reclame, no?!"

Pearkekeatsen_Easterwierrum.jpg

                                       'Kransje hangen' foar Meindert Bonnema

Meindert Bonnema hat snein yn Hartwerd de krâns wûn. Nei moannen blessureleed (lêst fan de rêg) wie dit fansels in heugelik momint! Op dizze foto is te sjen hoe't hy foar it earst in eigen krâns oan syn nije wenning ophinget. Der hongen al twa krânsen, mar die wiene wûn troch Annemieke.
Dit is fansels folle better dan blesseare lâns de line sitte en dan in krâns krije om't der ien oerbliuwn is... Best genôch Meindert!

meindert_krans_.jpg

Koart keatsnijs                                                                                            pleatst 7 juny 2011

#  Der is lotte foar it NK senioaren. Der stean 68 partoeren op de list. Reahûs-Turns moat it opnimme tsjin Harns. Sjoch hjir foar de komplete lotting.

#  Snein is der keatsen yn Reahûs foar 50-plussers. Der dogge 51 keatsers mei. Ate, Joop, Frans, Joost en Age steane op de list. Moarn wurdt der lotte.

#  It hat ekfse duorre, mar de tuskenstân fan it kompetysjekeatsen is wer bywurke. Sjoch hjir dat Sybren syn grutte broer hast byhelle hat en dat by de froulju Sietske Joustra har foarsrpong lytster wurden seach.

#  Ôfrûne sneon wie der federaasjekeatsen yn Skearnegoutum. Foar safier as wy witte rekken der gjin keatsers fan Reahûs-Turns yn de krânsen. Karst Tamminga wûn mei syn partoer de tredde priis en Sietske Merkus pakte in twadde priis mei har maten. Bouke Poelsma waard bylotte en pakte ek in twadde priis. Wienen der by de jeugd ek noch suksessen? Lit it witte.

Wannear keatst dizze jongen wer?

Ôfrûne sneon wie der keatsen yn Skearnegoutum. Tjitte Altenburg wie ek oanwêzich. Hy dronk in gleske bier, lake wat en seach nei it haadklassekeatsen. Soe dizze âld-winner fan de Freule it spultsje ek wat misse? Wy hoopje him dit jier seker noch ris op it keatsfjild te sjen. Hy kin grif noch wol in baltsje opslaan! Miskien mei de Turnserfeesten?

Tjitte.jpg

Koart keatsnijs                                                                                            pleatst 2 juny 2011

#  Sytze, Sjors en Bouke ha hjoed keatst yn Tzummarum. Sy koenen it noch winne fan St. Jabik 2 en Minnertsgea 2 (5-4 en 5-1), mar wienen kansleas tsjin Wytmarsum (0-5).

#  Renske, Sietske Merkus en Sietske Poelsma keatsten hjoed yn Dronryp. Sy ferlearen yn de earste omloop fan St. Anne mei 5-5 en 6-6. Dat wie tige spitich. St. Anne wie ek noch de lettere winner yn Dronryp... Knap dat KF Reahus-Turns it dit partoer sa dreech meitsje koe. Wa wit wat us froulju noch mear yn hun mars ha!?

#  Last but not least: Bestjoerslid Jildert van der Werf en syn freondinne Anita binne de grutske âlders wurden fan Jelke! Gefeliciteerd en in protte lok en sûnens tawinske mei dit lytse mantsje!

Ek Nieske wint Knkb-krâns

                        pleatst 1 juni 2011                    

Neist Sytze, Joost en Renske is ek Nieske Hoekstra als suksesfol west op in Knkb-partij! Op 15 maaie wûn sy mei Anke Zwart fan Berltsum in krâns yn Raerd. It stikje fan Jan Hoekstra oer dit sukses wie efkes yn in mailbox hingjen bliuwn. Jim kinne it hjir dochs noch lêze! Nieske hat wat moais dien mei har krâns!

Nieske_wint_Krans.JPG

 

Poelsma's winne famyljekeatsen yn Hartwerd                             pleatst 31 maaie 2011
Sybren_Annemieke_en_Bouke.jpg

Ôfrune snein wie der famyljekeatsen yn Hartwerd. Annemieke en Sybren binne lid fan de pleatselike keatsferiening 'Spui yn 'e want', wer't Meindert foarsitter fan is. Sy hienen Bouke frege om mei harren mei te dwaan oan it famyljekeatsen. It Poelsma-trio hoechde yn fjouwer omlopen mar fjouwer buordsjes ôf te stean. Yn de finale waard it 5-1 en 6-2 tsjin de famylje Sieperda fan Burchwerd. Sa waarden de Poelsma's de opfolgers fan de Kooistra's, dy't foarich jier wûnen. Der stienen 15 partoeren op de list.

Krânsen foar Jeanette, Erica, Louise en Cyntha  pleatst 30 maaie 2011

Op it sportfjild yn Turns wie juster in Knkb-partij foar skoalfamkes. Der stienen 32 famkes op de list. Sy keatsten yn twa klassen. Yn de A-klasse stienen 5 partoer op de list en yn de B-klasse dienen alve twatallen mei. Dat wie fansels net echt in logyske ferdieling....Yn de B-klasse wûnen Jeanette Jansma fan Dronryp en Erica Kramer fan Arum yn de finale fan Rixt Keuning fan Britswerd en Rixt Sinnema fan Wergea. Tredde waarden Mintje Meinema fan Dronryp en Lisanne Folkertsma fan Folsgeare. Yn de A-klasse gienen de krânsen nei Louise Krol fan Ee en Cyntha Bouma fan Buitenpost. Sy hâlden Hendrieke v/d Schoot fan Sexbierum en Corina de Vries fan Bitgum efter harren. Letter hjoed mear foto's yn it foto-album. UPDATE: Sjoch hjir foar de foto's. Sjoch hjir foar de útslach.

homepage 1_2.jpghomepage 2_2.jpg  

 

Arjen Schaap wint syn earste krâns by it federjaasjekeatsen yn Reahûs!
Sjoch hjir foar alle foto's mei byskriften!

homepage_arjen_schaap.jpg

Moaie keatserij yn Reahûs!


homepage_krans_1.jpgHomepage_krans_2.jpg

Homepage_krans_3.jpghomepage_krans_4.jpg    

Freedtemidje wie der in federaasjepartij foar de bêrn yn Reahûs. Der waard keatst yn fjouwer klassen: welpen, pupillen, skoaljeugd en jonges/famkes. Der dienen leafst 65 bêrn mei. Bij de welpen wûnen Hendrik van der Eems en Arjen Schaap de krâns. Bij de pupillen wienen Jeska Terpstra en Redmer Huitema de bêsten. Jouke Dotinga en Afke Rijpma wûnen by de skoaljeugd en Lars Breeuwsma en Tina Greidanus wûnen by de jonges/famkes. Klik hjir foar alle foto's. No ek mei byskriften!!!

 

Koart keatsnijs                                                                                            pleatst 26 maaie 2011

# Der is waansdei wer keatst om de kompetysje yn Turns. Mei fiif folle perken wie de opkomst wer goed te neamen. Dit binne de útslaggen: Karst, Bouke en Gerrit-Evert (Taco) tsjin Wiebe, Freerk en Sybren: 5-1 en 6-2. Age, Ate en Keje tsjin Klaas Bootsma, Christian en Berry: 3-5 en 6-6. Jos en Klaas Brandsma tsjin Herman en Peter: 5-3 en 6-4. Sietske Merkus, Sietske Joustra en Atty tsjin Annemieke Adrie en Marieke Wispelwey: 5-4 en 6-2. Cilia, Joke en Tjesje tsjin Jeske, Marieke T.v.S. en Wietske: 1-5 en 2-6. Dizze útslaggen resultearje yn de folgende tuskenstân.

# Snein is der in KNKB-partij foar skoalfamkes yn Turns. Der is al lotte. Der steane 5 partoeren op de list yn de A-klasse en 11 partoeren by de B-Klasse. Pleatselike favoryt is fansels Nieske Hoekstra út Reahûs. It begjint snein om 10 oere.

 

Marieke Schaap twadde yn Easterein  pleatst 25 maaie 2011

Marieke Schaap wint prijs_1.jpg

Marieke Schaap keatste ôfrûne wykein yn Easterein. Se pakte dêr in twadde priis. Sy hat sels in moai stikje skriuwn oer dizze federaasjepartij. Dat stikje kinne jimme hjir lêze.


 

           Joost wint krâns yn Makkum! Renske twadde op de haadklasse!    

Joost_Schaap.jpg
        

Koart keatsnijs                                                                                            pleatst 23 maaie 2011

#  It wie in suksesfol wykein foar KF Reahus-Turns. Net allinnich wûnen trije 'eigen' partoeren de Devo-partij, ek op de KNKB-partijen lieten 'wy' ús mear as goed sjen. Sytze T.v.S. wûn sneon yn Hartwerd, Joost Schaap pakte de krâns yn Makkum en last but not least: Renske en har maten wûnen in twadde priis op de haadklasse! Best genoch!

#  De TC is kompleet. Neist Joop Bootsma sil ek Jurian Rijpma besjen hokker keatsers yn oanmerking komme om foar KF Reahus-Turns te keatsen. Wy binne tige bliid dat dizze mannen dat oppakke wolle!

        

DEVO-partij: yn alle trije klassen winners fan eigen feriening!
pleatst 22 maaie 2011

homepage 2_1.jpg

     homepage 1_1.jpghomepage 3_1.jpg

De DEVO-partij yn Reahûs hat trije moaie winnende partoeren opsmiten! Yn alle trije klassen wienen Reahuster partoeren de beste! Sietske Poelsma, Annemieke Poelsma en Sietske Merkus wûnen by de froulju (fan Adrie Bootsma, Susan Altenburg en Helga Gebrandy), Ate Altenburg, Kees Galema en Titus Andringa wûnen yn de B-klasse en yn de A-klasse wienen Bouke Poelsma, Sytze Terwisscha van Scheltinga en Folkert van der Werf yn de finale te sterk foar Sybrand van der Weij, Freerk T.v.S. en Peter van Dalfsen. Sjoch hjir foar foto's mei tekst.

Sytze T.v.S. wint krâns yn Hartwerd!
pleatst 21 maaie 2011
Sjoch hjir foar mear ynfo

1.jpg

Koart keatsnijs                                                                                            pleatst 19 maaie 2011

#   Der is juster wer keatst om de kompetysje yn Reahûs. Der wienen leafst 29 keatsers! Besjoch hjir de nije tuskenstân fan it kompetysjekeatsen by de senioaren.

#  Der binne alwer twa ledenpartijen west. Dat betstjut dat der ek in tuskenstân is foar de Jan Bakker-bokaal. Folkert van der Werf hat hjir in moai excel-oericht fan makke. 

#  Oankommende snein is de DEVO-partij yn Reahûs. Partoeren kinne harren noch oant freedtejûn 19.00 oere opjaan. Jim kinne hjir sjen hokker partoeren der al op de list stean.

 

Lydia, Dennis, Pieter en Anna-Boukje winne by de bêrn  pleatst 17 maaie 2011
homepage_3.jpg

Ek de bêrn stienen ôfrûne snein op it fjild. Yn de B-klasse wûnen Femke Agricola en Ruerd Andringa de twadde priis. Pieter de Jong en Anna-Boukje Altenburg wienen yn dizze klasse de besten! Yn de A-klasse wûnen Dennis en Lydia de Jong de krâns. Jorrit Hofstra en Tiemen Spoelstra waarden twadde. Hester Agricola en Annemieke Poelsma ha inkele moaie foto's makke. Jimme kinne se hjir besjen.


Rabobank-partij wûn troch Folkert, Age en Sytze en Sietske en Adrie 
pleatst 16 maaie 2011
It keatsen yn Reahûs is juster wûn troch Sytze T.v.S., Folkert van der Werf en Age van der Goot. Sy wienen it beste partoer yn de A-poule. Freerk T.v.S., Sybren Poelsma en Jos van der Werf waarden twadde. By de B's wie de krâns foar it twatal Sietske Merkus en Adrie Bootsma. Sy wûnen de finale fan Joost Schaap, Ruerd Bakker en Atty Rienstra. Klik hjir foar in fotoferslach fan de Rabobank-partij.
homepage_1.jpg homepage_2.jpg
 

 

Koart keatsnijs                                                                                            pleatst 12 maaie 2011

#   Der is justerjûn wer keatst foar de kompetysje yn Turns. Der stienen ek in pear nije gesichten op it fjild. Keje de Vries die mei en ek stiper Klaas Bootsma stie op it fjild. Tegearre fersloegen sy it trio Age van der Goot, Klaas Brandsma (dy't ek foar it earst meidie) en Peter van der Werf. Besjoch hjir de nije tuskenstân fan it kompetysjekeatsen by de senioaren.

#   Jeugdtrener Joop Bootsma mei sels ek noch graach in baltsje slaan. Ôfrûne wykein pakte hy by de fiiftichplussers yn Berltsum in knappe tredde priis.

 

Stiper Klaas Bootsma: suksesfolle rentree op it keatsfjild!

Klaas_Bootsma.jpg


UPDATE: Anno die dochs net mei oan de Rabobank-Partij. Syn heit wie jierdei en hy hie slotdei fan vv Blauhus...


Anno.jpg

Bêrn keatse omraak op it Turnser sportfjild                        pleatst 8 maaie 2011

De BPA-partij foar bêrn is wûn troch Jorrit Hofstra en Annie Leijenaar (A-klasse) en Marrit Hylkema en Ruerd Andringa (B-klasse). Yn de A-klasse wie de twadde priis foar Jesse de Jong en Reitse Spoelstra. Yn de B-klasse pakten Arjan Schaap en Gerben Gerbrandy de twadde priis. Foar aksje-, sfear- en portretfoto's kinne jimme hjir terjochte!

krans_a_.jpgkrans b_1.jpg

 

 

Christian, Hieke, Klaas, Oane, Freerk en Sybrand pakke de krâns   pleatst 8 maaie 2011

De BPA-partij yn Turns is wûn troch Christian Visser, Hieke Rienstra en Klaas de Boer yn de B-klasse en Freerk T.v.S., Sybrand van der Weij en Oane Galama yn de A-klasse.
Yn de finale fan de B-klasse wie it partoer fan Christian, Hieke en Klaas mei 5-2 te sterk foar it partoer fan Romke Schaap, Adrie Bootsma en Atty Rienstra. Yn de A-klasse wie de twadde priis foar Sjors Altenburg, Sybren Poelsma en Jos van der Werf.

Sjoch hjir foar it fotoferslach.

krans_b.jpgkrans_a.jpg  

 

Dian Dijkstra en Renske Blanksma winne yn Turns                       pleatst 2 maaie  2011      
245_x_165_homepage_welpen_meisjes.jpg

Juster wie de earste keatsparty foar de K.F. Reahûs-Turns fan 2011. It wiene de welpen famkes fan de KNKB dy’t dizze eare hienen. Der stienen 11 twatallen op de list foar dizze troch-inoar-lotters wedstriid. Spitich genôch wie der gjin dielname fanút ús eigen feriening, mar dêr wurd hurd oan wurke…
Dian Dijkstra en Renske Blanksma wûnen de wedstryd yn Turns. Klik hjir foar it wedstrydferslach. Klik hjir foar mear foto's.

  

Koart keatsnijs                                                                                            pleatst 28 april  2011

#   Oankommende snein is der keatsen yn Turns. De famkes (welpen) sille harren keunsten fertoane op it sportfjild. It is de earste wedstryd yn 2011. Der is al lotte. Der doche 22 famkes mei. Dit binne de partoerkes.

#  Renske hat op treningskamp west yn it bûtenlân. Mei har maten Joukje en Margriet wie sy yn Italië. It hat in moaie wike west foar Renske en dy. Jimme kinne hjir wat foto's besjen.

#  Karst Tamminga sil Renske, Joukje en Margriet begeliede op wedstryddagen. Hy sil yn elts gefal fjouwer kear mei de froulje op paad. In moaie útdaging foar Karst. Wy winskje him in protte sukses! Hopelik hat hy by de partijen fan Renske en dy in better sicht op de saken dan as op dizze foto!
# Renske en dy geane snein ek los. Sy sille nei Huizum te keatsen. Dit is de lotting.
# Op 27 april wie de twadde kompetysjejûn. Hoe is der keatst? Besjoch it hjir!

 

Ek de bêrn binne wer yn trening

                        pleatst 28 april  2011                       

Ek de bêrn ha foar it earst wer treent. Ôfrûne tiisdei stienen sy op it fjild yn Reahûs, wer't Joop Bootsma de trening fersoarge! Yn it foto-album sjogge jimme foto's fan de bêrn fan treningsgroep 2. De kommende wiken hoopje wy ek foto's fan de oare treningsgroepen meitsje te kinnen.
Klik
hjir foar de foto's.

HOMEPAGE_JORRIT.jpg

Prachtich waar op earste trenings- en kompetysjejûn yn Turns!        pleatst 21 april  2011
homepage.jpg Op it sportfjild yn Turns is foar it earst wer treent en kompetysjekeatst. De omstannichheden wienen perfekt. It wie prachtich waar. Sjoch hjir foar de foto's mei byskriften.
Klik hjir foar de tuskenstân yn de kompetysje.
 

Koart keatsnijs                                                                                            pleatst 19 april  2011

#   Op waansdei 20 april is de earste kompetysjejûn. Op it sportfjild yn Turns giet it om 19.30 oere los. Derfoar, om 19.00 oere, begjint ek Age van der Goot wer mei syn treningsgroepke. Sjoch yn it nije keatsboekje foar mear ynformaasje hjiroer. It wurdt prachtig waar, dus kom allegear! Foto's fan dizze keatsjûn steane letter dizze wike op dizze side!

#  Nei Judy Bergsma is ek Jurian Rijpma by it foljebaljen blesseare rakke. Hy hat syn achillespees ôfskuort, sa ha wy begrepen. Wy winskje ek Jurian in protte sterkte en in goede revalidaasje!

#   De programmaboekjes binne drukt en besoarge. As it goed is hat elkenien in eksemplaar yn de bus krigen. Dizze twa knappe mannen steane op de foarside fan it boekje. Sa as jimme hjir sjen kinne, binne der noch al wat foto's makke...
#   Dennis de Jong is op syk nei in gruttere keatsmof. Hat immen noch in keatswant foar him lizzen? Nim dan kontakt op mei famylje De Jong (0515-521907)

Keatsfjild yn Turns de kommende moannen muoiliker te berikken!   pleatst 13 april 2011


De kommende moannen leit de brêge yn Turns der út. Der sil hurd wurke wurde oan it fundemint fan de brêge. Dertroch is it keatsfjild fanôf Skearnegoutum en Ysbrechtum de kommende moannen net mei de auto te berikken. Besikers fan it keatsfjild dy’t mei de auto komme wolle, kinne better in stikje omride oer Tsjalhuzum. It wurk duorret oant en mei 24 juny. Fytsers en fuotgongers kinne noch gewoan oer in tidelike brêge de feart oer
. Yn it foto-album stean in protte foto's mei byskriften hjiroer. Troch op ien fan de foto's te klikken, iepent de foto-player.

brug_in_tirns_is_weg_1.jpg brug_in_tirns_is_weg_2.jpg

Kursus jeugdbegelieding                                                                             pleatst 7 april 2011
Ôfrûne tiisdei 5 april hat de earste fan twa kursusjûnen jeugdbegelieding plakfûn. Siemke Andela út Winsum fertelde oer de basistechnyk en –metodyk fan it keatsen. De kursusjûnen binne bedoeld foar begelieders en âlders dy’t helpe by it kompetysjekeatsen. Op 26 april is de twadde kursusjûn. De kursus begiet om 19.00 oere en fynt plak yn de gymseal yn Reahus. Eltsenien is wolkom! Lês hjir mear oer de earste kursusjûn.
jeugdbegeleiding_1.jpg Jeugdbegeleiding_2.jpg

Dennis de Jong posearret yn shirt fan haadstiper Textielstra  pleatst 3 april 2011
Dennis_de_Jong.jpg De tariedings op wer in nij keatseizoen binne yn folle gang. De ledengearkomst hat west, oan de wedstrydaginda's wurdt de lêste hân lein en dizze wike sil Van der Eems de boekjes drukke. Dennis de Jong, dy’t foarich jier de Jan Bakker Bokaal wûn by de bêrn, posearret yn de nije klean fan haadstiper Textielstra. 
 

 Renske yn de haadklasse!                                                        pleatst 3 april 2011

Renske Terwisscha van Scheltinga mei har dit jier foar it earst echt haadklasser neame. Mei har maten Joukje Kuperus en Margriet Bakker heart sy by de beste fiif partoeren by de froalju. As feriening binne wy der tige grutsk op dat we nei Simke en Judy wer in echte haadklasser yn us midden ha!
Op de side fan it keatsbûn stiet te lêzen dat Renske mei har maten nei Italië sil om te trenen.

Op de side www.kaatsen.nl stie foariche wike in moai ferhaal oer Renske.
It blêd Wis-In makke ein foarich jier een ferhaal oer Renke en har freon Oane Galama. Yn it stik fertelle sy oer harren sporten keatsen en fierljeppen. Jim kinne it stik hjir nochris lêze.
 

                                                            Foto: Henk Bootsma >>>

Renske.jpg

Ledengearkomst                                                                                    pleatst 3 april 2011

Ôfrûne tiisdei, 29 maart wie de jierlijkse ledengearkomst. Yn De Tap yn Reahûs die bliken dat:

-       Freerk Tvs en Jos van der Werf it bestjoer fersterkje sille
&
-       de priizen foar kofje en bier yn 2011 €0,25 omheech geane.

Jim kinne hjir it jierferslach fan 2010 lêze.

 

Webside KF Reahûs-Turns yn 2010 3845 kear besocht!   pleatst 3 april 2011

Yn 2010 is de side fan KF Reahûs-Turns 3845 keer besocht. Yn juni 2010 is de side it measte besocht en it besikersbyld lit in moaie bergparabool sjen oer it seisoen hinne.
Grappig is ek dat it lêste bezoek fan de site yn 2010 wie op âldjiersdei om 30 minuten foar de jierwikseling. De besiker kaam ut de buurt fan Odessa, Oekraïne.
De trouwste besiker yn 2010 wie webmaster Karst Tamminga, ek dat kinne wy neigean.Dat is fansels ek wer te ferklearjen omdat hy alle stikjes en foto's derop setten hat.
Karst Tamminga hat ôfskied naam as webmaster. It bestjoer fan KF Reahûs-Turns hat Karst betanke foar syn ynset. Op de ledengearkosmte kryg hy fan foarsitster Marijke in presintsje! Yn 2011 wurde syn taken oernaam troch Bouke Poelsma. Yn it nije programmaboekje fan de keatsferiening lêze jimme mear oer Karst en de webside.

 

Koart keatsnijs                                                                                            pleatst 3 april  2011
#   Judy Bergsma is by it foljebaljen blesseare rakke oan har knibbel. Sa as it no liket komt sy dit seizoen net yn akjse. Wy winskje Judy in protte sterkte en in goede revalidaasje! Jim kinne hjir mear lêze oer har blessure.

#   Coos Veltman hat nei de ledengearkomst ferteld hoe't hy it keatsen yn Hommerts-Jutryp op de kaart setten hat. De âld-haadklasser en PC-kening moast fanôf it nulpunt begjinne. Binnenkoart kinne jimme yn it nije programmaboekje, dat dizze wike drukt wurde sil - mear lêze oer Coos Veltman en it keatsen yn Hommerts-Jutryp.

#   Noch in wike wachtsje op de nije programmaboekjes.....


 

 

 

        

 

 

 
WEBDESIGN DIJKSTRA AUTOMATISERING